Springe nei ynhâld

Aad de Koning

Ut Wikipedy
Aad de Koning
sporter
De Koning, winner NH-doarpetocht 100km, Purmerend 1954
De Koning, winner NH-doarpetocht 100km, Purmerend 1954
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adrianus Jacobus Petrus de Koning
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 25 desimber 1928
berteplak Poarmerein
stjerdatum 29 maaie 2010
stjerplak Súdeastbeemster
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaanriden,
Maratonriden
O.S. Sankt-Moritz 1948
finish Alvestêdetocht 1956

Adrianus Jacobus Petrus (Aad) de Koning (Poarmerein, 25 desimber 1928Súdeastbeemster, 29 maaie 2010) wie in Alvestêderider.

Under prima omstannichheden waard op 3 febrewaris 1954 in tiid riden dy't 31 jaar lang net ferbrutsen wurde soe: 7 oeren en 35 minuten. De einsprint wie spannend, om't op it lêste stik oer de Noarderbrêge klune wurde moast. Aad de Koning sprinte mei Jeen van den Berg, Jan Charisius, Anton Verhoeven en Jeen Nauta oer de laach strie nei it lêste stik iis ta. Dêr foel Charisius, en Van den Berg en Verhoeven sprinten. Yn de gaos tochten se oer de finish te gean, mar krigen se te let foar 't ferstân dat de einstreek 500 meter fierderop lei. Jeen van den Berg gie úteinlik as earste oer de finish, en Aad de Koning waard twadde.

Yn 1956 kaam De Koning tagelyk mei Jeen Nauta, Anton Verhoeven, Maus Wijnhout en Jan J. van der Hoorn oer de finish. Se waarden diskwalifisearre omdat se hân-yn-hân oer de einstreek rieden.