Springe nei ynhâld

Juda (soan fan Jakob)

Ut Wikipedy
Juda

Juda (Hebriuwsk: יְהוּדָה, modern Hebriuwsk Yehuda ("lofprizing")) wie yn it bibelboek Genesis de fjirde soan fan Jakob en Léa en de stifter fan de Israelityske stamme Juda. Juda joech de namme oan it lettere keninkryk Juda, it lân Judea en it wurd Joad. Juda is de grûnlizzer fan ien fan de tolve stammen. Sa't Jakob dat op syn stjerbêd foarsei soe de stamme fan Juda in grutte rol yn 'e skiednis fan Israel spylje. Kening David wie in telch út Juda's line. De Liuw fan Juda is ien fan de nasjonale symboalen fan it Joadske folk.

Juda's idee: Joazef wurdt troch de bruorren as slaaf oan de Ismaeliten ferkocht (Zygmunt Sokołowski)

Doe't de soannen fan Jakob harren broer Joazef út oergeunst deadzje woene, wie it Juda dy't frege wat sin it hie om him om te bringen. De âldste broer Rûben besocht syn bruorren oer te heljen om him efter te litten yn in djippe put, sadat hja gjin bloed ferjitte hoegden en hy Joazef letter rêde koe. Mar doe't in hannelskaravaan nadere wie it Juda's útstel om him te ferkeapjen oan de Ismaeliten.[1]

Juda krige mei syn frou Sjela, in dochter fan de Kanaänityske keapman Sjûa, trije soannen: Er, Onan en Sjela. Syn âldste soan Er troude mei Tamar, mar om 't er net goed libbe die God him dea. Juda hiet doe syn twadde soan Onan om foar syn ferstoarne broer in bern te ferwekken by Tamar, mar Onan wegere dat en brocht syn sied net yn Tamar mar fergriemde it oer de flier. Ek Onan waard ferflokt en ferstoar. No hie Juda noch mar ien soan en om 't er benaud wie dy ek te ferliezen stjoerde er Tamar yn har rouklean werom nei har eigen folk.

Jierren gyngen foarby, Juda's frou wie al ferstoan en Sjela wie folwoeksen woarn. Mar oars as de tradysje dat foarskreau waard Tamar net oan Sjela jûn. Nei't hja in mooglikheid krige om har eardere skoanheit te moetsjen woe hja wraak op Juda nimme, hja die har rouklean út, in wale foar de holle en ferklaaide har as hoer. Juda, dy't net yn 'e rekken hie dat it syn skoandochter wie en fanwegen de klean yn har in hoer seach, trape yn har fal en bea har in geit oan foar har seksuële tsjinsten. De geit soe letter brocht wurde, mar as ûnderpân krige de hoer fan Juda in segelring, in stêf en in koarde, sadat hja wis wie dat de geit folgje soe. Lykas er ûnthjitten hie liet Juda letter syn manlju de geit bringe, mar de hoer like ferdwûn en nimmen dy 't yn de omkriten wist wêr't in publike frou wenne.

Tamar en Juda (James Tissot)

Doe't Juda moannen letter it berjocht krige dat syn skoandochter oerhuorrich west hie en in bern yn har droech, easke er op hege toan dat hja de dea fertsjinne troch ferbranning. Tamar stjoerde him doe de segelring, de stêf en de koarde, mei de meidieling dat de eigner fan dy saken de heit wie fan wat hja yn har droech. Juda seach yn dat er net hannele hie neffens de Levityske tradysjes en dat Tamar foar him oer yn har rjocht stie, om't er har net oan syn soan Sjela jûn hie. Tamar brocht in twilling op 'e wrâld: Pêres en Sêrach. Juda en Tamar soene letter gjin omgong mear mei inoar ha, mar oer Pêres soe Juda's line nei kening David rinne.[2]

Sûnder dat de bruorren it wisten waard de as slaaf ferkochte broer Joazef yn de rin fan de tiid ûnderkening fan Egypte en doe't der hongersneed yn Kanaän ûnstie, reizgen de bruorren nei Egypte om dêr iten te heljen. Hja kamen by de ûnderkening, dy't hja net mear as harren broer werom koene, mar Joazef seach wol dat it syn bruorren wiene dy't om iten biddelen en nei't it der op like dat de bruorren harren jongste broer Benjamin as slaaf efter litte moasten, wie it Juda dy't Joazef frege om yn it plak fan Benjamin efter te bliuwen, om't syn it heit Jakob wis stjerre soe as de jongste net mei werom kaam. Joazef rekke sa oandien troch it útstel fan Juda, dat er him bekend makke by de bruorren.[3] Nei't Joazef him mei syn bruorren fermoedsoeme hie, died er it útstel om de heit te heljen en harren yn Egypte nei wenjen te setten.

Segen fan Jakob

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op syn stjerbêd segene Jakob syn soannen. Ek fertelde Joazef hoe't it harren yn de takomst fergean soe. Oer Juda sei Jakob dat al syn bruorren him loovje sille en foar him soene alle soannen harren bûgje. De stamme fan Juda soe boppe alle oare alve stammen stean, Juda waard in liuwejong neamd en de skepter soe net fan him wike, wêrmei't Jakob de rige kenings út Juda's skaai foarsei.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genesis 37:25-27
  2. Genesis 38:1-27
  3. Genesis 44:1-34
  4. Genesis 49:8-10