Springe nei ynhâld

Personeel perspektyf

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Personele perspektyf)

It personele perspektyf is in fertelperspektyf dat fan ien personaazje útgiet en gebrûk makket fan 'e trêde persoan inkeltal (hy of sy). De ferteller as persoan bestiet hjirby dus eins net of is yn elts gefal net by it ferhaal belutsen. De lêzer kriget inkeld te witten wat dy iene persoan (hy of sy) wit en tinkt, al kin it wol wêze dat it perspektyf fan 'e iene haadpersoan nei de oare ferspringt, bgl. per haadstik of per paragraaf. As it perspektyf per sin of yn ien en deselde sin ferspringt, is der gjin sprake fan in personeel perspektyf, mar fan in auktorieel perspektyf mei in alwittende ferteller.