Kick Smit
Johannes Chrishostomos Smit | ||
Kick Smit (1946) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Johannes Chrishostomos Smit | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 3 novimber 1911 | |
berteplak | Bloemendaal | |
stjerdatum | 1 july 1974 | |
stjerplak | Haarlim | |
klupskiednis | ||
posysje | Middenfjilder | |
jeugdteams | ||
Geel Wit | ||
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1924-1925 1925-1932 1932-1934 1934-1940 1940-1945 1945-1950 |
Geel Wit Onze Gezellen RCH HFC Haarlim HBC HFC Haarlim | |
nasjonaal team | ||
1934-1946 | Nederlân | 29 (26) |
trainer by | ||
1951-1956 1956-1958 1959-1961 1965-1966 |
HFC Haarlim Alkmaar '54 RCH HFC Haarlim |
Johannes Chrishostomos "Kick" Smit (Bloemendaal, 3 novimber 1911 - Haarlim, 1 july 1974) wie in Nederlânske fuotballer. Yn de jierren '30 en '40 wie hy de stjerspiler fan HFC Haarlim.
Smit makke as trettjinjierrige al syn debút yn it earste alvetal fan Giel-Wyt. Yn 1934 spile hy syn earste wedstryd foar Haarlim. Hy wie in technysk bejeftige linksbinnen.
Itselde jier debutearre Kick Smit yn it Nederlânsk alvetal yn in wedstryd tsjin Belgje. Hy makke fuort trije goals. Oant 1946 kaam er 29 kear út foar Oranje en makke er 26 doelpunten.
Mei Haarlim helle hy, ek yn 1946, de lânstitel. Yn 1950 beëinige hy syn aktive karriêre en waard hy trainer. Yn it seizoen 1954/1955 spile hy noch fiif wedstriden yn it earste alvetal. Bûten syn wurk as trainer by ferskate clubs wie hy sechtjin jier lang dosint op it CIOS. As sakeman hie er net folle súkses.
Noch yn syn fuotbalkarriêre waard de (foar)namme fan Kick Smit ferivige troch striptekener Henk Sprenger, dy't de figuer Kick Wilstra kreëarde. De sportredaksje fan it Haarlims Deibled rôp Smit út ta Haarlimsk sportman fan de 20e iuw.
Smit ferstoar, nei in slopende sykte, yn 1974 op 62-jierrige leeftyd, twa dagen foardat Oranje him wist te pleatsen foar de finale fan het Wrâldkampioenskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|