Jellum
Jellum | ||
Eardere herfoarme tsjerke (no teätertsjerke) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 145 (2022) [1] | |
Oerflak | 3,25 km² lân: 3,22 km² wetter 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 45 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 44' E | |
Offisjele webside | ||
jellumbears.nl | ||
Kaart | ||
Jellum is in Frysk doarp yn it westlike part fan de gemeente Ljouwert. It is in lintdoarp oan de dyk fan de eardere Middelsee, deunby it hjoeddeistige spoar fan Ljouwert nei Starum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik is Jellum in terpdoarp, dat him foar oan de âlde seedyk ûntwikkele.
Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel.
Mammema State
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de tsjerke oer lei achter it rychje hûzen oan 'e Hegedyk de Mammemastate. It lân leit noch jimmeroan wat heger en der moatte noch ûndergrûnske resten fan de state lizze, dêr't jonker Sicke fan Dekema († 1625) en oare grytmannen fan Baarderadiel wenne ha. De state waard yn 1400 foar it earst neamd en is yn 1856 ôfbrutsen. Fan de slotgrêf is noch in diel oanwêzich en yn 1983 is der noch in âlde wetterput fûn.[2]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Teätertsjerke Mammemahuis.
De tsjerke út 1700 waard yn 1832 en 1893 troffen troch bliksem. Nei 1893 is de tsjerke op 'e nij boud.
Yn febrewaris 2020 waard de grêfsark mei grêfkelder fan Sicke fan Dekema, in bewenner fan Mammemastate, fannijs ûntdutsen ûnder de houten flier fan de tsjerke. Earder wie net dúdlik wêr't hy beïerdige wie[3].
Sûnt 2017 waard de tsjerke net mear brûkt. De tsjerke is sûnt 2022 in teätertsjerke. Der kinne lykwols ek noch spesjale tsjinsten fierd wurde.[4]
Stasjon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1883 oant 1938 hie Jellum, tegearre mei it buordoarp Boksum, in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum, Jellum-Boksum neamd. De komponist Paulus Folkertsma (1901-1972) skrea yn 1950 it folksferske 'It Muzyk Giet troch de Buorren', weryn't ferwiist wurdt nei it stasjon fan Jellym-Boksum ("Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!").
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jellum wurdt faak yn ien sike neamd mei it buordoarp Bears, dêr't it in twillingdoarp mei foarmet. Hast alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen. Doarpsbelang komt faak by inoar yn doarpshûs/kafee Jonker Sikke.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- PKN Westerwert
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jellum hat gjin eigen basisskoalle mear. Bern moatte foar it basisûnderwiis nei Weidum, Hilaard of Boksum.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2009 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 217 | 202 | 191 | 161 | 141 | 140 | 145 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rely Jorritsma, skriuwer
- Pieter de Boer, hurdrider
- Jan Schotanus, skriuwer
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hegedyk, Hilaarderdyk, Lytse Dyk, Nijlânsreed, Smidshoeke.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sûnt 1964 wurdt yn Jellum-Bears alle jierren healwei augustus, krekt in wike nei de Freulepartij yn Wommels, de Revâns-Freule holden.
- Sûnt in pear jier wurdt yn Jellum alle jierren in pompoenfestival hâlden.
- Op de sânde woansdei nei 1 july wurdt yn Jellum-Bears de revanchepartij Freulekeatsen hâlden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |