Springe nei ynhâld

Flagge fan Tersoal

Ut Wikipedy
Flagge fan Tersoal

De flagge fan Tersoal is de flagge fan it doarp Tersoal, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan read en giel, ferhâlding lingten 2:1; yn de reade baan in wite koal.

De kleuren komme út it wapen fan Tersoal.

  • Wite koal: oernommen út in pleatslik rymke oer it wapen fan Tersoal.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Raerderhim, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.