Springe nei ynhâld

Abram Archipov

Ut Wikipedy
Ilja Repin:Abram Achipov
Op de Oka

Abram Efimovitsj Archipov (Russysk: Абрам Ефимович Архипов) (Rjazan, 27 augustus 1862 - Moskou, 25 septimber 1930) wie in Russysk realistysk keunstner. Hy wie lid fan it keunstnerskollektyf De Swalkers en ek fan de Uny fan Russyske Keunstners.

Arkhipov waard berne yn in religieuze, Russysk-otterdokse famylje fan lytse boeren. Hy ferliet syn âlderlik hûs yn 1877 om te studearjen oan de Skoalle foar Skilderkeunst, Arsjitektuer en Byldhoukunst yn Moskou. Yn Moskou kaam er ûnder de ynfloed fan ferskate Russyske skilders, dêr't Vasili Perov, Vasili Polenov en Vladimir Makovsky ûnder wiene.

Yn 1883 sette Arkhipov útein mei in stúdzje oan de Keizerlike Keunstakademy yn Sint-Petersburch. Hy bleau dêr twa jier foardat er weromkaam nei Moskou, dêr't er syn keunststúdzjes ôfmakke. Der binne oanwizingen dat de foarâlden fan Archipov earme russifisearre Joadske boeren wiene dy't nei de Oblast Ryazan ferhuze wiene. Antisemityske tiidgenoaten beskôgen Archipov, Ilya Repin en Isaak Levitan as Joadske frjemdlingen yn de Russyske kultuer. [1]

Yn 1891 waard Archipov lid fan de Peredvizjniki. Tusken 1886 en 1912 reizge er nei oare Europeeske lannen, wêrûnder Frankryk, Dútslân en Italië. Fan 1912 ôf reizge er faak nei it noarden fan Ruslân. Hy skilderde faak en plein air ('in de iepen loft'). Yn 1904 waard er ien fan de oprjochters fan de Feriening fan Russyske Keunstners.

Tema's dy't yn syn keunst foarkomme binne ûnder oare it libben fan Russyske froulju, wêrby't guon fan syn realistyske skilderijen har heislike deistige realiteit útbyldzje. Archipov skildere ek ferskate skilderijen fan plattelânsfroulju yn Ruslân, dy't er ôfbylde yn libbene tradisjonele jurken en nasjonale kostúms.

Nei de Oktoberrevolúsje waard Archipov in foaroansteand dosint oan inkelde Russyske keunstakadeemjes en lid fan de 'Russyske federaasje fan revolúsjonêre keunstners'. Yn 1927 waard er ûnderskieden mei de titel Folkskeunstner fan de USSR. Hy ferstoar yn 1930 yn de âldens fan 68 jier. Hy waard beïerdige op it begraafplak Vagankovo yn Moskou.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abram Jefimowitsch Archipow fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: