Springe nei ynhâld

Visitor (roman)

Ut Wikipedy
Visitor
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2016, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Tracker
● folgjend diel Convergence
kodearring
ISBN 978-0 75 64 09 104

Visitor is it santjinde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Besiker". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Visitor ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2016, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Visitor tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten. It waard yn 2017 nominearre foar in Locus Award yn de kategory bêste roman.

Wat foarôf gie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trijehûndert jier earder wie it romteskip de Phoenix by de Ierde wei ôfset om in minsklike koloanje te stiftsjen op in gaadlik plak yn it hielal. Troch in technysk probleem rekke it skip lykwols fan koerts en ferdwaalde it. De Phoenix belâne sûnder brânstof yn it sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmiet dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje wûnen út asteroïden, krepearren as rotten. Doe't der einlings genôch brânstof ynnommen wie, sprong it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld. Dêr oankommen die lykwols bliken dat dy planeet al in yntelliginte libbensfoarm hie, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstutsen boppe de langste minske.

Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearre, hiene de atevi krekt de steamtrein útfûn. De minsklike kolonisten bouden yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neamden. It wie de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hiene tsjin dy tiid wol goed har nocht. Sy seagen in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegeren dy te ferlitten. Nei 120 jier kaam it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't einige mei de ôfreis fan 'e Phoenix, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfsleaten en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje lieten.

Visitor spilet twahûndert jier letter en likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.

Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.

Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.

Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini wer oan 'e macht brocht waard. Neitiid holden de swierrichheden dy't fuortkamen út 'e steatsgreep Bren lange tiid oan it wurk.

Nei in lytse rebûlje yn it Easten (sjoch: Deliverer), drige der in iepen oarloch mei de Súdlike Assosjaasje fan 'e Marid, dy't Bren op it nipperke ôfkeare koe (sjoch: Deceiver) troch in ferdrach te beävensearjen tusken Ilisidi en Machigi, de aiji fan 'e Marid. In oar probleem wie de opnimming yn 'e Westlike Assosjaasje fan 'e Edi en de Gan, de oarspronklike atevi-befolking fan it eilân Mospheira, dy't as ballingen op 'e kust fan it fêstelân libben sûnt harren eilân twahûndert jier lyn oan 'e minsken ôfstien wie (sjoch: Conspirator). Letter wiene der swierrichheden binnen de Ajuri-clan (sjoch: Intruder), de clan fan Tabini syn frou Damiri, en op 'e nij mei de Kadigidi, de clan fan 'e eardere usurpator Murini (sjoch: Protector). Dêrtroch kaam wer oan it ljocht dat it Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi sawol plysje as rjochterlike macht is, folslein ynfiltrearre wie troch de rebellen, mei as gefolch dat dêr wat oan dien wurde moast (sjoch: Peacemaker).

Tusken de bedriuwen waard Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini, njoggen jier, en dêrfoar waarden de minskebern fan it romtestasjon nei de ierde ta nûge, mei wa't Cajeiri op 'e weromreis fan Reunion gedoente mei krigen hie. It wie in polityk gefoelige set, mei't de bern Reunioners wiene, dy't troch de Mospheiranen mei wantrouwen besjoen waarden. Boppedat hie de populaasje fan Reunioner flechtlingen yn it romtestasjon sels ek sa syn ynterne politike swierrichheden, om't Louis Baines Braddock, de âlde stasjonmaster fan Reunion, noch libben en wol wie en besocht om op 'e nij oan 'e macht te kommen. Koarte tiid letter, as Bren tinkt dat einlings de rêst werkeard is op 'e Ierde fan 'e atevi, arrivearret der in romteskip fan 'e kyo yn it sinnestelsel.

Bren reizget dêrop mei Ilisidi en Cajeiri, dy't ek by de eardere moeting mei de kyo oanwêzich wiene, nei it romtestasjon ta, dêr't er driuwend noch in pear problemen oplosse moat ear't de kyo dêr oankomme. De problematyske Mospheiryske stasjonmaster Mikas Tillington wurdt ôfset en yn 'e hechten nommen, en ferfongen troch Gin Kroger, dy't ek de reis fan 'e Phoenix nei Reunion meimakke hat. Fierders wurde Braddock en syn neiste trewanten ek oppakt en Cajeiri syn jonge minsklike 'assosjearden' (atevi hawwe gjin freonen) Gene, Artur, Irene en Bjorn mei harren respektivelike âlden troch de atevi yn beskerming nommen op harren diel fan it stasjon. Dan is alles ree om 'e kyo te ûntfangen.

