Jan Jelles Hof
Jan Jelles Hof | ||
skriuwer | ||
Jan Jelles Hof om 1906 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Jan fen'e Gaestmer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 oktober 1872 | |
berteplak | De Gaastmar | |
stoarn | 13 febrewaris 1958 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Poaza, poëzy, sjoernalistyk |
Jan Jelles Hof (De Gaastmar, 27 oktober 1872 - Ljouwert, 13 febrewaris 1958) wie in Frysk skriuwer, oersetter en sjoernalist.
Hy waard berne yn De Gaastmar as soan fan in skipper. Hy waard letter beropssoldaat en wurke as sjoernalist oan it Nieuwsblad Friesland, as haadredakteur by it Leeuwarder Nieuwsblad en wie redakteur fan Frysk en Frij (1945).
Hy hie in soad spul as lid fan de Fryske Beweging. Hie û.o. striidskriuwerij mei Douwe Kalma.
Mei O.H.Sytstra in treflik kenner fan de Fryske folkstaal.
Yn 1933 publisearre er de Friesche Dialectgeographie, in stúdzje dy't de Fryske dialektgrinzen yn kaart brocht op basis fan syn eigen fjildûndersyk.
Under de skûlnamme 'Jan fen'e Gaestmer' skreau er poëzij.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]poëzij:
proaza:
skoalboek:
- Yn eigen Tún (1909)
oersettings:
- De Sang fen Hiawatha (nei Henry Wadsworth Longfellow, 1901-1904)
- ferskate oersettings nei Multatuli en Guido Gezelle
ferskaat
- Nieuwe Friesche Spraakkunst ( mei O.H. Sijtstra, 1925)
- Friesche dialectgeographie (1933)
- Fjirtich Jier Taelstriid (1943) 4 dielen, 1940-1942
- Dit en dat oer it Stedsk (1956)
- brosjueres en artikels
Oer Hof en syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwe Kalma (1943) J. Tj. Piebenga (1957)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk sjoernalist
- Frysk kranteredakteur
- Frysk tydskriftredakteur
- Frysk romanskriuwer
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk dichter
- Frysk publisist
- Frysk soldaat
- Skriuwer yn it Frysk
- Frysk oersetter
- Oersetter nei it Frysk
- Persoan berne yn De Gaastmar
- Persoan stoarn yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1872
- Persoan stoarn yn 1958