Autopsy (Gryksk: "mei eigen eagen sjen" ), of ynwindige lykskôging, seksje of obduksje, is it ynwindich ûndersykjen fan it lichem fan in ferstoarn persoan (of bist) om deadsoarsaak en sykteprosessen te ûndersykjen en te ferklearjen.

Anatomyske les fan Dr. Nicolaes Tulp, fan Rembrandt van Rijn
In seksjeromte

Der wurdt ûnderskied makke tusken obduksjes en gerjochtlike seksjes. In obduksje is in klinyske seksje dy't bedoeld is foar bygelyks it beoardielen fan de kwaliteit fan de soarch dy't jûn is, ûndersyk of ûnderwiis, of om in genetysk defekt út te sluten. Der wurdt yn sokke gefallen net oan in strafber feit tocht. Obduksjes wurde, nei't neibesteanden tastimming jûn hawwe, fral oanfrege troch sikehuzen of hûsdokters.

At der by it ferstjerre fan in persoan tocht wurdt oan in strafber feit, kin der in rjochtlike seksje hjitten wurde troch de offisier fan justysje of de prokureur; famylje kin dat ek net tsjinhâlde. Dy is bedoeld om de deadsoarsaak te finen yn it ramt fan it opspoaringsûndersyk en de mooglike ferfolging fan it strafbere feit.[1] Gerjochtlike seksje komt sûnt de iermoderne tiid foar.

In autopsy wurdt útfierd yn de seksjeromte fan in mortuarium, faak in sikehûsmortuarium.
In forinsyske seksje kin dien wurde yn in mortuarium, mar bart yn Nederlân meast yn it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút (NFI).

In lykskôging wurdt dien troch in spesjalisearre dokter: in patolooch-anatoom of in forinsysk patolooch-anatoom. De meast bekende Nederlânske patolooch-anatoom wie dokter Jan Zeldenrust (1907 - 1990). Hy waard yn 1951 de earste direkteur fan it Gerjochtlik Genêskundich Laboratoarium, dat yn 1999 mei it Gerjochtlik Laboratoarium (oprjochte 30 july 1945) gearfoege waard ta it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://zoek.officielebekendmakingen.nl/kst-33628-8.html