Springe nei ynhâld

Orakel

Ut Wikipedy

In orakel wie yn 'e Grykske Aldheid in persoan fan wa't it sizzen wie dat hy of sy oer profetyske jeften beskikte en/of by steat wie om in troch in god of goadinne ynflústere boadskip troch te jaan. Ek wurdt mei de term 'orakel' dat boadskip sels wol oantsjut.

It meast ferneamde orakel wie yn it âlde Grikelân it Orakel fan Delfy, dat wijd wie oan 'e god Apollo. Dat waard sa ferneamd, dat Delfy, yn Boeoasje (sintraal Grikelân), útgroeide ta in beafeartsplak, dêr't jiers tûzenen pylgers hinne teagen. Oare bekende orakels wiene:

Behalven by de Alde Griken kamen (en komme) foarmen fan orakels ek foar yn 'e tradisjonele Sineeske kultuer, dêr't û.m. saneamde orakelbonken en it orakelboek I Tjing yn gebrûk wiene/binne. Yn Afrika hawwe bgl. de Jorûba fan súdwestlik Nigearia in orakel yn 'e foarm fan it Ifa-orakel. Ek Paul de Oktopus, in inketfisk dy't foarhinne de fuotbalwedstriden fan it Dútske nasjonale alvetal korrekt foarsei, kin sjoen wurde as in (troch de measte minsken net serieus nommen) orakel.

Ta einbeslút wurdt de oantsjutting 'orakel' tsjintwurdich ek wol yn oerdrachtlike sin brûkt foar persoanen waans miening oer in beskaat ûnderwerp altyd rekkenje kin op oandacht fan 'e media. Sa wurdt âld-fuotballer en -trener Johan Cruijff wol betitele as 'it Orakel fan Barseloana'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.