Wintersliep
Wintersliep of hibernaasje is in steat fan ynaktiviteit by 't winter, dy't mank giet mei oanhâldende hypotermy (in lichaamstemperatuer dy't leger is as normaal), de ûnderdrukking fan 'e stofwiksel en it ôfnimmen fan it sykheljen en de hertslach. Sa'n steat kin in langere perioade duorje. It evolúsjonêre foardiel fan in wintersliep, is dat in bist dan yn 'e midden fan 'e winter, as der frijwol gjin fretten te finen is, ek gjin ferlet hat fan fretten. Gruttere bisten ite yn 'e moannen foarôfgeande oan it winterseizoen sa'n soad, dat se fetreserves opslane foar de perioade fan 'e wintersliep.
Foarbylden fan bisten dy't in wintersliep hâlde, binne flearmûzen en stikelbargen. Ek beskate soarten reptilen (benammen skylpodden en slangen), amfibyen en guon soarten wjirms hâlde in wintersliep. Guon yn it wetter libjende bisten, lykas de readwangskylpodde, grave harsels foar har wintersliep op 'e boaiem fan in wetter yn 'e modder yn. Fan 'e nuttallnachtswel is bekend dat dy as iennichste fûgel in wintersliep hâldt.
By bearen, dy't om har wintersliep bekend steane, berêst dat krekt op in misfetting; harren sliep is net djippernôch om in wintersliep neamd te wurden, en ek guon oare kritike eleminten ûntbrekke deroan. Sa is it algemien bekend dat bearen maklik yn har "wintersliep" steurd wurde kinne; as it in echte wintersliep wie, soe dat net mooglik wêze. Biologen sprekke sadwaande by bearen fan in winterrêst ynstee fan in winstersliep. Oare bisten dy't in winterrêst hâlde, binne dassen, waskbearen en opossums.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|