Hier (begroeiïng)

Hier is in aaiwytrizel besteande út hoarnstof (keratine) dy't út hierpûdsjes (follikels) út 'e hûd groeit. It is ien fan skaaimerken dêr't sûchdieren har mei ûnderskiede fan oare rêchstringdieren. Yndividuële hierren binne hiel tin; de trochsneed fan in minskehier is likernôch 0,05 mm. De hâlding dy't minsken foar hier oer hawwe, ferskilt tige, ôfhinklik fan histoaryske perioade, kultuer en âlderdom. Soms wurdt hierdracht brûkt om jins persoanlike eigenskippen of maatskiplike posysje (lykas generaasje, geslacht, religy of etnisiteit) oan te jaan. It hawwen fan in protte lichemshier wurdt yn 'e hjoeddeiske Westerske kultuer oer it generaal as ûnoantreklik beskôge, fral yn froulju, mar yn mindere mjitte ek yn manlju. Dêrom skeare of waakse froulju har earmsholten, skonken en bikinyline, en tsjintwurdich faak de hiele skamstreek. Guon manlju litte har de rêch waakse (d.w.s. mei hjitte waaks ûnthierje).

Swart hier.

Soarten hier

bewurkje seksje

By minsken groeit hier op 'e holle, op parten fan it gesicht, yn 'e skamstreek en op oare dielen fan it lichem, en wurdt it sadwaande ûnderskaat yn:

By bisten út 'e klasse fan 'e sûchdieren, dy't meastal hast oer it hiele lichem ticht behierre binne, wurdt it hier faak in pels neamd, en as sokke bisten bejage of fokt wurde om har pels, sprekt men fan bûnt.

 
Grien hier?
 
Kroeshier.

Struktuer en kleur

bewurkje seksje

Der besteane by minsken fierders ferskillende natuerlik foarkommende hierkleuren en hierstruktueren, dy't foar in wichtich diel ferbân hâlde mei jins rasiale erfskip. Op it mêd fan hierstruktuer wurde der fjouwer ferskillende soarten hier ûnderskaat: slûk hier, slaggerich hier, kroljend hier en kroeshier. Op it mêd fan hierkleur besteane der ek fjouwer haadkategoryen: blûn of blond hier (oftewol gielich hier), read hier (dat eins mear oranje is), brún hier en swart hier. De hoemannichte ôfsûnderlike hierren dy't men hat, wurdt troch hierkleur bepaald: blûne lju hawwe trochinoar 140.000 hierren, brúnhierrige lju 110.000, swarthierrige lju 108.000 en readhierrigen mar 90.000. Soms wurdt by minsken (fral by froulju) de hierkleur as de ûnderskiedende lichemseigenskip sjoen en wurde sokke lju dêrnei neamd: in blûntsje, blondsje of blondine; in brúntsje of brunette; en yn it Ingelsk in redhead (letterlik: "readholle"). Hjoed oan 'e dei wurdt it hier gauris ferve, sadat men faak net mear sjen wat immens natuerlike hierkleur is. Teffens sjocht men troch sok fervjen hieltyd faker ûnnatuerlike kleuren, lykas felread, grien of pears hier.

Hier hat ferskate funksjes. De primêre funksje is om isolaasje te ferskaffen tsjin lege temperatueren (of, by guon soarten, just tsjin hege temperatueren). Bisten kinne de yndividuële hierren rjochterop sette sadat der lucht tusken fongen wurdt; dêrtroch isolearret in pels noch better. By minsken is "einepikefel" in rudimintêre foarm fan dat opsetten fan 'e pels. By guon bisten, lykas rindieren, binne de hierren hol, sadat der ek binnenyn 'e hierren lucht fongen wurdt; sokke pelzen isolearje útsûnderlike goed. Njonken de isolearjende funksje tsjinnet hier ek faak foar kamûflaazje: de measte bisten hawwe in pels yn 'e kleur fan harren wengebiet, sadat se weiwurde tsjin 'e eftergrûn. Dit is in evolúsjonêre adaptaasje om predaasje tsjin te gean (yn proaidieren) of just om predaasje makliker te meitsjen (yn rôfdieren). Guon bisten, lykas de sniehazze en de harmeling, kleurje sels mei de seizoenswiksel mei en hawwe winterdeis in wite pels ta ferfanging fan 'e brune simmerpels.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.