Leve Boerenliefde

film út 2013 fan Steven de Jong

Leve Boerenliefde is in Nederlânske romantyske komeedzje[2] út 2013[2] ûnder rezjy fan Steven de Jong,[1] mei yn 'e haadrollen Cas Jansen en Tatum Dagelet.[1] De titel ferwiist nei in fiktyf tillefyzjeprogramma dêr't it personaazje fan Dagelet de presintatrise fan is, en dat fierhinne basearre is op it echte realitytillefyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw.[5][6] It ferhaal giet oer boer en widner Jelte Heeg, dy't it mei de produksje fan Leve Boerenliefde oan 'e stok kriget, om't de opnamen syn bedriuwsfiering beneidielje. Tsjin wil en tank stimt er der úteinlik yn ta as kandidaat oan it programma mei te dwaan, wêrnei't er net fereale rekket op ien fan 'e froulike kandidates, mar op presintatrise Wenda van Zwol sels.[6][7] As film krige Leve Boerenliefde oer it algemien mingde oant negative resinsjes fan 'e filmkritisy.[5][6][7][8][9] Mei't it budget ûnbekend is, bliuwt it ûndúdlik oft de produksje út 'e kosten kaam. Leve Boerenliefde waard foar in grut part op ferskate lokaasjes yn Fryslân opnommen.[10]

Leve Boerenliefde
film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur Steven de Jong[1]
produsint Steven de Jong[1]
Petra Goedings[1]
Jos van der Linden[1]
útfierend
   produsint
Bert Nijdam[1]
senario Steven de Jong[1]
Dick van den Heuvel[1]
Hilde Woudstra[1]
kamerarezjy Richard van Oosterhout[1]
muzyk Ronald Schilperoort[1]
filmstudio Steven de Jong Producties[2][3]
Phanta Vision[2][3]
Hector B.V.[2][3]
RTL Entertainment[3]
distribúsje Dutch FilmWorks[3][4]
spilers
haadrollen Cas Jansen[1]
Tatum Dagelet[1]
byrollen Dirk Zeelenberg[1]
Waldemar Torenstra[1]
Marit van Bohemen[1]
Rense Westra[1]
Lotte Driessen[1]
Thomas Dudkiewicz[1]
skaaimerken
lân/lannen Nederlân[2]
premiêre 13 maaie 2013[2]
foarm langspylfilm[2]
sjenre romantyske komeedzje[2]
taal Nederlânsk[2]
spyltiid 97 minuten[2]
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst €616.848[4]

Feehâlder Jelte Heeg wennet earne op it plattelân yn noardlik Nederlân op in pleats mei syn beide bern Lee en Miek, syn feint Steef en syn skoanheit Berend. As widner hat er noch hielendal gjin ferlet fan in nije relaasje. Hy komt yn 'e swierrichheden troch in wynturbine op syn gerjochtichheid, dy't him troch de provinsje troch de strôt drukt is, en dêr't syn bedriuw no alle elektrisiteit oan ûntlient. It draaien fan 'e mole fersteurt nammentlik de sallelytferbining dy't nedich is foar de produksje fan it populêre realitytillefyzjeprogramma Leve Boerenliefde, wêrfan't de opnamen op in oanbuorjend hiem plakfine. De gemeente, dy't de fergunning foar de opnamen ferliend hat en bot ynset op promoasje fan 'e krite, ferplichtet Jelte om 'e wynmûne út te skeakeljen, mar as er dat docht, driget de provinsje mei de oplizzing fan in twangsom as er it ding net wer oanset. As er dat dwaan wol, komt de plysje del om 'e mole wer út te setten, wêrby't Jelte ferteld wurdt dat de twangsom net it probleem fan 'e gemeente is.

Wylst Jelte op almar wanhopiger wize besiket om syn bedriuw te rêden, komt er troch syn gedoente mei de produksje fan Leve Boerenliefde yn 'e kunde mei de tsjeppe en sjarmante presintatrise Wenda van Swol. Sy fynt him fuortendaliks wol oantreklik, mar by him duorret it langer ear't de fonk oerslacht, om't er syn trije jier earder oan kanker ferstoarne frou Hylkje net ûntrou wêze wol. By syn earste besyk oan 'e opnamelokaasje wurdt Jelte oansjoen foar ien fan 'e kandidaten fan it programma: boeren op 'e syk nei leafde dy't oan 'e frou holpen wurde moatte. Middenmank de oare kandidaten, dat allegear wat aparte postiljonten binne, springt Jelte der posityf út, en nei in djipsinnich antwurd op in rûtinefraach fan Wenda beslút de tillefyzjeprodusint efter Leve Boerenliefde, de hufterige Kenneth van Schaik, dat er Jelte as kandidaat yn it programma hawwe wol omreden fan 'e sjochsifers dy't dat opsmite soe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Kenneth is wisberet dat plan troch te setten, as it net yn goedens kin, dan mar yn kweadens. Sadwaande sjantearret er Jelte troch oan te bieden him út 'e swierrichheden te helpen mei de gemeente en de provinsje, mei't er konneksjes hat op sawol it gemeentehûs as it provinsjehûs. Mar dat docht er inkeld as Jelte himsels ynskriuwt as kandidaat. Kenneth besiket ek Wenda foar syn karke te spannen, en as se har tsjin syn ymmoreel hâlden en dragen oankantet, set er har ûnder druk troch har man Marco, mei wa't se yn skieding leit, oan te fiterjen om ûnwierheden oer har oan 'e media te fertellen. As Jelte Wenda as hantlangster fan Kenneth begjint te beskôgjen, ûntstiet der ferwidering tusken harren. Jelte besiket út alle macht om oan it machtsspultsje fan Kenneth te ûntkommen, mar nei in petear mei in abbekate, dy't him foarhâldt dat beswiermeitsjen tsjin 'e ûnreedlike easken fan gemeente en provinsje pas op syn gaust oer twa en in heal jier effekt hawwe sil, jout er it oer en tekenet er in kontrakt as kandidaat.

Yn 'e tuskentiid binne Jelte en Wenda better mei-inoar yn 'e kunde kommen, û.o. by in jirpelpriuwerij by Jelte syn freonen Hendrik en Aggie, dêr't er har mei nei ta nimt. As Wenda yn 'e lytse loege sit troch de swierrichheden dy't Kenneth foar har feroarsake hat, reizgje Jelte en Hendrik ôf nei de Rânestêd om Marco ûnder druk te setten, sadat er de healwize praatsjes werropt dy't er oer har ferteld hat. Wenda wit ûnderwilens mei har sympatike persoanlikheid net inkeld Aggie foar har te winnen, dy't de bêste freondinne fan Hylkje silger wie, mar ek Jelte syn bern en op 't lêst sels syn stoefe skoanheit Berend. By de seizoensfinale fan Leve Boerenliefde bewissiget in plantsje fan Jelte syn bern en feint Steef, dêr't se de meiwurking fan 'e folle pleage produksje-assistinte Annelies en regisseur Johnny foar witte te winnen, dat Kenneth syn fertsjinne lean kriget as der foar de kamera in pear molkbussen jarre oer him hinne lege wurde. Annelies en Steef falle as blokken foarinoar. As Jelte neitiid live op 'e tillefyzje sizze moat oan hokker froulike kandidate hy de foarkar jout, kiest er ynstee fan Wenda. In jier letter fynt yn oanwêzigens fan alle famylje en freonen harren trouwerij plak.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Tatum Dagelet.
haadrollen

Boarne: IMDb

personaazje akteur/aktrise
Jelte Heeg Cas Jansen
Wenda van Zwol Tatum Dagelet


byrollen

Boarne: IMDb

personaazje akteur/aktrise
Kenneth van Schaik Dirk Zeelenberg
Hendrik Helder Waldemar Torenstra
Aggie Helder Marit van Bohemen
Berend Rense Westra
Annelies Lotte Driessen
Steef Thomas Dudkiewicz
Evert Jamai Loman
Miek Heeg Aiko Beemsterboer
Lee Heeg Dion Kwint
Marco de stuntman Marco Maas
Johnny (regisseur) Frans de Wit
himsels as kandidaat Frans Zwaagstra (cameo)
plysje Sanders Koert-Jan de Bruijn
himsels Gerard Joling
himsels Maik de Boer
de rockboer Syb van der Ploeg (cameo)
iiskoboer Wennemars Erben Wennemars (cameo)
fiskboer Visscher Bob Wind
Sonja Sanne Wallis de Vries
himsels Winston Gerschtanowitz
himsels Albert Verlinde
himsels Bram Moszkowicz
himsels Harry Vermegen
fisazjiste Roos Smit
abbekate Kim Pieters
parkearwachter #1 Arjen Rooseboom
parkearwachter #2 Ruben Arnhem
politikus Joop Atsma (cameo)
Hylkje Annelieke Bouwers

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De produksje fan Leve Boerenliefde sette yn 2011 útein.[boarne nedich] De film waard regissearre troch Steven de Jong[2] nei in senario fan himsels, Dick van den Heuvel en Hilde Woudstra[2] wêryn't it bekende realitytillefyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw parodiëarre waard.[5][6] As produsinten wiene De Jong, Petra Goedings en Jos van der Linden by it projekt belutsen[2] foar de filmstudio's Steven de Jong Producties, Phanta Vision en Hector B.V.[2][3] y.g.m. RTL Entertainment.[3] Bert Nijdam hie as útfierend produsint tafersjoch oer de hiele produksje.[2] Van der Linden kaam yn juny 2012 hommels te ferstjerren;[11] Leve Boerenliefde waard dêrom opdroegen oan syn neitins. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Richard van Oosterhout,[2] en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ronald Schilperoort.[2] De produksje fan Leve Boerenliefde waard mei mooglik makke troch jildlike bydragen fan it Nederlânsk Film Fûns (NFF)[boarne nedich] en it Frysk Kultuer- en Sportfûns (FCSF).[12]

 
De parsepresintaasje fan Leve Boerenliefde, mei f.l.n.rj.: akteurs Marit van Bohemen, Tatum Dagelet, Waldemar Torenstra, Gerard Joling en Cas Jansen, regisseur Steven de Jong en filmprodusinte Petra Goedings.

De opnamen fan Leve Boerenliefde fûnen yn 'e hjerst fan 2012 plak.[13] Der waard foar it meastepart op lokaasje yn Fryslân filme,[10] yn Jellum, Furdgum, Seisbierrum, Boalsert en Snits.[10] Sa wurdt yn 'e film de Toer fan Furdgum prominint yn byld brocht (mei't Jelte Heeg syn ferstoarne frou Hylkje dêr op it tsjerkhôf leit), en as Jelte Wenda op in stuit jûns let werombringt nei har hotel, rinne se oer de Appelmerk (in bekende winkelstrjitte) yn Boalsert. De trouwerij fan Jelte en Wenda, oan 'e ein fan 'e film, fynt plak foar it stedhûs fan Boalsert. Behalven yn Fryslân waard der ek filme yn Rotterdam, De Haach en Hilversum.[10]

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Leve Boerenliefde waard fersoarge troch Dutch FilmWorks.[3][4] De film gie op 13 maaie 2013[2] yn Theater Tuschinski yn Amsterdam yn premiêre,[14] wêrnei't er op 16 maaie iepene yn 'e Nederlânske bioskopen.[6] Op 10 septimber 2013 kaam Leve Boerenliefde út op dvd en blu-ray.[6]

Fan 'e filmkritisy krige Leve Boerenliefde oer it algemien mingde oant negative resinsjes.[5][6][7][8][9] Op 'e webside FilmTotaal skreau Frank Stol oer de film dat it der in grimelgrammel wie fan "BN-ers, dy't yn lytse en faak ûnbetsjuttende byrollen en cameo's opdûke." Hoewol't er fûn dat der wol "in soarte fan sjarme yn dy oerdie oan bekende nammen" siet, woe tsjin "dy eftergrûn fan hystearyske stereotypen" spitigernôch "de him ûntjaande leafde tusken in feeboer en in glitterjurkjesdragende Barbiepop mar net oannimlik wurde."[5]

De resinsje dy't yn 'e VPRO-Gids ferskynde, wie noch folle hurder foar de film. Dy joech Leve Boerenliefde 1 fan 5 stjerren en omskreau de film as in "romantysk bedoelde plattelânskomeedzje" dy't "skippere tusken flau en serieus". Der waard konkludearre dat de film inkeld oan te sjen wie foar "filmstudinten as foarbyld fan hoe't it net moat, of foar fans fan BN-ers út 2013, dy't trouwens stik foar stik ûnder harren kinnen prestearje fanwegen it stompsinnige draaiboek."[8] Op MovieMeter.nl hat Leve Boerenliefde 2 fan 5 stjerren.[9]

De trailer fan Leve Boerenliefde.

Op 'e webside CineMagazine parte Shelley Eimers Leve Boerenliefde 3 fan 5 stjerren ta. Hja fûn lykwols dat de Boer Zoekt Vrouw-parody ôffoel om't yn 'e film amper oandacht bestege wurdt oan it programma dat dêrop ynspirearre is. Wat de cast oangie, fûn Eimers dat Tatum Dagelet "as de strieljende Wenda […] noch nea sa skattich en sjarmant west" hie. Cas Jansen fûn se "in prima akteur", dy't neffens har lykwols "as de wolbespraakte, knappe, bernefreonlike boer Jelte wol hiel ûnoanimlik" wie. Eimers fûn him "te stedsk" en steurde har oan syn "gebrek oan ienich aksint". Dirk Zeelenberg wie neffens har folslein miscast as de antagonist Kenneth, dy't him boppedat sa tjirge dat "syn personaazje gewoanwei idioat wurdt." Nettsjinsteande konkludearre Eimers dat Leve Boerenliefde troch "âlderwetske humor, leuke haadrolspilers en moaie bylden fan Nederlân […] in skattige famyljefilm" wie.[6]

Op FilmVandaag krige de film 31/2 fan 5 stjerren taparte fan resinsinte Yvonne Westerhof. Neffens har hat Leve Boerenliefde in "djippere laach dy't sjen lit dat mei autentisiteit de leafde docht oerwinne kin." Hja seach sels oerienkomsten tusken de film en in klassike romantyske komeedzje as Notting Hill (1999), mei Hugh Grant en Julia Roberts, hoewol't se dêrby oantekene dat Leve Boerenliefde "net [komt] ta it nivo fan [syn] foargonger".[7]

Leve Boerenliefde behelle yn 'e bioskopen yn 'e Nederlân in opbringst fan 616.848[4] op basis fan 81.246 ferkochte kaartsjes.[4] Mei't net bekend is hoefolle oft it budget fan 'e film bedroech, is it ûndúdlik oft Leve Boerenliefde mei dy opbringst winst of ferlies draaide.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: