Germ de Jong
Germ de Jong | ||
keunstner | ||
Germ de Jong yn 1956 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1886 | |
berteplak | Sint-Jabik | |
stoarn | 1967 (81 jier) | |
stjerplak | Overveen | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Keunstkilder, tekener | |
streaming | Ympresjonisme, letter ekspresjonisme | |
offisjele webside | ||
Germ de Jong, RKD |
Germ de Jong (Sint-Jabik, 8 maart 1886 - Overveen, 11 april 1967) wie in skilder en tekener. Hy wurdt rekkene ta de Bergenske Skoalle.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Germ de Jong wie de soan fan ierdappelkeapman Dirk de Jong en Froukjen Landstra. De hûshâlding ferhuze fan Sint-Jabik nei Raard en letter nei ljouwert. Ut reden fan jildkrapte ferfear it gesin De Jong dêrnei rillegau nei Amsterdam. Dêr folge De Jong in oplieding oan de Quelliniusskoalle, in skoalle ornearre foar jonge tekeners út net sa begoedige fermiddens. Hy wurke in oantal jierren as litograaf en waard letter keunstner. De oplieding dêrfoar krige er oan de Akademy foar Byldzjende keunsten yn Amsterdam (1909-1910) en de Akademy fan Rotterdam (1906) en De Haach, mar op al dy plakken mar koart, it offisje keunstûnderwiis foldie him net. Hy krige les fan Carel Lodewijk Dake, Huib Luns en Nicolaas van der Waay. Syn earste skilderijen binne út 1914. Yn 1918 hat De Jong in solo-útstalling by keunsthannel Herman d'Autretch yn Amsterdam, in grut súkses.
Hy ferfear dêrnei nei Parys, it 'Mekka' foar moderne keunstners yn dy tiid. Yn Parys hat De Jong kunder oan ûnder oaren Picasso en Piet Mondriaan.
Yn 1933 giet er mei syn hûshâlding werom nei Nederlân en sette har nei wenjen yn Skoarl. Dêr moetet er de skilders fan de Bergenske Skoalle. Yn 1936 rint syn twadde houlik op 'e non. In jier letter krige er ferkearring mei Tonny de Kruijff mei wa't er nei 1942 yn Amsterdam wennet. Syn earder frou Elise de Jong-van Biema waard yn 1945 yn Auschwitz fermoarde. Nei de oarloch wenne en wurke er yn Amsterdam. Hy wie dêr befreone mei Simon Carmiggelt.
Fierder wenne en wurke er yn Bergen, Blaricum (1914-1922) en Overveen (1964-1967). Simmerdeis giet er faak útfanhûs yn hotel Hofker op It Amelân en hy reizge troch Frankryk, Italië, Spanje en Marokko. De Jong prate gjin Frysk, mar fielde him wol Fries. By him thús hinge in buordsje mei de tekst 'Hwat bûge kin, sil net brekke'.
Syn ûnderwerpen wienen meast lânskippen, stillibbens, portretten en blommen. Boppedat makke er houtfiken, lito's en etsen. Hy stie bekend om syn gefoel foar line, kleur en komposysje. Syn wurken hawwe wat in ympresjonistyske sfear, bytiden wat ferdreame en poëtysk.
By libben waarden syn wurk al in soad tentoansteld. Yn 1937 ûntfong er in sulveren medailje yn Parys en yn 1949 de 'Arti-medailje' en hy wie earelid fan Arti et Amicitiae yn Amsterdam.
Nei syn dea wienen der grutte oersjochtentoanstellings yn It Prinsessehof yn Ljouwert (1973), Teylers Museum yn Haarlim (1986), Natuermuseum It Amelân (1989) en Museum Kranenburgh yn Bergen (1999). Hjirby ferskynden ek grutte katalogussen.
Germ de Jong is de heit fan keunsthistoarika Fanny Kelk - de Jong (1918-1978), fan keunstner Frans de Jong (1921-2010), 'skilder mei de printparse', en fan de keunstneres Clara de Jong (Parys 1928-Amsterdam 2005).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|