Springe nei ynhâld

Alina Cho

Ut Wikipedy
Alina Cho
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alina Cho
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 jannewaris 1971
berteplak Vancouver (Washington)
etnisiteit Koreaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
nijslêzeresse
medium tillefyzje
wurksum by ABC, CNBC, CNN
jierren aktyf 1994 – no
prizen Emmy Award 1996, 2004
Peabody Award 2004
offisjele webside
Alina Cho op Twitter

Alina Cho (Vancouver (Washington), 1 jannewaris 1971) is in Amerikaansk sjoernaliste fan etnysk Koreaansk komôf. Hja hat as ferslachjouster en nijslêzeresse wurke foar ferskate grutte Amerikaanske omroppen, wêrûnder ABC, CNBC en CNN. Twa kear, yn 1996 en 2004, wûn Cho in Emmy Award foar tillefyzjesjoernalistyk. En yn 2004 wûn se dêropta noch in prestizjeuze Peabody Award.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cho waard yn 1971 berne yn 'e stêd Vancouver, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Har beide âlden wiene ymmigranten út Súd-Koreä. Cho genoat har oplieding oan it Boston Kolleezje, dêr't se in bachelortitel yn kommunikaasjekunde behelle. Neitiid learde se troch oan 'e Medill Skoalle foar de Sjoernalistyk fan 'e Noardwestlike Universiteit, yn Chicago, dêr't se yn 1994 ôfstudearre mei in mastergraad yn 'e sjoernalistyk.

Cho sette har karriêre útein as ferslachjouster by Chicagoland Television, in pleatslike tillefyzjestjoerder yn Chicago. Letter ferfear se nei Tampa, yn Floarida, dêr't se foar it pleatslike tillefyzjestasjon WFTS wurke en yn 'e wykeinen har earste ûnderfining as nijslêzeresse opdie. Yn dy snuorje waard har ferslachjouwing fan 'e opskuor yn St. Petersburg (Floarida), yn 1996, bekroand mei in Emmy Award foar regionale tillefyzjesjoernalistyk.

Neitiid stapte Cho oer nei de nasjonale stjoerder CNBC, dêr't se as nijslêzeresse in breed ferskaat oan nijsûnderwerpen fersloech, de terroristyske oanslaggen op 9/11 ynbegrepen. Yn 2002 kaam Cho te wurkjen by in oare grutte Amerikaanske nasjonale tillefyzjestjoerder, ABC, dêr't se plakferfangend nijslêzeresse wie foar de programma's World News Now en World News This Morning. Dêrnjonken fungearre se ek as ferslachjouster foar it programma ABC News Live en foar News One, in mei ABC ferbûne nijstsjinst. By ABC die Cho û.m. ferslach fan 'e moarden dy't dien waarden troch searjemoardner John Allen Muhammad, en dy't Washington, D.C. yn 2002 wikenlang yn har greep holden, en fan 'e tariedings foar de Twadde Golfoarloch, yn 2003.

Yn febrewaris 2004 kaam Cho by de ynternasjonale nijsstjoerder CNN te wurkjen. Yn 't earstoan fungearre se dêr as nasjonaal ferslachjouster oangeande Amerikaansk nijs, en teffens droech se by oan 'e moarnsprogramma's Starting Point en Early Start, op CNN USA. Yn 2005 makke se diel út it fan it CNN-tiim dat ferslach die fan 'e ferwuostgings dy't de orkaan Katrina yn augustus fan dat jier yn New Orleans oanrjochte en de gefolgen dy't dat hie foar de ynwenners fan dy stêd. Mei harren ferslachjouwing oer dat ûnderwerp wûnen Cho en har kollega's neitiid sawol in Emmy Award foar sjoernalistyk as in prestizjeuze Peabody Award.

Yn 2008 die Cho foar CNN ferslach fan 'e histoaryske taspraak fan Barack Obama yn it Grant Park fan Chicago, dêr't dy syn oerwinning yn 'e presidintsferkiezings mei akseptearre. Cho is fierders ien fan in hantsjefol Westerske sjoernalisten dy't útnûge binne om live-ferslach te dwaan oer en fanút Noard-Koreä. Dat barde yn 2010, doe't se frege waard om 'e ynauguraasje fan 'e nije lieder fan it lân, Kim Jong-Un, by te wenjen. Cho hie earder yn Noard-Koreä west doe't se yn 2008 as lid fan 'e offisjele parsedelegaasje meireizge mei it toernee fan it New York Philharmonic Orchestra. By dy gelegenheid fersoarge se ek in tige persoanlik ferslach fan 'e opdieling tusken Noard- en Súd-Koreä troch de eagen fan har eigen âlden, dat oerlibbenen fan 'e Koreaanske Oarloch binne.

Yn maaie 2010 ûntfong Cho in earedoktoraat yn 'e letteren fan 'e Old Dominion Universiteit yn Norfolk, yn Firginia, foar har bydragen oan 'e sjoernalistyk. Yn augustus 2013 gie Cho by CNN wei. Sûnt wurket se as freelance-ferslachjouster.

Cho is net troud en hat gjin bern. Yn 2013 hie se foarsafier bekend gjin relaasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.