Springe nei ynhâld

Tripoly (Lybje)

Ut Wikipedy
Tripoly
Bestjoer
Lân Lybje
Distrikt (Sha'biyah) Tripoly
Sifers
Ynwennertal 1.065.405(2006)
Oerflak 400 km²
Befolkingsticht. 4.205/ km²
Hichte 80 m
Oar
Stifting 7e iuw f.Kr.
Tiidsône EET (UTC+2)
Koördinaten

Tripoly (Arabysk: طرابلس Ṭarābulus) is de haadstêd en grutste stêd fan Lybje. It plak leit yn it noardwesten fan it lân, by in oaze oan de Middellânske See. It stedsgebiet rint sa'n 40 km de kust bydel en de djipte fan de bebouwing is trjie oan tsien kilometer.

De namme Tripoly betsjut yn it Gryksk trije stêden. Yn de 7e iuw f.Kr. stiften de Foenysjers dêr trije stêden: Sabratha, Oea en Leptis Magna Tripoli.

Yn de Romeinske tiid waard de stêd Tripolitania neamd.

Tripoly leit yn in subtropyske sône, hat in mediteraan klimaat. De trochsneed jiertemperatuer is 20,5 gr C, de jierlikse delslach is trochstrings 334 mm.

Augustus is mei 27.7 gr. C de waarmste moanne; jannewaris is mei in trochsneed temperatuer fan sa'n 13 graden de kâldste.

De measte delslach falt yn desimber, 67,5 mm. Tusken juny en augustus bliuwt it yn it generaal drûch.

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hurde befolkingsgroei sûnt 1970 is mei it gefolch fan de ynliving fan oanswettende gemeenten.

        Jier         Ynwennertal
1890 40.000
1905 30.000
1911 29.800
1915 50.000
1929 65.900
1931 74.700
1936 98.900
1938 108.200
        Jier         Ynwennertal
1954 129.700
1960 183.500
1964 212.600
1970 264.000
1973 481.295
1978 550.400
1984 591.062
2005 1.150.990
2007 1.780.000

De grutste stêd fan lybje hat in grutte haven ta foldwaan en is it grutste sintrum fan hannel en yndustry. Tripoly produsearret fiedingsmiddele, tekstyl, klean en tabaksprodukten. De ynternasjonale lofthaven leit 34 kilometer súdlik fan it sintrum. De lofthaven ferwurke yn 2007 1,5 miljoen passazjiers en nei de oanlis fan twa nije terminals sil de kapasiteit útwreide wêze ta 20 miljoen passzjiers it jier.

In wichtige wurkjouwer yn de stêd wie altyd de Daewoo Motor Company. Nei't dy it fabryk sletten hie, hat de Italjaanske ûndernimming Tesco Ts besocht de autoyndustry nij libben yn te blazen mei de searjeproduksje fan de Saroukh el-Jamahiriya. Yn de sakeweinsektor is de Trucks and Bus Company warber yn Tripoly. Dy ûndernimming is merklieder yn it lân en no in wichtige wurkferskaffer foar de regio.

Yn Tripoly sit de Al-Fatih-Universiteit, in Hegeskoalle foar Keunsten, in hegeskoalle foar elektrotechnyk, in technyske hegeskoalle en in hegeskoalle foar telekommunikaasje.

Fierders hat de stêd it Nasjonaal argyf, mei in grutte samling dokuminten oer de skiednis fan Tripoly, en de Oerheidsbibleteek.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de medina

De medina, mei in muorre rûnom, is it âldste part fan Tripoly en bestiet meast út iuwenâlde huzen, moskeeën en paleizen. De medina is tagonklik troch trije poarten yn de stedsmuorre, de Bab Zanata yn it westen, de Bab Hawara yn it súdeasten en de Bab Al-Bahr yn it noarden. Súdeastlik fan de medina, oan it Griene Plein, stiet de Assaraya al-Hamra (it Reade Kastiel), in fersterke paleis mei ferskate binnenplakken dêr't tsjintwurdich in museum húsmannet. De medina hat ek in triomfbôge fan Markus Aurelius út de 2e iuw.

Eastlik fan de âlde medina leit in moderne wyk mei de ta moskee omboude katedraal fan Tripoly.