Albert von Le Coq
Albert von Le Coq (1860–1930) wie in Dútsk archeolooch en ûntdekkingsreizger fan Sintraal-Aazje.
Hy wie tige begoedige troch in grutte erfenis, dat hy koe reizge wat er woe en studearje wat er woe oan it - langer net besteand - Etnology Museum (Dútsk: Museum für Völkerkunde) yn Berlyn. As assistint fan it haad fan it museum, professer Albert Grünwedel, holp Le Coq mei oan it tarieden fan ekspedysjes nei West-Aaazje, benammen nei de gebieten fan de siderûte, bygelyks Gaotsjang. Doe't Grünwedel siik waard, krekt foar de twadde ekspedysje, waard Le Coq oanwiisd as haad fan de ekspedysje. Le Coq syn ferslaggen fan de twadde en tredde ekspedysje ferskynden yn it Ingelsk ûnder de titel "Buried Treasures of Chinese Turkestan" yn 1928.
Le Coq syn ekspedysjes fûnen in protte Boedistyske en Manicheïstsyke grottimpels yn Sinkiang, yn noardwest Sina. Hoewol't in protte manuskripten út dy grottimpels by it opdollen fernield waarden, miende von Le Coq wol dat er in wichtige Manicheïstyske bibleteek fûn hie. Guon skilderingen makken dat er tocht bewiis fûn te hawwen foar in "Aryske" (hjir: "ras") kultuer, dy't besibbe wêze soe oan de Franken (ôfbylden fan figueren mei, sa't it like, blauwe eagen, read hier en krúsfoarmige swurden). Mei help fan syn assistint Bartus samle Le Coq goed 360 kilo artefakten, muorrreskilderingen en ikonen, dy't oerbrocht waarden nei syn museum. Le Coq ferdigenet dat "lienen" as in needsaak, hy ferwiisde nei de ûnrêstige sitewaasje yn Sineesk Turkestan yn de tiid fan de ekspedysjes. Sinezen binne fan betinken dat it in gefal fan "koloniale rôfsucht" wie, te fergelykjen mei it meinimmen fan de Elgin Marbles of de Koh-i-Noor diamand.[1] De artefakten waarden útstald yn it museum oant 1944. Dat jier waard de samling ferneatige troch in Britsk bombardemint ûnder de Twadde Wrâldkriich.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Choros Zaturpanskij (i.e. A. v. Le Coq): Reisewege und Ergebnisse der deutschen Turfanexpeditionen. in: Orientalisches Archiv. Hiersemann, Leipzig 3.1912, 116-127.
- Die buddhistische Spätantike in Mittelasien Dietrich Reimer, Berlyn 1922. It wurk kin fûn wurde mei keppelings.
- Chotscho, Dietrich Reimer, Berlyn 1913.
- Auf Hellas Spuren in Ostturkistan. Berichte und Abhandlungen der II. und III. Deutschen Turfan-Expedition. Leipzig 1926.
- Von Land und Leuten in Ostturkestan. Berichte und Abenteuer der 4. Deutschen Turfanexpedition. Hinrichs'sche Buchhandlung, Leipzig 1928.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |