Springe nei ynhâld

Sicco Roorda van Eysinga

Ut Wikipedy
Sicco Roorda van Eysinga
Sicco Ernst Willem Roorda van Eysinga
Sicco Ernst Willem Roorda van Eysinga
persoanlike bysûnderheden
oare namme Chremes, Djojo, Pak Maria, Sentot
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 augustus 1825
stoarn 23 oktober 1887
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt militêr, sjoernalist, publisist
bekendste
  wurk(en)
Vloekzang, Koning Gorilla

Sicco Ernst Willem Roorda van Eysinga (Batavia, 8 augustus 1825 - Clarens (Switserlân, 23 oktober 1887) wie in militêr, sjoernalist, publisist en sosjalist mei anargistyske sympatyen. Hy publisearre ûnder de skûlnammen Chremes, Djojo, Pak Maria en Sentot.

Hy wie de soan fan Sytze Roorda fan Eysinga (*Snits 1772), predikant, en Geertruida Catharina Dibbetz. Yn 1867 troude er mei Selinda Elizabeth Bolomey, by wa't er in dochter en twa soannen krige. Nei it ferstjerren fan syn frou yn 1875 troude er op 'en nij mei Jenny Louise Duvoisin, hja krigen fjouwer dochters.

Nei in stúdzje oan de Militêre Akademy yn Breda hat Sicco Ernst Roorda van Eysinga as offisier alve jier, oant 1855, yn it Yndyske leger tsjinne. Wie doe in tal moannen sjoernalist en behearder fan in kofjeplantaazje, en waard doe yngenieur by de Ynjeske oerheid.
Under de skûlnamme Sentot skreau er de Vloekzang yn Multatuli syn Max Havelaar (hjir te lêzen). Al earder hie er omtinken frege foar de earmoede en ûnderdrukking fan de Javanen. Hy waard ferballe út Nederlânsk-Ynje yn 1864 fanwegen in artikel yn de Java-Bode en gie werom nei Nederlân.

Doe't it him dúdlik waard dat er gjin earewerstel krije soe en ek net in pinsjoen oer syn Ynjeske jierren, ferfear er yn 1872 nei Rolle, oan de Mar fan Sjenêve, yn Switserlân, mar bleau wol publisearjen yn Nederlânske blêden (benammen dy mei Multatulianen yn de redaksje); ek misstannen yn Nederlânsk-Ynje holden syn omtinken. Henri Roorda (1870-1925), syn soan, waard opbrocht oan de iggen fan de Mar fan Sjenêve. Hy waard skriuwer fan ûnder mear Mijn zelfmoord en is wol omskreaun as de 'grutste humorist' fan Frânsktalich Switserlân.

Fan Eysinga waard yn 1886 meiwurker oan it sosjalistysk blêd Recht voor Allen (redaksje û.o. syn freon Domela Nieuwenhuis). Bekend is syn briefwikseling mei Multatuli, dy't er tige bewûndere (útjûn troch Fr. Douwes Dekker-Hamminck Schepel, 1907).

Yn febrewaris 1887 ferskynt yn De Haach de anonime brosjuere Uit het leven van Koning Gorilla, in húnskrift tsjin kening Willem III, dêr't letter fan dúdlik waard dat Roorda van Eysinga de skriuwer wie.

In karút:

  • Eenige denkbeelden over goedkoope spoorwegen op Java. Soerabaja, 1864
  • Trekt Nederland batige saldoos ten koste van Java?. Amsterdam, 1865
  • Mijne verbanning en mijn vloekzang. Amsterdam, 1866
  • Uit het leven van Koning Gorilla. De Haach, 1887. Yn de ynlieding fan de werprintinge út 1987 wurdt de auteurskwestje ferdútst.
  • Verzamelde stukken. De Haach 1889

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: