Aleksander I fan Ruslân

Aleksander I Pavlovitsj (Russysk: Александр I Павлович; Aleksandr I Pavlovitsj; berne op 23 desimber 1777 yn Sint-Petersburch, ferstoarn op 1 desimber 1825 yn Taganrog) wie fan 1801 oant 1825 tsaar fan Ruslân en yn dat tiidrek ek kening fan Kongres-Poalen en fan 1801 oant 1825 grutfoarst fan Finlân.

Alkesander I fan Ruslân (F.Kruger, 1837, Hermitaazje)
 
De noch jonge gruthartoch Aleksander (Jean-Louis Voille)

Aleksander I wie de âldste soan fan keizer Paul I en syn twadde frou, Maria Fjodorovna, berne prinses Sophie Dorothee fan Württemberg. Syn sêfte en sentimintele karakter, syn goedwilligens en opteinens foar idealen, mar ek syn swakte en ynkonsewinte karakter en reewilligens om lestige saken oan 'e kant te setten, wie al ier oan 'e oarder. Syn heit, keizer sunt 1796, behannele Aleksander erchtinkend en tipelsinnich. Syn beppe, Katarina de Grutte, soarge foar syn oplieding troch de liberale Switserske frijmitselder Frédéric-César de la Harpe neffens de prinsipes fan Rousseau.

Aleksander soe syn oplieding by De la Harpe net ôfmeitsje want tsarina Katarina fûn de takomst fan de dynasty wichtiger; al yn de hjerst fan 1792 liet se twa prinsessen "op sicht" út it Dútske Baden nei Sint-Petersburch komme. Op 9 oktober 1793 troude de 15 jier âlde Aleksander mei prinses Louise fan Baden, dy't doe 14 wie en nei har oergong op it otterdokse leauwe de namme Elisabeth Aleksjevna krige.

Katarina ferstoar yn 1796 en Aleksander's heit Paul I waard kroand ta tsaar fan it Russyske Ryk. Fanôf dy tiid krige Aleksander te meitsjen mei in tiid fan yntimidaasje en lytsachtsjen troch syn heit. No kaam Aleksander stadichoan ûnder ynfloed fan syn mem, en dat soe syn hiele libben sa bliuwe.

Keizer fan Ruslân

bewurkje seksje
 
De feestelik fersierde Moskouse kremlyntsjerken by de gelegenheid fan de kroaning fan Aleksander

Nei de súskesfolle moard op syn heit troch leden fan de adel yn 1801, om 't dy wegere syn eigen troansôfstân te ûnderskriuwen, waard Aleksander op 12 july fan dat jier ta tsaar fan Ruslân kroand. Alhoewol't hy offisjeel net op de hichte wie mei de moard en dy iepenlik ek net goedkarde, liet er de trije gearspanners (Sûbow, Von der Pahlen en Von Bennigsen) net ferfolgje. De Dútske regisseur Ernst Lubitsch filme de omstannichheden fan it gearspannen yn 1928 ûnder de titel "The Patriot".

Herfoarmings

bewurkje seksje

Aleksander I liet fuort nei't er tsaar woarn wie tûzenen minsken, dy't troch syn heit finzen set wiene, frij en rehabilitearje. Hy ferlichte de sinsuer en makke it makliker te reizgjen. Yn de earste helte fan it regear, benammen de earste tiid dêrfan, wied er dwaande om de finânsjes fan it Ryk yn oarder te meitjen en it wrede lot fan de liifeigenen te ferbetterjen. Estlân, Liiflân en Koerlân hiene it oan him te tankjen dat it liifeigendom opheft waard. Om liifeigenen te ferkeapjen of yn de krante oan te bieden waard yn 1801 ferbean. Aleksander makliker om se frij te litten en it waard harren tastien om harren nei wenjen te setten yn stêden. Om't alle omtinken útgyng nei dy en oare herfoarmings, besocht Aleksander him safolle mooglik bûten de Europeeske strideraasjes te hâlden.

Posysje by de Europeeske strideraasjes

bewurkje seksje
 
It flot op de Memel by Tilsit (1807)

Al yn 1802 sleat Aleksander mei kening Freark Willem III fan Prusen in freonskipsbûn, in bûn dêr't beide in libben lang trou oan bleaune. Tagelyk gyng er nauwe bannen oan mei Napoleon Bonaparte, doe noch Earste Konsul fan de Frânske Republyk, om de Europeese oangelegenheden yn mienskiplik oerlis fredich te lieden. Yn 1804 kaam it ta in brek tusken de grutmachten. Ynearsten keas Aleksander de kant fan Eastenryk yn 1805, mar nei de Slach by Austerlitz loek er him út it bûn tsjin Frankryk werom, om him yn 1807 wer by de striid oan te sluten yn it foardiel fan Prusen, lykwols net earder nei't syn prusyske bûnsmaat al it grutste diel fan syn grûngebiet ferlern hie.

Doe't de prussyske en russyske legers harren oer de Memel werom lûke moasten, bemiddele keizer Aleksander de Frede fan Tilsit, nei't de lieders fan Frankryk en Ruslân harren earder op 25 juny 1807 op in paviljoen op twa flotten yn it midden fan de Memel moete hiene. Aleksander hie grutte bewûndering foar Napoleon en hy liet him foar de twadde kear winne foar it idee om tegearre mei Frankryk de Europeeske oangelegenheden te lieden.

Yn 'e hjerst fan 1808 ûndertekenen Napoleon en Aleksander yn Erfurt in nij ferdrach, dat letter lykwols net neikaam waard. Aleksander waard it besit fan Turkije ûnthjitten, dêr't er súskesfol mei yn oarloch wie. De twa steaten hiene lykwols hiel ferskillende belangen en al yn 1812 kaam it ta in nije breuk.

Ynearsten like ek Ruslân by Napoleon's ynfaazje yn 1812 de slach te ferliezen en nei't de Frânsen Moskou ynnommen hiene, twifele Aleksander oft er de striid trochsette moast. De optimityske prusyske politikus Vom Stein wist Aleksander lykwols oan te fjurjen en it moed fan de keizer om te bûgjen. Aleksander liet dêrop witte de wapens net del te lizzen oant Napoleon fallen wie. In fredesútstel waard ôfwiisd en it religieuze en nasjonale fjoer fan de Russen wie oanstutsen. It benammen ûnder honger, sykte en kjeld lijende Grande Armée krige it op de weromtocht swier te ferduorjen en waard hast hielendal fan de kaart fege. Tsjin it ein fan it jier wiene de Frânske ynfallers út Ruslân ferdreaun.

 
Russyske troepen yn Parys yn 1814) (Aeksei Kivsjenko (1851–1895)

It beslút fan Aleksander de kriich dêrnei fuort te setten wie ek de redding fan de Dútske lannen, dat sûnder russyske stipe nea slagge wie. De Russen bleaune de Frânsen efter sitten en besetten yn 1814 Parys. Yn dat jier brocht de keizer ek in besite oan Nederlân.

It Russyske Ryk mei syn liberale keizer oefene by de befrijingskriich fan Europa as machtichste fan de alliearre legers grutte ynfloed út. Dat gau foar de militêre operaasjes, mar ek foar de sêfte behanneling fan de Frânske agressor en de restauraasje fan it Hûs Bourbon.

 
De keizer yn 1814 (François Gérard (1770–1837))

Under ynfloed fan de barones Barbara Juliana von Krüdener ûnstie by de fromme tsaar de idee fan in Hillige Alliânsje, in kristlik bûn fan Ruslân (otterdoks), Eastenryk (roomsk-katolyk) en Prusen (protestantsk) as ûnderdiel fan de restauraasje nei de fal fan Napoleon. It bûn, dat de frede en kristlike prinsipes heechhâlde moast, tsjinne lykwols al gau as in basis om revolúsjes de kop yn te drukken en yn stee fan in kalmearjende ynfloed folge in réaksjonêre polityk. Undertusken naam de ûntefredenens ûnder folken mei de besteande oarder allinne mar ta. Dêrfan skrokken besocht Aleksander tegearre mei de oare foarsten ferset mei geweld del te twingen. It beynfloede ek de kongressen fan Troppau (1820), Laibach (1821) en Verona (1822) en de liberale Aleksander wie reewillich om mei opstannen ek de politike ûntwikkeling fan folken mei hurde hân del te slaan.

Yn Ruslân waard de sinsuer wer ynfierd en de ynfier fan boeken waard tige krekt kontrolearre. Wittenskip, literatuer en ûnderrjocht waarden beheind en stadichoan waarden alle oarspronklike herfoarmingsplannen opjûn. Oer it hiele ryk waard in netwurk fan in iepen en geheime plysje útrolle. De ûnderfining dat mei alle maatregels de opstannige geasten net te ûnderdrukken wiene ferbittere de keizer, dy't foar in diel ôflieding yn it weelderige hôf en foar in diel yn de mistyk syn ferdivedaasje en foldwaning socht. It yn 1803 troch Aleksander opheven ferbod op frijmitselderij waard op 6 augustus 1822 op 'e nij ynsteld.

De ûntwikkeling fan de Grykske opstân tsjin de Osmaanske besetter sûnt 1821 brocht de tsaar op 'e nij yn 'e pine mei de gefoelens fan it russyske folk. Dat wie nammentlik tige begien mei de otterdokske Griken, mar de tsaar wiisde de opstân fan de Griken ôf, om't er dêryn allinne in ôfwizing seach tsjin harren rjochtsjildige hearsker. Syn eigen liberale idealen foar it lân hearden ta it ferline en hy wegere feroarjende opfettings yn 'e mjitte te kommen.

De floed fan Sint-Petersburch yn 1824 en de benaudens foar in russysk-poalske gearspanning tsjin de Romanov's droegen by oan in jimmeroan pessimistysker moed fan de keizer. De tsaar kirge te lijen fan fysike en psychyske klachten en al tinkend oan syn eigen ein, fersoene er him mei syn frou, dy't nettsjinsteande alle misse stappen fan har man altiten syn freondinne bleaun wie. Doe't har sûnens yn de simmer fan 1825 minder waard en artsen in langer skoft yn it suden oanrikkemandearren, naam Aleksander it beslút mei har mei te gean. Yn it midden fan septimber gyngen se nei de Krim en dêr krige de tsaar lêst fan koarts. Hy liet him nei Taganrog bringe, dêr't er op 1 desimber 1825 ferstoar.

 
Dea dea fan tsaar Aleksander I yn Taganrog

De omstannichheden en it plak fan syn dea feroarsaken letter ûnder it regear fan Nikolaas I ta in dessinia lang duorjende legindefoarming. Keizer Aleksander soe net ferstoarn wêze, hie soe him frijwillich werom lutsen ha en as in stokâlde man herkend wêze. Hy soe op in geheim plak libje en fan dêr út de belangrike minsken yn it Ryk rie jaan.

In artikel yn "Die Welt" gyng djipper yn oer dy legindefoarming. Neffens it artikel spilen der yn gearhing mei de dea fan de tsaar nuvere saken. In autopsy fan it lyk fûn sûnder plausibele reden foar de fertraging pas 32 oeren nei it ôflizzen fan it lichem plak. It risseltaat fan dy autopsy wjerspriek de konklúzje fan de dokter fan de tsaar, Justus Christian Loder, wat de steat fan dy syn milt oanbelanget. It gesicht fan de deade tsaar waard mei in doek oerdutsen en it lyk balseme. Op de lange wei werom nei Sint-Petersburch waard it nimmen tastien om yn de kiste te sjen. Letter dûkte yn de ferhalen ek noch in starets (in hillige man) op mei de namme Fjodor Kûsmitsj, dy't wol in hiel soad kunde hie oer foarfallen oan it hôf yn de tiid fan Aleksander I. Ferskillende komplotteoretisy woene ha dat dy man der itselde útseach as Aleksander I. It bleau lykwols by spekulaasje.[1]

 
Begraffenis fan Aleksander I

De leginde oer it ein fan de tsaar krige yn 1866 in ûnderbouwing. Op dat stuit woe de neef fan de tsaar en de twadde opfolger, Aleksander II, de saak ûndersykje en hy joech it befel de kiste te iepenjen. It risseltaat wie: in lege kiste. Dat betsjut twa dingen: foarst wie de famylje net op de hichte fan ûnregelmittichheden by de dea fan Aleksander I oars soe Aleksander II nea opdracht jûn ha om de kiste te iepenjen en twad bewiist it feit dat de kiste leech wie dat der wat nuvers bard wêze moat.

Fan it grutte tal monuminten ta oantinken fan Aleksander yn Ruslân is de Alekanderpylder út 1834 op it Slotplein yn Sint-Petersburch ien fan de bekendste. Yn it sintrum fan Berlyn waard yn 1805 it Alexanderplatz nei de keizer beneamd. Dêrnjonken joech Aleksander ek de namme oan de stêd Aleksandrovsk en it antarktyske Aleksandereilân.

Betsjutting regear Aleksander foar Ruslân

bewurkje seksje

Under keizer Aleksander I woeks de macht fan Ruslân en naam de ynfloed fan Ruslân op de Europeeske polityk ta. De Frede fan Wenen en de foar Ruslân goed betearde krigen tsjin Sweden, Perzje en Turkije lieden ta it tafoegjen fan it keninkryk Poalen, Finlân, Georgje en Bessaraarbje en oare gebieten oan it keizerryk.

Ut it houlik fan de tsaar binne twa bern berne:

  • Maria Aleksandrovna (berne 18 maaie 1799; ferstoarn op 27 july 1800)
  • Elisabeth Aleksandrovna (berne 3 novimber 1806; ferstoarn op 30 april 1808)

Dêrnjonken hie de keizer in soad ûnwettige bern, dêr't er njoggen fan erkende, û.o. trije by de prinses Maria Antonovna Narisjkina (1779–1854).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alexander I. (Russland)