Springe nei ynhâld

Timmerman

Ut Wikipedy
In timmerman yn Poalen

In timmerman of timmerfrou is in ambachtsman/ambachtsfrou dy't oan houtbewurking docht. Yn 'e bou ferrjochtet er nijbou en/of ûnderhâld oan houtene flieren, wanden, dakkonstruksjes, kezinen, doarren en finsters. Yn 'e meubelmakkerij wurdt in timmerman yn 'e omgongstaal faak in 'skrynwurker' neamd.

Foarhinne, yn 'e tiid dat houtene keapfarders om 'e wrâld sylden foar hannel, wie de skipstimmerman in tige wichtige funksje oan board. Sa'nent ferrjochte ûnderweis it ûnderhâld oan it skip en reparearre oprûne averij. In spesjalisme ûnder skipstimmerlju wiene de mêstemakkers. Tsjintwurdich komme skipstimmerlju fral noch foar yn 'e jachtebou, dêr't se 'skipsbesjitter' neamd wurde. Sokken binne faklju dy't wurk leverje op in plak dêr't frijwol gjin rjochte linen of searjewurk foarkomme en alles op maat makke wurde moat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.