Sniksweach
Sniksweach | ||
Klokkestoel fan Sniksweach | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 60 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8505 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 47' E | |
Himrik fan Sniksweach (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
Sniksweach is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noard fan de Jouwer oan de dyk nei Terherne. It doarp hat 60 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is te ferklearjen troch snik: punt en sweach:leechlizzende greide, greide yn puntfoarm dus. It wie greide fan de Eagmaripers; yn de 14e iuw wurdt it gebiet dan ek wol Ackomrypraswagh neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en Westermar makke it diel út fan iet âlde gebiet Hasker Fiifgea, en is it ien fan de âldere delsettingen fan de eardere gemeente Haskerlân. De gritenijkaart fan Schotanus (1718) jout it ierste byld fan Sniksweach. De Swaag Manne Vaart, letter de Sniksweachster Feart neamd, rûn súdwestlik bylâns in lyts tal pleatsen en joech likegoed nei it noarden as nei it suden, ûntslutingen oer it wetter. Efter de bebouwing rûn in paad dêr’t de tsjerke mei tsjerkhou oan lei. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân út 1896 dy't noch brûkt wurdt by begraffenissen. Eigener is de gemeente De Fryske Marren.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Besuden Sniksweach lizze noch petgatten as oerbliuwsel fan de turfgraverij.
- Oant de santiger jierren fan de 20e iuw stie yn Sniksweach op 'e hichte fan de reed nei De Graverij in gersdrûgerij.
- Yn Sniksweach is in kamping, De Zwagemer.
- Yn De Graverij is in Earrebarredoarp
- Doe't de alliearden yn de Twadde Wrâldkriich de slûzen by Terherne bombardearden rekke ien fleantúch oansketten. It smiet syn bommen ôf by de Graverij mar stoarte del by Follegea. Ien fan de bommen ûntplofte net mar siet in hiel ein de grûn yn. Ein fan de simmer 2009 waard besocht dy bom út de grûn te heljen en ûnskealik te meitsjen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1811 | 1890 | 1958 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|
68 | 158 | 145 | 60 | 65 |
-
De Klokkestoel fan Sniksweach
-
Sniksweach fan de westkant
-
Sniksweach sjoen út it suden wei
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Graverij - nei de turfôfgravingen dêr't de petgatten troch ûntstien binne.
- Langedyk - wetterskieding Eagmarypster Polder en it bûtlân. De earste dtyk fan De Jouwer nei Terkaple hie in soad bochten. De nije dyk is rjochter en liket sa langer.
- Ljouwerterdyk - wei fan De Jouwer nei Ljouwert, rint no bûten it doarp om.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|