Blood Lite is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur en auteur Kevin J. Anderson. It boek omfettet 21 koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't fermaaklikens kombinearje mei it boppenatuerlike, en yn 't bysûnder mei fampieren. De titel betsjut letterlik "Bloed Light" (yn 'e sin fan in produkt mei minder kaloryen as normaal). De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Kelley Armstrong, Charlaine Harris, Sherrilyn Kenyon en Jim Butcher. Alle ferhalen út Blood Lite waarden yn dizze bondel foar it earst útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Blood Lite waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Gallery Books.
- Kelley Armstrong, The Ungrateful Dead (ûnderdiel fan Women of Otherworld)
- Joe R. Lansdale, Mr. Bear
- Lucien Soulban, Hell in a Handbasket
- Christopher Welch, The Eldritch Pastiche from Beyond the Shadow of Horror
- Matt Vene, Elvis Presley and the Bloodsucker Blues
- Don d'Ammassa, No Problem
- Mark Onspaugh, Old School
- J.A. Konrath en F. Paul Wilson, The Sound of Blunder
- Charlaine Harris, An Evening with Al Gore
- Steven Savile, Dear Prudence
- Will Ludwigsen, A Good Psycho Is Hard to Find
- Janet Berliner, High Kicks and Misdemeanors
- Eric James Stone, P.R. Problems
- Sherrilyn Kenyon, Where Angels Fear to Tread (ûnderdiel fan Dark-Hunter)
- Mike Resnick, A Very Special Girl
- D.L. Snell, Love Seat Solitaire
- Nancy Holder, I Know Who You Ate Last Summer
- Nancy Kilpatrick, Bitches of the Night
- Jeff Strand, The Bell… FROM HELL!!!
- Sharyn McCrumb, Dead Hand
- Jim Butcher, Day Off (ûnderdiel fan The Dresden Files)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|