Ieburch
De state Ieburch of Eeburg stie yn Lekkum, gemeente Ljouwert. Fan de state is neat werom te finen. Op 11 april 1898 wurdt de terp fan Ieburch ôfgroeven. Yn Lekkum ferwiist noch in strjitte nei de state.
De state waard boud yn 1768 en yn 1898 ôfbrutsen. Yn 1767 giet de Wâldseiner skipsbouwer Tiete Hylkes Tromp (1704-1785) rintenierjen te gean. Yn Lekkum keapet er lân mei iopstal, njonken de pastorije foar de tsjerke oer. Yn 1768 liet it de opstal yngreven ferouwe en joech de state de namme Ieburch. De namme ferwiisde nei de Ie dêr't de helling fan Tromp yn Wâldsein oan stie en tafallich, ei it wetter dat lâns synnije hûs rûn, de Ie tusken Ljouwert en Dokkum. Tromp ferstoar ek yn Lekkum; syn grêfsrtien leit yn de tsjerke. Der stiet lykwols net de namme Tiete Hylkes Tromp op mar it sjikere Tiete van Hettinga Tromp - yn 1778 hie hy him ferneamd nei syn famylje fan memmeklant. Ieburch fererve op syn ienige dochter Wytske, troud mei Hein Blok. Dit houlik bleau sûnder bern en it besit ferfoel dêrnei oan in efterneef, in soan fan neef Solke Walles en nicht Tjitske Ages Tromp. Dy erfde it op betingst dat hy Tiete hjitten gie en op de state wenjen gie. Dizze Tiete, letter presidint fan it Provinsjaal Gerjochtshof, kaam syn ferplichtingen nei en kaam yn it hûs mei syn alve bern. Yn 1832 stiet Tiete Solkes Tromp yn it kadaster fermeld as eigener mei as funksje “Vicepresident bij de Rechtbank”.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1768 - 1785 Tiete Hylkes van Hettinga Tromp
- 1785-1788 Uilkje Hoites, wed. Van Hettinga Tromp
- 1788 Wytske van Hettinga Tromp
- Tiete Solkes
- 1897 Pieter en Joute van der Werff
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|