Bert Haanstra
Bert Haanstra | ||
regisseur en/of produsint | ||
Bert Haanstra in 1989 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Albert Haanstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 31 maaie 1916 | |
berteplak | Espelo | |
stoarn | 23 oktober 1997 | |
stjerplak | Hilfertsom | |
wurkpaad | ||
wurksum as | regisseur | |
bekenste produksje(s) |
Fanfare | |
jierren aktyf | 1948–1988 |
Albert (Bert) Haanstra (Espelo, 31 maaie 1916 – Hilfertsom, 23 oktober 1997) wie in Nederlânsk filmregisseur, etolooch, fotograaf en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.
Haanstra syn filmkarriêre sette útein yn 1947. Syn koarte film Spiegel van Holland waard yn 1951 bekroand mei de Grand Prix op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Glas wûn de Oscar foar bêste dokumintêre koarte film yn 1960, en de film ûntfong ek de Sulveren Bear op de Berlinale fan 1958. Hy makke ek spylfilms, wêrûnder de komeedzjefilm Fanfare, dy't yn 1959 bekroand waard mei de Palme d' Or. Haanstra waard noch twa kear nominearre foar in Oscar yn de kategory Bêste Dokumintêre mei Alleman en Bij de beesten af, dêr't er yn oparbeide mei de Britske gedrachswittenskipper Jane Goodall.
Haanstra waard beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haanstra syn samle wurk is útbrocht op dvd, mei wat begeliedend kommintaar fan himsels: "Bert Haanstra compleet" (10 dvd's).
- De Muiderkring herleeft (1948)
- Spiegel van Holland (1950)
- Nederlandse beeldhouwkunst tijdens de late middeleeuwen (1951)
- Panta Rhei (1952)
- Dijkbouw (1952)
- Ontstaan en vergaan (1952)
- Op zoek naar aardolie (1952)
- De Exploratieboring (1953)
- Het Olieveld (1954)
- Strijd zonder einde (1954)
- God Shiva (1955)
- En de zee was niet meer (1956)
- Rembrandt, schilder van de mens (1957)
- Over glas gesproken (1958)
- Glas (1958)
- Fanfare (1958)
- De zaak M.P. (1960)
- Zoo (1961)
- Delta phase 1 (1962)
- Alleman (1963)
- De stem van het water (1966)
- Retour Madrid (1968)
- Trafic (tegearre mei Jacques Tati) (1971)
- Bij de beesten af (1972)
- Dokter Pulder zaait papavers (1975)
- Nationale parken... noodzaak (1978)
- Juliana in 70 bewogen jaren (1979)
- Een pak slaag (1979)
- Vroeger kon je lachen (1983)
- Nederland (1983)
- Chimps onder elkaar (1984)
- Monument voor een gorilla (1987)
- Kinderen van Ghana (1988)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bert Haanstra: filmer van Nederland / Hans Schoots. - Amsterdam: Mets & Schilt, cop. 2009. - 381 s. : foto's. ; 24 cm. Mei lit. opj., reg. ISBN 978-90-5330-666-6
- Jo Daems, Teder testament: de films van Bert Haanstra. Een biografie (1996)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) IMDB
- 'Haanstra in Spionage' artikel NRC oer Haanstra yn WO II
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|