The Gate to Futures Past
The Gate to Futures Past | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Julie E. Czerneda | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2016, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | The Clan Chronicles | |
● foarich diel | This Gulf of Time and Stars | |
● folgjend diel | To Guard Against the Dark | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 12 234 |
The Gate to Futures Past is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "De Poarte nei Ferline Takomsten". It boek foarmet it twadde diel fan 'e trilogy Reunification, en it achtste diel fan 'e romansearje The Clan Chronicles. The Gate to Futures Past giet fierder mei it ferhaal fan Sira di Sarc, in jonge frou fan 'e bûtenierdske Clan, dy't tsjin alle tradysjes fan har folk yn in partnerbân oangien is mei de minsklike romteskipskaptein Jason Morgan. De ferhaalline fan Sira is skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen yn it personele perspektyf skreaun binne. It boek waard yn 2016 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
Ynhâld
Yn This Gulf of Time and Stars, it foarrige diel fan The Clan Chronicles, wiene de bûtenierdske Sira di Sarc en har minsklike parner Jason Morgan mei de lêste leden fan 'e Clan, Sira har folk, it diel fan it hielal ûntflechte dat behearske wurdt troch it Hannelspakt, in konfederaasje fan 'e minskheid en in grut tal oare yntelliginte rassen. Hja tochten op 'e planeet Cersi de fergetten oarsprong fûn te hawwen fan 'e leden fan 'e Clan, dy't ek wol de M'hiray neamd wurde. Mar hja wiene mis. Cersi waard bewenne troch trije yntelliginte rassen: de Om'ray (dêr't de M'hiray fan ôfstamje), de Oud en de Tikitik. Sira en Morgan ûntdieken dat net ien fan dy rassen lânseigen wie op Cersi, mar dat se dêr ynstee allegear brocht wiene as ûnderdiel fan in iuwenâld eksperimint, dat blykber ta doel hie om 'e Om'ray troch in plande evolúsje sa te foarmjen dat se mentale krêften ûntwikkelen lykas telepaty, telekineze en teleportaasje. It eksperimint wie in súkses, want de M'hiray beskikke yndie oer sokke krêften. Mar der wie ek wat freeslik misrûn, want it hie nea de bedoeling west dat it eksperimint sa lang trochgean soe.
Boppedat wie troch de ôfreis fan 'e M'hiray, sa'n trijehûndert jier lyn (sjoch: Rift in the Sky) it lykwicht tusken Om'ray, Oud en Tikitik ferdwûn, mei as gefolch dat de Oud in oerhearskjende rol krigen. Oan 'e ein fan This Gulf of Time and Stars moasten Sira en Morgan op 'e nij flechtsje doe't de Oud besochten om alle oaren op 'e wrâld út te rûgjen. Mei de oerlibbene M'hiray en Om'ray lieten se Cersi efter harren yn it oerâlde romteskip Sona, dat bestjoerd waard troch in keunstmjittige yntelliginsje dy't reägearre op Sira har opdracht: "We wolle nei hûs ta."
The Gate to Futures Past iepenet mei de reis fan 'e Sona. De passazjiers, 178 M'hiray en Om'ray en 1 minske, hawwe gjin idee wêr't of wat it 'thús' is dêr't it romteskip harren hinne bringt. Dat fral ta frustraasje fan Morgan, dy't as kaptein fan in romteskip wend is om syn bestimming sels te bepalen. It iennichste dat Sira en Morgan en de oaren witte, is dat de M'hiray en Om'ray ôfstamje fan 'e Hoveny, in ras fan bûtenierdske wêzens dat yn in fier ferline in grut ryk opboude yn dit diel fan it hielal. Hja makken gebrûk fan in ûnbekende boarne fan enerzjy en beskikten oer technology dy't ûnbegryplik is foar de rassen fan it Hannelspakt, dat tsjintwurdich foar in diel itselde part fan it hielal omfiemet. Mar op in stuit stoarte de beskaving fan 'e Hoveny frijwol fan it iene op it oare momint yninoar. De Hoveny sels ferdwûnen en harren technology hold op te bestean. It leit foar de hân dat it 'thús' dêr't de Sona syn ynsittenden hinne bringt, de thúswrâld fan 'e Hoveny is. Mar wat sille se dêr oantreffe?
Underweis begjinne de M'hiray en Om'ray yn harren hollen de stimmen fan harren ferstoarnen te hearren. En hja hawwe sa'n soad ferstoarnen, sûnt de genoside op 'e M'hiray troch de Gearstallers (sjoch: This Gulf of Time and Stars) en it besykjen fan 'e Oud om 'e Om'ray út te rûgjen. De stimmen roppe de M'hiray en Om'ray op om it libben los te litten en har by harren te jaan. Om't sawol M'hiray as Om'ray altyd leaud hawwe dat harren geasten nei de dea oplosse yn 'e M'hir, it mystike besteansnivo dat se brûke foar harren mentale fermogens, is Sira derfan oertsjûge dat it in soarte fan nije oanfal op har folk is. Se docht der alles oan om 'e M'hiray en Om'ray te bewegen en harkje net nei de stimmen fan 'e deaden, mar rekket sels yn 'e swierrichheden as se de stim fan har deade suster Rael begjint te hearren. Guon fan 'e M'hiray en Om'ray litte har ferliede troch de stimmen en ferdwine spoarleas, as oft se harsels earne hinne teleportearre hawwe sûnder op it plak fan bestimming te ferskinen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei tsien dagen yn in romteskip dat reizget mei in gruttere faasje as eltse bekende technology talit, arrivearje de flechtlingen yn it planetestelsel dêr't de oarsprong fan 'e Hoveny leit. Under de rûge lâning yn rêdingskapsules wurdt de lokrop fan 'e stimmen fan 'e deaden lûder, en achttjin M'hiray en Om'ray jouwe dêroan ta. Ienris oankommen op 'e planeet, dy't Ljochtfal hjit, geane nochris ienentweintich fan harren ferlern. De oerbleaunen meitsje kontakt mei de pleatslike befolking, dy't bestiet út Hoveny, Oud en Tikitik. Ljochtfal blykt ien fan in stikmannich bewenne planeten en moannen yn dit planetstelsel te wêzen, dat troch de trije neamde rassen dield wurdt. It is in ôfhandich planetestelsel, dat sûnt de Fal, sa't de ynstoarting fan it Hoveny-ryk hjir neamd wurdt, gjin kontakt mear hân hat mei oare planetestelsels.
Ta ferheardens fan Sira beskikke de Hoveny mar oer hiel beheinde mentale fermogens, dy't ferlykber binne mei dy fan minsklike telepaten. Telekineze en teleportaasje hawwe se noch nea fan heard. Se beseft dat de M'hiray en Om'ray dizze wêzens maklik oerhearskje kinne soene troch harren geast yn te kringen en harren dwaan te litten wat sy wolle. Dat is lykwols persiis deselde flater dy't de M'hiray makken doe't se foar it earst fan Cersi nei it Hannelspakt reizgen en dêr minsklike telepaten tsjinkamen. Sira en har oerbeppe, Aryl di Sarc, waans geast yn 'e poppe libbet dêr't Sira swier fan is (sjoch: This Gulf of Time and Stars), binne wisberet om net yn dy âlde flater te ferfallen.
KlopKlop, in Oud dy't folle lytser en yntelliginter is as de Oud dy't Sira-en-dy fan Cersi kenne, beskikt sels ek oer mentale fermogens. It is dat wêzen dat Sira yn it bywêzen fan 'e seesor Alisi Di oantsjut as in 'Stifter'. In seesor is in siker fan 'e wierheid, en sa'nent hat yn it planetestelsel fan 'e Hoveny by in syktocht nei de wierheid mear gesach as de heechste bestjoerlike autoriteit. Tsjin 't sin fan Lemuel Dis, de direkteur fan 'e Stelselkoöperaasje (sa't it regear fan it planetestelsel hjit) beslist Alisi Di dat de bewearing fan KlopKlop beoardiele wurde moat op wierheid. Dat kin dien wurde troch har teste te litten troch Emelen Dis, de warder fan it Hillichdom fan 'e Sekte fan 'e Werberte. It wie dy Sekte fan 'e Werberte dy't iuwen nei de Fal tolve romteskippen (wêrûnder de Sona) tsjin 'e wil fan 'e doetiidske Stelselkoöperaasje útstjoerde nei Cersi, mei de bedoeling om troch in eksperimint yn evolúsje de mentale eigenskippen oan te kweken dy't nedich wiene om 'e ferlerne Hoveny-beskaving wer yn âlde steat werom te bringen. Sira is it fierst trochûntwikkele resultaat fan dat eksperimint, en KlopKlop mient dat sy oer deselde fermogens beskikt as de legindaryske Stifter fan 'e Hoveny-beskaving.
De test fan Emelen Dis bestiet derút dat Sira by in âld artefakt fan 'e Hoveny-beskaving brocht wurdt, dat al sûnt minskewitten neat mear docht. As Sira fanút de M'hir besiket om it ding wer oan 'e praat te krijen, slagget dat wûnderwol. Fiersten te goed, eins. Op ferskate plakken op Ljochtfal en syn moanne rize grutte gebouwen fan 'e âlde Hoveny-beskaving út 'e ierde op dy't derút sjogge as wiene se nij. Mar alles dat sûnt de fal oer dy gebouwen hinne boud is, wurdt ferplettere, wêrby't tûzenen deaden falle. Sira wurdt de M'hir ynsûcht, dêr't sy en Aryl de geast fan Aryl har mem, Taisal di Sarc, moetsje, dy't Sira by de geast fan 'e oarspronklike Stifter fan 'e Hoveny-beskaving bringt. Dy ûntdocht Sira yn koarte tiid fan al har yllúzjes. Alles dat de M'hiray en de Om'ray tochten te witten oer harren libben en dea blykt mis te wêzen, begjinnend mei it idee dat harren geasten nei de dea oplosse yn 'e M'hir.
It is krekt oarsom: de M'hiray en Om'ray binne eins saneamde 'Sjongers', wêzens fan enerzjy, en net fan matearje, dy't oarekant it Tuskenyn (de M'hir) thúshearre yn in soarte fan parallel universum dat Al-wat-is hjit. It materiële hielal neame de Sjongers it Neat-echt. Soms, as se te ticht by it Neat-echt komme, reitsje se finzen yn it lichem fan 'e poppe fan in Hoveny. Sokke Sjongers wurde de 'Stellenen' neamd. Dan wurde se berne, libje se en stjerre se sûnder dat se har bewust binne fan harren wiere identiteit. It iennichste dat harren fan gewoane lju ûnderskiedt, binne harren gruttere mentale fermogens. Mar de dea is de poarte nei ferline takomsten: dêrtroch kinne se weromkeare nei it Al-wat-is. Sokken hâlde ornaris lange tiid noch fêst oan 'e oantinkens fan harren libbens yn it Neat-echt, wêrby't se foar harrensels in eigen persoanlike reäliteit skeppe dêr't se yn fuortlibje oant se ree binne om harren bestean yn it Neat-echt los te litten en as Sjongers werom te kearen nei it Al-wat-is. Sira fisualisearret dat as planten dêr't fruchten oan groeie dy't rypje moatte foar't se der ôf falle.
De Stifter fertelt Sira dat ek hy ienris in Stellene wie, dy't finzen rekke yn it lichem fan in Hoveny. As Hoveny wist er neat mear fan syn wiere identiteit. Hy hie lykwols gruttere mentale fermogens as lykfol hokker Hoveny foar him, en út 'e bêste bedoelings boarre er foar de Hoveny in ûnbekende enerzjyboarne oan, dêr't se har beskaving op bouden en dy't harren by steat stelde om in ûnbidich ynterstellêr ryk te foarmjen. Wat er doe lykwols net wist, wie dat dy enerzjy út it Al-wat-is kaam: hy hie, by wize fan sprekken, in lek yn dat hielal slein, sadat it stadichoan leechblette. It duorre in lang skoft ear't dêrop in reäksje kaam, mar dy kaam beslist. Want de Sjongers binne net de iennichsten dy't dat parallelle universum bewenje. Ek gruttere, machtiger wêzens libje dêr: de mar heal-bewuste enerzjy-foarmen fan planeten. Dy machtiger wêzens tichten it lek, mar net foar't se alle apparatuer ûnklear makke hiene dy't op 'e enerzjy út it Al-wat-is rûn en alle Stellenen weromskuord hiene nei it Al-wat-is ta. Dat ferklearre de Fal fan 'e Hoveny-beskaving en it hommels weiwurden fan miljoenen Hoveny.
No hat Sira by it ôflizzen fan 'e test fan Emelen Dis by fersin in nij lek yn it Al-wat-is slein. De Stifter leit har út dat der no mar ien mooglikheid is om 'e hiele Stelselkoöperaasje fan Hoveny, Oud en Tikitik te rêden fan 'e totale ferneatiging dy't grif folgje sil as de machtiger wêzens wer fanwegen komme, en dat is om alle Stellenen werom te heljen nei it Al-wat-is, sadat dy wêzens by it tichtsjen fan it lek gjin reden hawwe sille troch dat lek yn it Neat-echt te rikken. Sira en Aryl keare dêrop werom nei de materiële wrâld, dêr't se alle M'hiray en Om'ray ien foar ien roppe en nei harren wachtsjende ferstoarnen yn 'e M'hir ta stjoere, dy't harren begeliede sille nei it Al-wat-is.
Oan 'e bittere ein komme se by Jason Morgan, dy't as minske net yn it Al-wat-is libje kin. Hy wegeret syn mentale partnerbân mei Sira te ferbrekken, wat betsjut dat er stjerre sil as sy nei it Al-wat-is giet. Dêrom snijt Sira dy bân sels troch, wat noch minder is as houde se harsels ien fan har lidden ôf. Mei Aryl en har freonen Barac en Ruti brûkt Sira dêrnei al har mentale krêft op om Morgan oer in ûnneamlike ôfstân te teleportearjen, werom nei it Hannelspakt, nei syn skûle yn 'e woastyn op Ettlers Planeet (sjoch: To Trade the Stars). Morgan komt dêr oan as in brutsen man, wylst yn it Al-wat-is ien fan 'e 'planten' in frucht draacht dy't swart is en oerdutsen mei stikels, en dêr't de Sjongers oer wanhoopje oft er wol ea 'ryp' wurde sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|