Wylst it kyo-skip almar neieroan komt, ferdjippet Bren Cameron him op 'e nij yn 'e eardere kontakten tusken de Phoenix, it romtestasjon Reunion en de kyo. Dêrta ûnderfreget er Inez Williams, de mem fan Irene, ien 'e jonge 'assosjearden' fan Cajeiri. Hja is in meiwurkster fan Louis Baines Braddock, de eardere stasjonmaster fan Reunion, mei wa't Bren letter ek in ûnderhâld hat. Troch harren ynformaasje te ferlykjen mei wat er al wit út oare boarnen, stalt Bren in wierskynlike folchoarder fan foarfallen gear. It liket der sterk op dat Stani Ramirez, de eardere haadkaptein fan 'e Phoenix, op 'e sneup wie nei in libbensfetbere wrâld om in eigen koloanje te stiftsjen. (De man is no al jierren dea, dat himsels kin Bren it net mear freegje.) By dy syktocht ûntdiek Ramirez fan grutte ôfstân ôf in gaadlik útsjende, griene wrâld.

Ramirez kearde werom nei Reunion om nije brânstof yn te nimmen. Braddock, de stasjonsmaster, dy't ek gildemaster wie fan it âlde Gilde fan Piloaten, dat sizzenskip miende te hawwen oer de Phoenix en syn kapteins, krige lucht fan Ramirez syn syktocht en besocht der it near op te lizzen. Ramirez wegere der lykwols oer te praten, keppele it skip los fan it stasjon en sette ôf, mooglik mei de bedoeling om nea wer werom te kearen, mar yn elts gefal mei as doel om 'e wrâld dy't er fûn hie, fan tichterby te besjen. Mooglik wie it dêrby krekt syn wegering om 'e autoriteit fan it Gilde fan Piloaten te erkennen, dy't foar Ramirez de oantrún ta syn aksjes foarme. Oankommen by de wrâld dy't er ûntdutsen hie, die lykwols bliken dat dy al bewenne waard, nammentlik troch de kyo. Oft it harren foarâlderlike thúswrâld wie of dat it gie om in planeet dy't hja kolonisearre hiene, bliuwt ûnwis. Yn elts gefal waard de Phoenix dêr konfrontearre mei in romteskip fan 'e kyo dat mei de ljochten nei harren seinde, mar Ramirez antwurde net, makke rjochtsomkear en ûntflechte it sinnestelsel. Dêrby gie er yn in oare rjochting as dêr't er út kommen wie, en reizge er fia in omwei werom nei Reunion.

Doe't de Phoenix wer oankaam by Reunion, wie it stasjon lykwols al oanfallen troch de kyo, mei it ferlies fan in seksje fan it stasjon en tûzenen deaden as gefolch. Bren liedt dêrút ôf dat de kyo har al langere tiid bewust wiene fan it bestean fan Reunion. Neffens eigen sizzen hie Braddock besocht om mei it kyo-skip dat de oanfal útfierde te praten, mar waard op syn besykjen ta kommunikaasje net reägearre. Dit diel fan 'e hiele skiednis bliuwt dreech te begripen, dat de kyo mei net mear oanlieding as in ferkenningsmisje yn harren domein en in hastige ôftocht oergiene ta in oanfal. Bren fermoedet dat de ûnbetroubere Braddock wat dien hat om 'e oanfal út te lokjen, mar de man sels ûntstriidt dat yn alle toanaarden. Nei de oanfal kearde de Phoenix werom om nije brânstof yn te nimmen. Ramirez wie de iennichste oan board dy't kontakt mei it romtestasjon hie, en fertelde nimmen dat der har noch tûzenen oerlibbenen op it stasjon befûnen. Hy bea Braddock oan om 'e Reunioners oan board te nimmen, mar Braddock wegere dat, nei eigen sizzen om't er Ramirez net mear fertroude, al fermoedet Bren dat it behâlden fan syn eigen machtsposysje ek in rol spile.

De Phoenix ferliet Reunion dêrop halje-trawalje, eat dêr't Braddock noch altyd lulk oer is, mar Bren tinkt dat Ramirez yn 'e rekken krige dat it kyo-skip noch altyd yn itselde sinnestelsel wie. Dat skip bleau dêr neitiid, tsien jier lang, wylst de Phoenix nei de Ierde fan 'e atevi reizge, dêr in ferlitten romtestasjon oantrof en wachte oant de Mospheiranen en de atevi in romtefeartprogramma op poaten set hiene om wer yn 'e romte te kommen sadat it skip fan nije brânstof foarsjoen wurde koe. Pas by syn ferstjerren fertelde Ramirez dat der te Reunion noch minsken yn libben wiene, in stikje krúsjaal nijs dat oanlieding joech ta de rêdingsmisje fan 'e Phoenix yn gearwurking mei Mospheira en de atevi. Underwilens siet it kyo-skip stil by Reunion te wachtsjen, stjoerde it nei fjouwer jier in ferkenningsmisje nei it stasjon, wêrby't ien fan 'e ferkenners, in Prakuyo an Tep, finzen nommen waard, en wachte it doe nochris seis jier oant de Phoenix mei de Mospheiranen en de atevi (en Bren sels) weromkearde om 'e Reunioners te evakuëarjen en Prakuyo te befrijen en by syn folk werom te bringen.

Wêrom dy lange wachttiid? By de ûnderhannelings dy't Bren by Reunion mei harren fierd hat, hawwe de kyo oanjûn dat se oan 'e fierste grins fan harren territoarium yn in oarloch ferwikkele binne mei noch wer in oar ras fan bûtenierdske wêzens. Nei it in hoart yn omtinken nommen te hawwen, begjint Bren him ôf te freegjen oft de kyo de Phoenix soms oansjoen hawwe foar in skip fan harren fijân, en Reunion foar in fijannige basis. Hja reägearren op 'e flecht fan 'e Phoenix mei in oanfal op 'e basis fan it skip, mar doe't it stasjon net weromfocht (wat it net koe, om't it dêr de bewapening net ta hie), begûnen de kyo doe te fermoedzjen dat se in trêde, neutraal ras oanfallen hiene? Wie it lange wachtsjen by Reunion bedoeld om in uterst gefoelige sitewaasje dy't se sels feroarsake hiene, yn 'e rekken te hâlden? It begjint der yn elts gefal sterk op te lykjen dat Braddock op dit punt de wierheid fertelde, en dat net hy, mar de kyo in freeslik fersin begien hiene.

As it kyo-skip by it Stasjon Alpha arrivearret, komme der trije kyo oan board fan it stasjon, om troch ûnderhannelings de losse oerienkomsten dy't by Reunion sletten binne, om te setten yn it fêste ramt fan in formeel ferdrach. De kyo-delegaasje wurdt, ta opluchting fan Bren, laat troch Prakuyo an Tep, en syn selskipslju hjitte Matuanu an Matu en Hakuut an Ti. Hja wurde gastfrij ûntfongen troch Bren, de aiji-dûairiêre Ilisidi en Cajeiri, de njoggenjierrige erfgenamt fan 'e aiji Tabini, dy't de atevi regearret. Bren hat Ilisidi en Cajeiri dêrfoar frege, om't dat deselden wiene dy't er by Reunion ek by him hie. Nettsjinsteande de breklike kommunikaasje ferrinne de kontakten mar poerbêst, en Prakuyo freget om en kriget sels in moeting mei Cajeiri syn jonge Reunioner freonen en harren âlden. Letter bringt er mei Bren in besyk oan earst it Mospheiryske en dan it atevi-kontrôlesintrum fan it romtestasjon, dêr't er yn 'e kunde brocht wurdt mei Gin Kroger, de nije Mospheiryske stasjonmaster, en mei hear Geigi, de atevi-stasjonmaster. Dan nûget Prakuyo Bren út om in tsjinbesyk te bringen oan it kyo-skip. Bren hat der alhiel gjin nocht oan om himsels yn 'e macht fan 'e kyo te pleatsen, mar hy sjocht gjin mooglikheid om der mei goed fatsoen ûnderút te kommen. Sadwaande giet er mei Prakuyo nei it skip ta, en syn atevi-liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini geane mei him, mar Matuanu an Matu en Hakuut an Ti bliuwe yn it stasjon as gasten (of gizelders) fan Ilisidi.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op it kyo-skip stiet Bren in grutte skok te wachtsjen. Prakuyo nimt him mei nei in selleblok, dêr't in minske finzen holden wurdt dy't Guy Cullen blykt te hjitten. Cullen komt net fan Mospheira, hy komt net fan 'e Phoenix, en allikemin fan Reunion. Hy is in kriichsfinzene en ien fan 'e fijân dêr't de kyo oarekant harren territoarium mei yn in freeslike oarloch ferwikkele binne. Dan falle foar Bren ynienen alle missende puzelstikjes op har plak. De mysterieuze fijân fan 'e kyo is de minskheid, en de langferlerne Ierde fan 'e minsken leit oan 'e fierste kant fan it ryk fan 'e kyo. Dat is de reden wêrom't de Phoenix oanhâldend yn dy rjochting gean woe, wêrom't de kyo de Phoenix foar harren fijân oanseagen, wêrom't se tasloegen by Reunion en dêrnei, doe't de ferwachte reäksje útbleau, yn betizing rekken.

