It Oksitaansk is de namme dêr't in groep nau besibbe streektalen mei oantsjutten wurde dy't har sûnt om-ende-by 1300 ûntwikkele hawwe út de langue d'Oc (lénga d'Óc). It gebiet dêr't de streektalen sprutsen wurdt betiden ek wol Oksitaanje neamd, mar yn Frankryk is it wenstich om "Pays d'Oc" te brûken.

Oksitaansk
algemien
oare namme(n) gjin
eigen namme occitan of lenga d'òc français
lânseigen yn Spanje, Frankryk, Monako, Itaalje
tal sprekkers 2.000.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
taalstatus
offisjele status Kataloanje, dêr't it bekend stiet as Araneesk
taalkoades
ISO 639-1 oc
ISO 639-2 oci
ISO 639-3 oci
Oksitaanje

Yn de 12e iuw wie it tsjintwurdige Frankryk yn twa taalgebieten opdield, dêr't de beide talen fan neamd wurde troch de wize dat it wurd foar 'ja' útsprutsen waard: Oc yn it suden en Oïl (in eardere foarm fan "oui") yn it noarden. De taal fan it suden, it "Langue d'Oc" ûntwikkele har fanút it Fulgêr Latyn ûnder ynfloed fan it Goatysk, de taal fan de Fisigoaten, in folk dat nei it Grutte Folkeferfarren yn de streek terjochte kaam wie. It ferspriedingsgebiet fan it Oksitaansk komt dan ek rûchwei oerien mei dat gebiet: it noarden fan Spanje, benammen Kataloanje, it suden fan Frankryk en it noardwesten fan Itaalje.

It Oksitaansk wie yn de midsiuwen de juridyske en administrative taal fan de regio dy't ûnder ynfloed stie fan it greefskip Toulouse. In protte literatuer waard oarspronklik ek yn de taal skreaun. De trûbadoers makken de taal oan de hôven fan Jeropa populêr. En ynternasjonaal stie it sadanich heech yn oansjen, dat Dante Aligiery in tal fan wurken yn it Oksitaansk skreau. Hy hat der sels wol oer tocht om syn La Divina Commedia yn it Oksitaansk te skriuwen. Ien fan de earste bibeloersettings yn it folkstaal, wie yn de Langue d'Oc, oerset troch de Kataren.

Nei it ferstjerren fan de lêste greve, Raymond VII, yn 1249 kaam it greefskip Toulouse yn hannen fan de Frânske kroan en sûnt dy tiid naam it Frânsk stadichoan de posysje oer fan it Oksitaansk as wichtichste taal fan Frankryk. Beroofd fan har sintrum ferlear it Oksitaansk har ienheid en ûntwikkelen har hjirút meardere streektalen. Mei it Edikt fan Villers-Cotterêt yn 1539 waard it troch de Frânske kening ferbean noch langer offisjele dokuminten yn it Oksitaansk te skriuwen. Dizze wet bestjutte de ein foar de skreaune foarm fan (farianten fan) de Langue d'Oc. It Oksitaansk bleau lykwols wol de wichtichste sprutsen taal yn Súd-Frankryk oant en mei de revolúsje fan 1789. Foar de Jakobinen wie it Frânsk de taal fan frijheid en foarútgong em wienen de oare talen fan de republyk âldfrinzige, boerske dialekten (patois, brabbeltaal).

Mei de opkomst fan het regionalisme en nasjonalisme yn de 19e iuw belibbe de skreaune taal in beskieden werberte. Troch it Frânsktalige ûnderwiis, de ferstêdliking en tanimmende mobliteit fan de bewenners is it Oksitaansk lykwols in bedrige minderheidstaal wurden. Om-ende-by twa tredde fan de befolking fan Oksitaanje kin it Oksitaansk ferstean en goed 2 miljoen minsken soe de taal noch alle dagen sprekke. It meastepart hjir fan binne âlderein en minsken dy't op it plattelân libje. Nettsjinsteande dat is der in kultureel sirkwy ûntstien dat in protte weromgrypt op poëzij en muzyk út de 12e iuw. Dizze revival-kultuer hat oansluting witten te finen by de New Age-streaming. Ek op it ynternet bestiet in libbende mienskip, wêrby't in protte útwikseling plak fynt mei it besibbe Katalaanske taalgebiet.

Tsjintwurdich wurde de neikommende streektalen ta it Oksiaanske taalgebiet rekkene: Auvernhàs (Auvernje), Gascon (Gaskonje), Lemosin (Limousin), Lengadocian (regio Languedoc), Provençau (Provâns) en Aupenc (Vivarais). It Oksitaansk hat in protte mien mei it Katalaansk, dat yn Noardeast-Spanje en yn de Roussillon yn Frankryk sprutsen wurdt, en mei it Piëmonteesk en Kalabrysk yn Noardwest-Itaalje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje