Boyl (Stellingwerfsk: Buil) is in doarp noardeastlik fan Wolvegea yn it easten fan de gemeente Weststellingwerf. Under Boyl falle ek de buorskippen Boekelte, Rysberkampen en (foar in lyts diel) Súd.

Boyl
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 880 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,89 km², werfan:
- lân: 9,81 km²
- wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht. 109 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8392
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' N 6° 12' E
Lokaasje Boyla (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Boyla (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
boijl.com
Kaart
Boyl (Fryslân)
Boyl

Boyl hat 880 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Fan it doarp Boyl wurdt foar it earst yn de oarkunde fan 9 septimber 1320 melding makke (Berkelbach van Sprengel 1937, no 458.). Ut in ynstitúsjebrief fan 20 juny 1509 docht bliken dat de tsjerke oan Sint-Marten wijd wie. (AAU, dl 42 (1916) s. 287). De tsjerke sûnder toer is boud yn de 13e iuw.

 
Klokhús

De klokkestoel komt út 1600 en is yn 1904 renovearre. Yn 'e klokkestoel hinget in yn 1339 getten klok mei de namme Martinus. De tsjerkeklok yn de klokkestoel is ien fan de âldste fan Nederlân en hat as râneskrift: Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In't jaer van ons Heeren 1399.

Van der Aa (diel 2 s. 369) seit oer de situaasje yn it doarp om 1850 hinne: van dit dorp ligge de huizen, ter wederzijde van de kerk, in het geboomte verspreid. Men telt, met de daaronder behoorende buurtjes Boekholt en Rijserpekamp, 300 inw., alle Herv., die tot de gemeente Noordwolde - en - Beuil behooren, en hier eene kerk zonder toren hebben.

Yn 1896 krige it doarp in eigen molkfabryk 'De Hoop', dat yn 1916 fusearre mei dy fan Elslo.[3] It molkfabryk ferhûze nei it Súd, op de grins tusken Elslo en Boyl. It fabryk waard yn 1999 as gefolch fan in tal fúzjes en skaalfergrutting sletten.[4]

Boyl fierde yn 2020 it 700-jierrich jubileum.

De namme Boyl kin op ferskillende wizen útlein wurde. It is lestich om't it op âlde kaarten ferskillend skreaun wurdt as Buil, Beul en as Beuil, wylst it yn de banbrief fan biskop Guy yn de fjirtjinde iuw sels Boylo neamd wurdt. Mooglik waard it doarp Beul neamd (lykas de bewenners it no noch neame) nei it Nederlânske tiidwurd beulen'→ bealgje. Om't de grûn dreger as earne oars te bewurkjen wie moast dêr hurder wurke wurde. It soe ek tsjutte kinne op buil → bulte, om't it lykas no noch jimmeroan heger as de omjouwing lei. Net sa nuver want fanwege de oerstreamings setten de minsken harre leaver wat heger nei wenjen. It kin ek komme fan it Aldfryske beile, dat rûning, swelling betsjut. Yn it gefal fan Boylo ferwiist lo nei in boskryk gebiet.

De Tille is it doarpshûs fan Boyl. Doarpsbelang Boyl set him yn foar de leefberens fan it doarp. De doarpskrante fan it doarp hjit Even Bi'jpraoten. Yn Boyl wurdt meast Oertsjongersk praat.

  De Wikipedy hat ek in side Doarpstsjerke (Boyl).
 
Basisskoalle

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

 
Filla oan de Boylerwei

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2007
Ynwenners 243 1073 983 873 789 774 870
Jier 2015 2020
Ynwenners 886 890

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. It gebiet wurdt noardlik derfan begrinze troch it rivierke De Linde. Bewesten leit it doarp Easterstreek en beëasten Elslo. Yn it doarp stiet in Saksyske pleats, binne ferskate sânpaden, wurde landerijen en kavels omkringe troch natuerlike houtwâlen en is der in oantal lytse heidefjilden en fennen. It hjoeddeiske agraryske gebrûk is benammen molkfeehâlderij, ikkerbou en leeljetylt.[5]

 
Boylerwei

Alteveerswei, Bekhofwei, Boekelterwei, Boylerwei, Boschoordwei, De Brink, De Daoken, De Griene Seam, Doldersumsestrjitte, Dwersfeartwei, Eastfjirdeparten, Klokkewei, Meulepolle, Meuleveldwei, Reewei, Rysberkamperwei, Skoalleleane, Tsjerkewei, Verwerswei, Veurmanswei.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. zuivelfabriekenfriesland.nl, oproppen 25 juny 2023
  4. zuivelfabriekenfriesland.nl, oproppen 25 juny 2023
  5. Doarpsside Boyl

  Weststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
  ·   ·