Katalaansk
It Katalaansk is in Romaanske taal. Dizze taal wurdt meast sprutsen yn Spanje, Andorra, Frankryk en Itaalje. Katalaansk liket wol wat op Spaansk, mar it is mear besibbe oan it Oksitaansk.
Katalaansk | ||
algemien | ||
eigen namme | Català | |
lânseigen yn | Spanje, Andorra, Frankryk en Itaalje | |
tal sprekkers | 12.000.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk
| |
dialekten | Falensiaansk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Spanje, | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | ca | |
ISO 639-2 | cat | |
ISO 639-3 | cat |
Yn Andorra, is it Katalaansk de offisjele taal. Yn Spanje wurdt it sprutsen yn Kataloanje, op de Balearen en yn in part fan Falensia. It is yn dy gebieten in offisjele taal, lykas it Spaansk. Oer de grinzen fan dizze gebieten wurdt de taal ek noch sprutsen, mar dêr is dy net offisjeel. Yn Itaalje wurdt in âld dialekt fan it Katalaansk allinnich sprutsen yn Algêro op Sardynje, dêr't it ek in offisjele taal is, njonken it Italjaansk. Yn Frankryk wurdt it sprutsen yn Roussillon. It Katalaansk hat likernôch 12 miljoen sprekkers, foar it grutste part yn Spanje.
It Katalaansk is lykas oare Romaanske talen ûntstien út it Latyn, dat troch de Romeinen nei Spanje brocht is, en hat him dêr fierder ûntwikkele. Yn de 15e, 16e en 17e iuw wie it Katalaansk ferbean, en yn de tiid fan Franco wie dat wer sa, mar op it stuit wurdt it lokaal mear brûkt as it Spaansk.
Yn Falensia wurdt dizze taal Falensiaansk neamd. Der binne lju dy't sels hawwe wolle dat it Falensiaansk in aparte taal is, mar it ferskil tusken de dialekten yn Falensia en yn Kataloanje is net grut. It is sels sa dat de ferskillen binnen Falensia grutter binne as de ferskillen tusken buordialekten binnen en bûten Falensia.
De ISO 639 taalkoades foar it Katalaansk binne "ca" en "cat". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Katalaansk Wikipedy oantsjut mei de koade "ca:".
Katalaansk hjoeddeis
bewurkje seksjeKatalaansk is opnij in sichtbere taal wurden dy't libbet. Kranten (avui, el Punt), trûbadoers mei as ferneamdste LIuis LIach, in bloeiende popsêne. Om yn tsjinst te kommen fan de Katalaanske oerheid is it goed om de Katalaanske taal yn wurden en op skrift te behearskjen. It leger en middelber ûnderwiis binne folslein yn it Katalaansk en it Kastyljaansk wurdt as twadde taal jûn. Oan de universiteit yn Kataloanje wurdt yn it Katalaansk en ek yn it Kastyljaansk en Ingelsk lesjûn. De rjochtspraak is noch yn it Kastyljaansk, mar as de nije Estatut (lokale grûnwet) goedkard wurdt dan moatte rjochters twatalich wêze. Yn Barselona is altyd mear Katalaansk te sjen en te hearren ynstee fan Kastyljaansk. Yn Perpigan yn Frankryk is de oplibbing fan de taal wat foarsichtiger, mar dôchs binne alle strjitnammen dêr twatalich wurden. Fan febrewaris 2006 ôf hat de Katalaanske mienskip in eigen domeinnamme krigen: .cat.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Són bojos, aquests catalans!? Mar it bliuwe nuvero lju dy Katalanen (Fryske ûndertitels) ) - (YouTube)