Springe nei ynhâld

Sybren Jansma

Ut Wikipedy
Sybren Jansma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sybren Jansma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 3 febrewaris 1982
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
lingte 1.99 m
sportive ynformaasje
sport bobslydzjen
ûnderdiel 2-mansbob, 4-mansbob
O.S. Turyn 2006,
Fankoever 2010,
Sotsjy 2014
debút 2002

Sybren Jansma (Drachten, 3 febrewaris 1982) is in Fryske bobslider.

Sybren Jansma begûn mei bobslydzjen yn 2002, en makke sadwaande noch gjin diel út fan de Olympyske bob dêr't Arend Glas op de Olympyske Winterspullen 2002 mei aktyf wie. Yn de rin fan 'e tiid soe Jansma lykwols útgroeie ta de meast betroubere maat fan Glas yn de twamansbob en yn de fjouwermansbob.

Yn jannewaris 2006 kwalifisearre Jansma him definityf yn it team dat inkele wiken dêrfoar kwalifikaasje ôftwongen hie foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn. Hy die dit troch yn it Dútske Oberhof syn konkurrinten foar de Spullen yn in startwedstryd efter him te litten.

Yn Turyn begûn Jansma yn de twamansbob mei Arend Glas, wylst hy tegearre mei Glas, Vincent Kortbeek en Arno Klaassen yn de fjouwermansbob stapte. Cesar Gonzalez gie mei nei Turyn as stand-in. Yn de twamansbob rekken Glas en Jansma nei fjouwer runs op in teloarstellend 19e plak. De fjouwermansbob like earst noch foar in folle bettere prestaasje te soargjen, mar it 12e plak nei de earste run koe net fêstholden wurde, wêrtroch't se einigen op it 16e plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: