Stirnzen
De stirnzen (Sterninae) binne in ûnderfamylje fan seefûgels dy't oer de hiele wrâld foarkommen en besibbe binne oan de miuwen. Neffens de measte auteurs foarmje de stirnzen no in ûnderfamylje fan de famylje fan de miuwfûgels (Laridae). Foarhinne waarden de stirnzen ek wol as aparte famylje (Sternidae) beskôge. De noddys wurde tsjinwurdich as aparte subgroep of underfamylje (Anoinae) fan de miuwfûgels rekkene.
Stirnzen | ||
grutte toefstirns (Thalasseus bergii) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
ûnderskift: | miuwen en sibben (Lari) | |
famylje: | seefûgels (Laridae) | |
ûnderfamylje: | stirnzen (Sterninae) | |
Bonaparte, 1838 | ||
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe measte stirnzen waarden earder altiten yn ien grut skaai Sterna yndield, mei in pear oare lytse skaaien. Troch ferskate ûndersiken nei it DNA wurdt it skaai Sterna no opdielt yn ferskate lytsere skaaien.
- Famylje: miuwfûgels (Laridae)
- Ûnderfamylje: stirnzen (Sterninae)
- Skaai: Gelochelidon
- Soarte: kobbestirns of swartsnaffelstirns (Gelochelidon nilotica, ek wol Sterna nilotica)
- Soarte: Australyske kobbestirns (Gelochelidon macrotarsa)
- Skaai: Hydroprogne
- Soarte: grutte klikstirns (Hydroprogne caspia, ek wol Sterna caspia)
- Skaai: Thalasseus
- Soarte: keningstirns (Thalasseus maximus, ek wol Sterna maxima)
- Soarte: grutte toefstirns (Thalasseus bergii, ek wol Sterna bergii)
- Soarte: lytse toefstirns (Thalasseus bengalensis, ek wol Sterna bengalensis)
- Soarte: Afrikaanske keningstirns (Thalasseus albididorsalis, earder ûndersoarte fan de keningstirns)
- Soarte: Sineeske toefstirns (Thalasseus bernsteini, ek wol Sterna bernsteini)
- Soarte: klikstirns (Thalasseus sandvicensis, ek wol Sterna sandvicensis)
- Soarte: Amerikaanske klikstirns (Thalasseus acuflavidus, earder ûndersoarte fan de klikstirns)
- Soarte: sierlike sirns of Kalifornyske toefstirns (Thalasseus elegans, ek wol Sterna elegans)
- Skaai: Sternula
- Soarte: lytse stirns (Sternula albifrons, ek wol Sterna albifrons)
- Soarte: Saundersstirns (Sternula saundersi, earder ûndersoarte fan de lytse stirns)
- Soarte: Amerikaanske lytse stirns (Sternula antillarum, earder ûndersoarte fan de lytse stirns)
- Soarte: Amazônestirns (Sternula superciliaris, ek wol Sterna superciliaris)
- Soarte: Perûviaanske stirns (Sternula lorata ek wol Sterna lorata)
- Soarte: elfstirns (Sternula nereis, ek wol Sterna nereis)
- Soarte: Damarastirns (Sternula balaenarum, ek wol Sterna balaenarum)
- Skaai: Onychoprion
- Soarte: Aleoetenstirns (Onychoprion aleuticus, ek wol Sterna aleutica)
- Soarte: Fidzjystirns (Onychoprion lunatus, ek wol Sterna lunata)
- Soarte: brilstirns (Onychoprion anaethetus, ek wol Sterna anaethetus)
- Soarte: bûnte stirns (Onychoprion fuscatus, ek wol Sterna fuscata)
- Skaai: Sterna
- Soarte: rivierstirns (Sterna aurantia)
- Soarte: reastirns (Sterna dougallii)
- Soarte: Tarastirns (Sterna striata)
- Soarte: swartnekkestirns (Sterna sumatrana)
- Soarte: Súdamerikaanske wytstirns (Sterna hirundinacea)
- Soarte: wytstirns (Sterna hirundo)
- Soarte: Arabyske stirns (Sterna repressa)
- Soarte: Noardske stirns (Sterna paradisaea)
- Soarte: Súdpoalstirns (Sterna vittata)
- Soarte: Kerguëlenstirns (Sterna virgata)
- Soarte: Amerikaanske wytstirns (Sterna forsteri)
- Soarte: Trudeaustirns (Sterna trudeaui)
- Soarte: swartbealchstirns (Sterna acuticauda)
- Skaai: Chlidonias
- Soarte: Nijseelânske stirns (Chlidonias albostriatus, ek wol Sterna albostriata)
- Soarte: wytwangstirns (Chlidonias hybrida)
- Soarte: wytwjukstirns (Chlidonias leucopterus)
- Soarte: blaustirns (Chlidonias niger)
- Skaai: Phaetusa
- Soarte: grutsnaffelstirns (Phaetusa simplex)
- Skaai: Larosterna
- Soarte: Inkastirns (Larosterna inca)
- Skaai: Gelochelidon