Johan Henrik Beucker Andreae
Johan Henrik Beucker Andreae | ||
politikus | ||
Skaadbyld fan Johan Henrik Beucker Andreae | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 20 oktober 1811 | |
berteplak | Ljouwert | |
stjerdatum | 3 maart 1865 (53 jier) | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
ûnderskiedings | Kommandeur yn de Oarder fan de Ikekroan Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw | |
Boargemaster fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1851-1865 |
Mr. Johan Henrik Beucker Andreae (Ljouwert, 20 oktober 1811 - dêre, 3 maart 1865) wie in Nederlânsk abbekaat en boargemaster fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johan Henrik Beucker Andreae wie in telch út de Fryske patrysjersfamylje Beucker Andreae. Hy wie in soan fan Daniel Hermannus Beucker Andreae (1772-1828) en Catharina Elizabeth Huber (1779-1822). Op 10 maaie 1843 troude er mei Baukje Bolman (1822-1886). Mei har krige er njoggen bern (4 soannen en 5 dochters) dêr't twa fan jong ferstoarn binne.
Beucker Andreae studearre rjochten yn Utert en promovearre dêr yn 1840 op in rjochtshistoarysk ûnderwerp. Nei syn stúdzjetiid makke er in grutte reis nei Itaalje en Grikelân. Oer dy reizen publisearre er yn 1843 Eenige brieven uit Moréa en Athene en yn 1856 Herinneringen aan Italië. Yn 1842 fêstige er him as advokaat yn Ljouwert. Yn 1850 brocht er in rapport út oer de sosjale tastân en de earmoede yn Fryslân. Yn 1851 waard er beneamd ta boargemaster fan Ljouwert. Dy funksje hie er oant syn ferstjerren yn 1865.
Beucker Andreae ferfolle ferskate maatskiplike funksjes. Hy wie regint fan it Diakonyhûs, fâd fan it Nije Steds Weeshûs en skoalopsjenner yn in pear skoaldistrikten yn Fryslân. Hy wie aktyf yn de frijmitselderslôzje De Friesche Trouw en hie sitting yn it bestjoer fan it Frysk Genoatskip. By in besite fan Kening Willem II oan Ljouwert yn 1852 waard Beucker Andreae beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan de Ikekroan. Yn 1860 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|