Bren moat no in tige drege beslissing nimme. Hy beseft dat Cullen de gefaarlikste persoan is dy't er ea yn syn libben met hat. As it bestean fan de man op Stasjon Alpha en de Ierde fan 'e atevi bekend wurdt, sille der guon Mospheiranen wêze dy't kontakt lizze wolle mei de Ierde fan harren foarâlden, nettsjinsteande it feit dat se neat oer de hjoeddeistige minsken witte, neat oer wat se wolle, wat se leauwe, troch wa't se regearre wurde. Fan 'e Phoenix, dy't him ommers ta doel steld hie om 'e Ierde fan 'e minsken werom te finen, sil in grut diel fan 'e bemanning dêrhinne reizgje wolle, en fan 'e Reunioners, oer wa't koartby beslist is dat se nei Mospheira ta oerbrocht wurde sille om dêr op te gean yn in folle gruttere minskemassa, sil in diel in kâns sjen om dêrûnder út te kommen. It besykjen om 'e minskheid te berikken sil sûnder mis problemen mei de kyo feroarsaakje, dy't ommers mei dy minskheid yn oarloch binne. En dêrtroch sille ek de atevi, dy't part noch diel oan dit konflikt hawwe, meisleept wurde yn 'e oarloch. Bren sjocht alles dêr't er syn hiele libben foar wurke hat, yn it ferdjer stoart wurden, mei miljoenen deaden en mooglik de útrûging fan 'e atevi as gefolch, dy't allinnich op dizze iene planeet yn it hiele hielal foarkomme en gjin wapens hawwe om har tsjin in oanfal fan 'e kyo te ferdigenjen.

Dêrom beslút er it bestean fan Cullen foar de atevi, de Mospheiranen en de bemanning fan 'e Phoenix geheim te hâlden, en it bestean fan 'e Ierde fan 'e atevi foar Cullen geheim te hâlden. Hy docht him foar as neikommeling fan in groepke minsklike skipbreklingen dy't mank de atevi wennet, wat yn sekere sin ek noch wier is. It wurdt him dúdlik dat Prakuyo it him yn 'e holle helle hat dat hy (Prakuyo) en Cullen de sinleaze oarloch tusken de kyo en de minskheid beëinigje kinne as se mar mei-inoar prate koene en wisten hoe't se ûnderhannelje moasten. Dêrta bliuwt Bren sân dagen op it kyo-skip, in tiid dy't er brûkt om Cullen de begjinsels fan 'e kyo-taal by te bringen (ynsafier't er dy sels begrypt), en, wichtiger noch, om de man de begjinsels fan 'e diplomasy en it omgean mei in folslein oar ras fan yntelliginte wêzens by te bringen. As Cullen him oan 'e ein fan 'e sân dagen yn 'e kyo-taal fersteanber meitsje kin en him neffens kyo-gewoanten as fatsoenlik persoan hâlde en drage kin, wurdt er troch Prakuyo syn oerhearrigen akseptearre as in soartemint paidhi, de funksje dy't Bren mank de atevi beklaait. Dêrop wurdt der in ferdrach sletten tusken de kyo en de bewenners fan 'e Ierde fan 'e atevi, dat Bren trijeris fan syn segel foarsjocht, as fertsjintwurdiger fan 'e aiji fan 'e Westlike Assosjaasje fan 'e atevi, as fertsjintwurdiger fan it regear fan Mospheira en as fertsjintwurdiger fan 'e ried fan kapteins fan 'e Phoenix. Oant de oarloch tusken de kyo en de minsken beëinige is, sil der gjin kontakt mear wêze tusken de kyo en de bewenners fan 'e Ierde fan 'e atevi. Visitor einiget mei de ôfreis fan it kyo-skip mei oan board Prakyo an Tep en Guy Cullen, dy't in drege taak te wachtsjen stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence