Dirk Dekker
Dirk Dekker | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dirk Dekker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 maart 1822 | |
berteplak | Aldeskyld (Teksel) | |
stoarn | 1903 | |
stjerplak | Den Helder (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk, Tekselsk | |
sjenre | toaniel, koarte ferh., non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
Texelsche Vertellingen De Deuvekaters | |
jierren aktyf | ±1845 – 1903 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Dirk Dekker (Aldeskyld, 28 maart 1822 – Den Helder, 1903) wie in Nederlânsk skriuwer, toanielskriuwer, publisist en ûnderwizer, dy't berne wie op it Noardhollânske Waadeilân Teksel. Hy is benammen bekend wurden om't er ien fan 'e earste auteurs wie dy't foar syn skriuwwurk gebrûk makke fan in Waaddialekt.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dekker waard yn 1822 berne yn Aldeskyld, op Teksel. Hy waard ûnderwizer en skoalhaad te Den Helder. Yn syn frije tiid skreau er yn it Nederlânsk blijspullen, pamfletten (lykas Is het uw belang de Rijkspostspaarbank te kiezen boven een particuliere?) en skiedkundige wurken (lykas Ontwikkelingsgeschiedenis en Beschrijving der Gemeente Helder). Mar dêrnjonken skreau er ek yn syn memmetaal, it Tekselske dialekt, bygelyks Texelsche Vertellingen (1867) en 't Fingertje naast den Duum en Neeltjes Nol (1871). Yn syn koarte ferhaal De Deuvekaters (1875) beskriuwt er in moard dy't op Teksel om 'e kryst hinne plannearre en útfierd wurdt mei in deuvekater, in grutte hurde bôle dy't men eartiids op it eilân mei de krystdagen tradisjoneel iet troch him yn 'e molke te weakjen. Dat ferhaal is skreaun yn it Nederlânsk, mar alles dat de Tekselske personaazjes sizze, is optekene yn it Tekselsk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|