Caballero Home Video
Caballero Home Video | ||
algemien | ||
hist. namme | Caballero Control Corporation (CCC) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Canoga Park (Kalifornje) | |
oprjochte | 1974 | |
oprjochter | Noel C. Bloom | |
offisjele webside | ||
www.caballerovip.com |
Caballero Home Video, of koartwei Caballero, is Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't oprjochte waard yn 1974, en dêrmei ien fan 'e âldsten is dy't noch bestiet. Under it Gouden Tiidrek fan de Pornografy wie it ien fan 'e grutste en meast foaroansteande pornografyske studio's fan 'e Feriene Steaten. Caballero is fêstige yn Canoga Park, in wyk fan Los Angeles. De studio is tsjintwurdich in wichtige stiper fan it anty-sinsuerplatfoarm Free Speech Coalition.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caballero waard yn 1974 oprjochte troch Noel C. Bloom ûnder de namme Caballero Control Corporation (CCC). Under it Gouden Tiidrek fan de Pornografy, ein santiger en begjin tachtiger jierren, wie it ien fan 'e grutste en meast toanoanjaande pornografyske studio's fan 'e Feriene Steaten. Fanwegen dy ynfloedrike posysje waard Caballero doedestiden wol de "General Motors fan 'e Porno" neamd.
Yn 'e jierren tachtich en de iere jierren njoggentich brocht de studio ferskate pornografyske films út dy't klassikers fan har sjenre wurden binne, wêrûnder Insatiable (1980), ûnder rezjy fan Godfrey Daniels, mei yn 'e haadrol Marilyn Chambers, en Traci, I Love You (1988), de iennichste tsjintwurdich noch legale film fan Traci Lords (want makke twa dagen nei har achttjinde jierdei), dy't de hiele pornoyndustry hast ûnder fuotten helle doe't útkaam dat se oer har âldens liigd hie en jierrenlang minderjierrich as pornoaktrise aktyf west hie.
Oare akteurs en aktrises dy't yn dy tiid in protte foar Caballero wurken, wiene grutte nammen as Seka, Ginger Lynn, John Holmes, Joey Silvera, Nina Hartley, Ron Jeremy en Christy Canyon. Caballero ûntfong yn 'e tachtiger jierren hûnderttûzenen dollars yn skeafergoeding nei't piraten yllegaal mei de produksjes fan it bedriuw oan 'e haal gien wiene. Yn dyselde snuorje naam it de hiele backlist fan konkurrint Cal Vista oer. Geandewei de jierren njoggentich rekke it mei Caballero lykwols wat yn it neigean, en hjoed de dei is it gjin grutte spiler mear yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Yn septimber 2012 kaam Caballero Home Video yn it nijs doe't de studio foar de rjochter dage waard troch iiskoprodusint Ben and Jerry's út Fermont. Dat bedriuw makke der nammentlik beswier tsjin dat Caballero meilifte op 'e populariteit fan syn iiskoprodukten mei in pornofilmrige dy't as namme Ben and Cherry's hiet (cherry, dat letterlik "kers" betsjut is yn it Amerikaansk-Ingelsk ntl. ek in sprektaalwurd foar "fagina"). De rjochtsaak einige op 29 july 2013 mei in skikking wêrby't Caballero dermei ynstimde om yn takomstige publikaasjes net wer wurdspilings op 'e namme fan Ben and Jerry's te meitsjen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |