Shuba Jay (Tamyl: சுபா ஜெய்), wiere namme: Shubashini Jeyaratnam (Tamyl: சுபாசிணி ஜெயரத்தினம்; 15 july 1976 – by Hrabove, 17 july 2014) wie in Maleizysk aktrise en sakefrou fan Tamyl-komôf, dy't yn har heitelân populêr waard mei rollen yn ferskate tillefyzjesearjes. Hja kaam yn 2014 mei har Nederlânske man en jonge dochter boppe de eastlike Oekraïne om by de fleanramp mei Malaysia Airlines-flecht 17.

Shuba Jay
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shubashini Jeyaratnam
nasjonaliteit Maleizysk
berne 15 july 1976
berteplak ? (Maleizje)
stoarn 17 july 2014
stjerplak by Hrabove (de Oekraïne)
etnisiteit Tamyl
jierren aktyf 20092014
offisjele webside
shubajay.com (deade link)

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Nei't Jay in universitêre stúdzje kommunikaasjekunde ôfrûne hie mei it beheljen fan in bachelorstitel, wurke hja as tekstskriuwer op 'e reklame-ôfdieling fan 'e krante de New Straits Times. Yn 2009 naam se diel oan it 15Malaysia project, in rige koarte films oer in ferskaat fan maatskiplik-politike tema's. It jiers dêrop die se mei har heit mei oan it realitytillefyzjeprogramma Mari Menari (Maleisk foar "Sille We Dûnsje").

Fanôf 2011 sette Jay útein mei in aktearkarriêre en krige se yn Maleizje bekendheid mei har rollen yn tillefyzjesearjes as Spanar Jaya, Gadis 3 en Sugumana Sumaigal. Ek spile se yn in pear Maleizyske films, wêrûnder Relationship Status, út 2012, en Tokak, út 2013. Dêrnjonken wie Jay ek aktyf as toanielaktrise, yn 'e stikken Fourplay, Charley's Auntie en Hungry for Hope. Neffens in fraachpetear dat it tydskrift Newsbook nei Jay har dea mei har sweager fierde, wie hja fan doel en begjin in ynternasjonale aktearkarriêre.

Priveelibben

bewurkje seksje

Under in fakânsje yn Fjetnam mette Jay de Nederlânske toerist Paul Goes, mei wa't hja yn 2010 troude. Se rekke swier en ûntjoech har doe ta aktiviste op it mêd fan thúsberte en boarstfieding, twa saken dy't froulju yn Maleizje oer it algemien besykje te mijen. De thúsberte fan har poppe waard rûnom oandacht oan skonken yn 'e Maleizyske media.

Op 17 july 2014 wie Jay ien fan 'e passazjiers op Malaysia Airlines-flecht 17 fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, dy't boppe it easten fan 'e Oekraïne troch pro-Russyske rebellen oansjoen waard foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht en sadwaande by fersin delsketten waard. Shuba Jay, dy't twa dagen earder har 38ste jierdei fierd hie, kaam dêrby om yn 'e mande mei alle 297 oare ynsittenden, wêrûnder har man Paul Goes en har 21 moannen âlde dochter Kaela. Harren stoflike omskotten waarden op 2 septimber nei Maleizje ta brocht, wêrnei't noch deselde deis de útfeart holden waard yn it Nirvana Memorial Centre yn Kuala Lumpur.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.