De Westereen
De Westereen | ||
Stânbyld "De Keapman fan de Westereen" Suze Boschma-Berkhout, 1988 | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dantumadiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.130 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,91 km², wêrfan: lan: 7,52 km² wetter: 0,38 km² | |
Befolkingsticht. | 678 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 6° 2' E | |
Doarpsgebiet fan De Westereen (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel | ||
Offisjele webside | ||
Webstee De Westereen | ||
Kaart | ||
De Westereen (Standertfrysk: De Westerein) is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De Westereen leit noardwestlik fan Twizelerheide en Sweagerbosk, eastlik fan De Falom, westlik fan Kollumersweach en besuden Wâlterswâld. De Westereen hat 5.130 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan De Westereen bestiet út de Foarstrjitte, Tsjerkestrjitte, Skoallestrjitte, Ferlinge Stasjonsstrjitte en de Noarder Stasjonsstrjitte mei tusken en om dizze strjitten ferskate oare strjitten mei tichte bebouwing.
It buorskip Kûkherne (grutste diel) heart ek by De Westereen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it doarp betsjut de westlike ein fan Kollumersweach. It doarp is ûntstien as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dat dykdoarp, de dyk fan Feanwâlden nei Kollum bylâns, wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de 20e iuw hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by Feankleaster ûntwikkele, wylst De Westereen him los dêrfan westliker by de Nije Feart ûntwikkele en útwreide nei it suden nei it spoar fan Ljouwert nei Grins.
Ein 1700 sette de joad Salomon Levy út it Dútske Hessen him yn De Westereen nei wenjen. Westereender bern dy't eartiids foar it earst nei skoalle gienen mochten in stik koeke fan de 'koekebeam' plukke. Dy koekebeam stie ferstoppe op de souder fan de skoalle.
Op 18 desimber 2007 hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan it doarp foar de takomst fêst te lizzen. Dêrom waard de offisjele doarpsnamme as 'De Westereen' yn de gemeentlike basisadministraasje fêstlein. De Fryske Akademy hat de namme sa ek yn de wurdboeken opnommen mei de fermelding dat de net-Westereender Friezen de namme ornaris as 'De Westerein' útsprekke.
De Westereen hat altyd al yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
Fryske Wâlden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Westereen leit yn de Noardlike Fryske Wâlden mei in soad beamwâlen en pingo's. Eartiids wie it dêr in soad heide op earme sângrûn. De earmoede wie grut en de plaggehutten waarden bewenne troch grutte hûshâldings.De heidefjilden waarden oan it begjin fan de 20e iuw oanmakke en oant yn de 20e iuw bleaune minsken yn hutten wenjen. Yntusken binne ek de measte stiennen farianten fan dy plaggehutten hast allegear ferfongen troch moderne hûzen.
Noardlik fan De Westereen lizze tusken de Petsleat, de Kollumersweachsterfeart, de Easterbroeksterwei en de Miedwei de Sweagermieden. Utsein de boskjes yn it suden is it lânskip dêr fral iepen. Yn de Sweagermieden fiele ljippen, skrizen, tsjirken en waarlamkes harren thús.
Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Westereen leit op de eastigge fan de Nije Feart, in part fan de Swemmer. Dit wetter jout nei it suden ta ferbining mei de Burgumer Mar en it Prinsesse Margrietkanaal en nei it noarden mei Westergeast (Kollumerlân) en it Dokkumer Djip.
De Foarstrjitte ferbynt it doarp nei it easten ta mei Kollumersweach. Nei it westen jout de Boppewei ferbining mei de Sintrale As en fia de Easterein mei Feanwâlden.
Yn it suden hat it doarp sûnt 1902 in halte oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It stasjonsgebou út 1955 wie oant 1998 yn gebrûk en waard yn 2003 ôfbrutsen fanwege âlderdom.[3].
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpsferiening hjit De Westereen. De feriening 112 organisearret sûnt 2005 om it jier yn febrewaris in doarpsfeest. It sportpark hjit De Wieken. Oan de Sportleane stie it swimbad De Frosk dat yn 2016 oan reapsein rekke en neitiid sloopt is.[4] De Westereen hat in indoor fierljepsintrum. Dêr wurdt winterdeis treend.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle 't Pompeblêd
- Kristlike basisskoalle De Boustien
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ANJA - tafeltennis
- AVIOS-SVK - gymnastyk
- AVIOS - follybal
- Fûgelwacht De Westereen
- Fuotbalferiening De Westereen
- Harmonia - korps
- Hynstefreon en Het Paardenvriendje - hynsteriden
- Ids - skeelerjen
- It Koarkje - fiskjen
- Judoferiening De Westereen
- Tennisferiening
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1744 | 1848 | 1900 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2000 | 2004 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 204 | 1.027 | 2.134 | 3.594 | 3.723 | 4.053 | 4.313 | 4.617 | 5.002 | 5.119 |
Jier | 2007 | 2015 | 2020 | |||||||
Ynwenners | 5.164 | 5.056 | 4.972 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jack Kooistra, nazi-jager
- Teake van der Meer, komyk en kabaretier
- Johan Zuidema, fuotballer
- Marianne Vaatstra, slachtoffer fan in sededelikt
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten fan De Westereen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dantumadiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Damwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | ||
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | ||
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld | ||
· · |