Springe nei ynhâld

Stasjon Leien Sintraal

Ut Wikipedy
Stasjon Leien Sintraal
station Leiden Centraal
Stasjon Leien Sintraal yn 2012
Stasjon Leien Sintraal yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Leien
plak Leien
adres Anna Grollstraat 2t
arsjitektuer
stasjonskoade Ledn
type Trochgongsstasjon
iepening 17 augustus 1842
boujier 1842 1e stasjonsgebou
1879 2e stasjonsgebou
1953 3e stasjonsgebou
1996 4e stasjonsgebou
sloopjier 1879 1e stasjonsgebou
1951 2e stasjonsgebou
1995 3e stasjonsgebou
arsjitekt 1842
F.W. Conrad
1e stasjonsgebou
1879
D.A.N. Margadant
2e stasjonsgebou
1953
H.G.J. Schelling
3e stasjonsgebou
1996
H.C.H. Reijnders
4e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 6
spoarline Alde line
Skipholline
Woerden - Leien
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Leien Sintraal (Leien)
Stasjon Leien Sintraal

Stasjon Leien Sintraal (Ledn) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd Leien, en waard iepene yn 1842 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske stêd is yn 1996 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1842 iepene.

2e stasjonsgebou stasjon Leien Sintraal om en de by 1900
3e stasjonsgebou stasjon Leien Sintraal yn 1953

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de arsjitekt Frederik Willem Conrad en iepene op 17 augustus 1842 syn doarren foar treinreizgers. middenpart mei in arkade. De loketen sieten yn in sirkelfoarmich part. Oan wjerskanten fan it middenpart in fleugel mei kroanlist.

Yn 1879 makke it earste stasjonsgebou plak foar nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Dirk Margadant. It nije gebou, wie ek wer in gebou mei in heech middenpart, mar mei twa nei efteren pleatste fleugels, dy't elk einige yn in heger hoekgebou op deselde roailine pleatst as it middengedielte.

Yn 1953 kamen de spoaren heger te lizzen en moast der in nij stasjonsgebou komme. nei in ûntwerp fan arsjitekt Schelling. In stasjon waard útfierd mei in protte beton, fergelykber mei de stasjonsgebouwen fan Arnhim, Ynskedee, Hengelo en Sutfen. Der wiene in soad pylders yn de hal en de gongen. Fia in trep koe de haadútgong berikt wurde.

Nei de komst fan de Skipholline waard it stasjon fan Schelling te lyts befûn foar it hieltyd fierder groeiende tal reizgers. Benammen de hal en de tunnel nei de perrons waarden te krap. It stasjonsgebou út 1953 waard yn 1995 ofbrútsen it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Harry Reijnders waard yn 1996 iepene. It stasjonsgebou bestiet út wite fakwurkkonstruksjes. Kenmerkend is de entree, besteande út in bûgde wite skulp.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
700 Intercity (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolAssenGrins
1400 Nachtnet Intercity
(NS)
Utert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SintraalSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftRotterdam Sintraal De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
1800 Intercity (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolMeppelLjouwert
2100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlimLeien SintraalDe Haach Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Doardt nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Skiphol Airport en Venlo.
8800 Intercity (NS) Leien SintraalAlfen oan de RynWoerdenUtert-Sintraal
24400 Nachtnet Intercity (NS) Amsterdam Bijlmer ArenASkiphol AirportLeien Sintraal Alinne tiisdei en woansdeitenacht.
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.
8900 Sprinter (NS) 'Leien SintraalAlfen oan de RynWoerdenUtert-Sintraal Rydt net jûns nei 20:00, freed en yn it wykein; Rydet yn in brede spits de hiele rûte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: