Wapen fan Fryslân
It wapen fan Fryslân is in blau skyld mei twa gouden liuwen boppe elkoar, mei oan de râne sân langwizige gouden blokjes, dêrfan twa yn de boppehoeken, twa tusken de liuwen, en trije ûnder de liuwen.
It wapen wurdt normaal ôfbylde mei op it skyld in fiif-blêdige kroan, en mei twa gouden liuwen dy't it skyld fêsthâlde, alles steand op griene útrinners.
Wêr't de liuwen foar stean is net wis. Der wurdt oannaam dat, as it tal fan de blokjes in betsjutting hat, it de bûn fan de sân seelannen oantsjutte sil.
De oarsprong fan it wapen fan Fryslân is net dúdlik. Lykwols is dizze ferzje fan it wapen yn 1830 as wapen fan it Frysk Genoatskip oannaam. Yn de rin fan de 19e iuw wie in banier fan dit wapen ek populêr as flagge fan Fryslân, oant de hjoeddeiske Fryske flagge opkaam. Sûnt 11 febrewaris 1958 is dit offisjeel it wapen fan Fryslân.