1241
Appearance
Iuwen: | 8e | 9e | 10e | 11e | 12e | 13e iuw | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e |
Jierren: | 1236 | 1237 | 1238 | 1239 | 1240 | 1241 | 1242 | 1243 | 1244 | 1245 | 1246 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1241 MCCXLI |
Ab urbe condita | 1994 |
Armeenske kalinder | 690 ԹՎ ՈՂ |
Etiopyske kalinder | 1233 – 1234 |
Hebriuwske kalinder | 5001 – 5002 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1296 – 1297 |
- Shaka Samvat | 1163 – 1164 |
- Kali Yuga | 4342 – 4343 |
Iraanske kalinder | 619 – 620 |
Islamityske kalinder | 638 – 638 |
Juliaanske kalinder |
1241 MCCXLI |
Sineeske kalinder | 3937 – 3938 丁子 – 戊丑 |
1241 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Juliaanske kalinder foar 1241.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 18 maart - Yn 'e Slach by Chmielnik rinne de Mongoalen de Poalske troepen út 'e gewesten Sandomierz en Krakau ûnder de foet. De stêd Krakau, wêrfan't de ynwenners op 'e tiid evakuëarre binne, wurdt neitiid troch de Mongoalen ferwuostge.
- april - De befolking fan Breslau (Wrocław) wurdt evakuëarre as de Mongoalen almar fierder yn 'e rjochting fan 'e stêd optsjogge. De ferdigeners fan it Kastiel fan Breslau brâne neitiid út strategyske redens de ûntromme stêd plat.
- 9 april - Yn 'e Slach by Liegnitz (Legnica) ferslane de Mongoalen fan 'e Goudene Kliber in bûnsgenoatskip besteande út it Keninkryk Poalen, it Markgreefskip Moraavje, de Timpeliers, de Hospitaalridders en de ridders fan 'e Dútske Oarder. De befelhawwer fan it alliëarde leger, hege hartoch Hindrik II de Fromme fan Poalen, komt yn de fjildslach om.
- 11 april - Yn 'e Slach by Mohi (Muhi) ferslane de Mongoalen fan 'e Goudene Kliber in bûnsgenoatskip besteande út it Keninkryk Hongarije, it Keninkryk Kroaasje, de Timpeliers en it Hartochdom Eastenryk, ûnder lieding fan kening Bela IV fan Hongarije.
- 25 desimber - De Mongoalen feroverje en ferwuostgje Hongaarske haadstêd Esztergom en op deselde deis teffens de stêden Boeda en Pest, oan wjerssiden fan 'e Donau. De Hongaarske kening Bela IV flechtet nei it Keninkryk Kroaasje, dat in personele uny mei Hongarije ûnderhâldt, en dêr't Bela sadwaande ek oer hearsket.
- 25 oktober - Selestinus IV wurdt keazen as paus fan Rome. Syn pontifikaat sil mar 17 dagen duorje (oant syn ferstjerren op 10 novimber), en is dêrmei ien fan 'e koartsten út 'e skiednis.
- sûnder datum - It Noarddútske Hannover kriget stedsrjochten.
- sûnder datum - Sint-Anna ter Muiden, no ûnderdiel fan Sluis, yn Siuwsk-Flaanderen, kriget stedsrjochten.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 4 septimber - kening Aleksander III fan Skotlân († 1286)
- datum ûnbekend
- Eleönoara fan Kastylje, keninginne-gemalinne fan Ingelân († 1290)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 28 maart - kening Waldemar II fan Denemark (* 1170)
- 23 septimber - Snorri Sturluson, Iislânsk skiedskriuwer, dichter en politikus (* 1179)
- 22 augustus - paus Gregoarius IX (* 1170)
- 10 novimber - paus Selestinus IV (* 11??)
Jierren: | 1236 | 1237 | 1238 | 1239 | 1240 | 1241 | 1242 | 1243 | 1244 | 1245 | 1246 |
Iuwen: | 8e | 9e | 10e | 11e | 12e | 13e iuw | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|