De Afro-Amerikanen as Afrikaansk-Amerikanen binne ynwenners fan 'e Feriene Steaten fan Amearika, dêr't harren foarâlden yn 'e perioade foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) as slaven út Afrika wei nei ta brocht binne. De oantsjutting wurdt ek brûkt foar lju dy't mar foar in diel fan negerslaven ôfstamje (en ornaris foar de rest fan blanke slavehâlders). Ut en troch wurde Afro-Amerikanen ek wol swarte Amerikanen as Afrikaanske Amerikanen neamd, mar dat is eins in bredere groep, dy't ek Afrikaanske ymmigranten omfiemet dy't har tusken 1860 en hjoed yn 'e Feriene Steaten nei wenjen set hawwe. De Afro-Amerikanen binne yn omfang de twadde rasiale en etnyske minderheid en de trêde rasiale en etnyske groep fan 'e Feriene Steaten, nei de Latino's en de blanke mearderheid.

Afro-Amerikanen

Ferneamde Afro-Amerikanen. Boppeste rige f.l.n.rj.: Frederick Douglass, Sammy Davis jr., Ella Fitzgerald, Jesse Jackson; 2e rige: Michelle Obama, Booker T. Washington, Martin Luther King, Cherokee d'Ass; 3e rige: Eddie Murphy, Michael Jordan, Condoleezza Rice, Malcolm X; 4e rige: Louis Armstrong, Nyomi Banxxx, Rosa Parks, Oprah Winfrey; 5e rige: Wesley Snipes, Beyoncé Knowles, Muhammad Ali en Lil' Kim.
flagge
populaasje
oantal 42.021.000 (2010)
taal Ingelsk,
Louisiaansk Kreoalsk-Frânsk,
See-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk
godstsjinst kristendom, islaam
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Feriene Steaten: 42.021.000

De measten fan harren stamje streekrjocht ôf fan Afrikaanske slaven út West- of Sintraal-Afrika, mar de foarâlden fan guon fan harren hawwe in "tuskenstop" makke as slaven yn it Karibysk Gebiet, of, folle minder faak, yn Sintraal- of Súd-Amearika. In soad resintere ymmigranten út Afrika en harren ôfstammelingen identifisearje har as Afro-Amerikanen, hoewol't se strikt nommen net ta dy groep hearre. De Afro-Amerikanen wurde feriene troch in mienskiplike skiednis fan slavernij, diskriminaasje, rasseskieding en de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging. Hoewol't de trochsneed Afro-Amerikaan noch altyd minder ûnderwiis genoaten hat as de trochsneed Amerikaan, minder sûn is, in koartere libbensferwachting hat en op ekonomysk mêd in swakkere posysje ynnimt, hat de ynfloed fan 'e Afro-Amerikanen op 'e Amerikaanske kultuer sûnt de sechtiger jierren ûnbidige grut west, fral as it om muzyk, tillefyzje en film giet. Der binne hjoed de dei mear as 42 miljoen Afro-Amerikanen.

Namme

De term "Afro-Amerikanen" (African Americans) is de lêste út in rige nammen dy't yn 'e Feriene Steaten brûkt waarden om it swarte befolkingsdiel oan te tsjutten. Oarspronklik spriek men fan "nikkers" (niggers), in wurd dat begûn as in neutrale term, mar dat tsjintwurdich as tige oantstjitjaand beskôge wurdt. Neitiid kaam "negers" (negroes) in hoart yn 'e moade, wat eins ienfâldichwei it Spaansk/Portegeeske wurd foar "swart" is, mar ek dat krige meitiid in negative lading, en wurdt sadwaande net folle mear brûkt. Tsjintwurdich sprekt in faak fan "swarten" (blacks), mar ek dat is in gefoelige term; as men polityk korrekt wêze wol, kin men better fan "Afro-Amerikanen" sizze, in term dy't foar it earst oan 'e ein fan 'e jierren sechtich fan 'e tweintichste iuw ynfierd waard.

Skiednis

Iere skiednis

De earste Afrikaaanske slaven arrivearren yn Noard-Amearika yn 1526, as ûnderdiel fan 'e mislearre Spaanske koloanje San Miguel de Gualdape, dy't wierskynlik sitewearre wie oan 'e Winyahbaai, yn it hjoeddeistige Súd-Karolina. De earste permaninte Jeropeeske koloanje yn Noard-Amearika, Sint-Augustinus, yn Floarida, dy't yn 1565 stifte waard troch Pedro Menendez de Aviles, omfette ek in tal Afrikaanske slaven, sawol as frije swarten.

Yn 1619 fierden de Britten foar it earst "in tweintichtal negers" yn yn harren koloanje te Jamestown, yn Firginia. Yn 't earstoan wiene dat net slaven mar kontraktarbeiders, al wie der yn 'e praktyk net folle ferskil. Kontraktarbeiders giene in kontrakt oan om foar harren ferfier nei de Nije Wrâld te beteljen troch der op it plak fan oankomst foar te wurkjen. It wiene like faak blanken as swarten, mar se koene krekt as slaven kocht, ferkocht en ferpachte wurde, en as se oerhearrich wiene of besochten út te naaien, mochten se slein wurde. Wol wie it sa dat se nei in yn 't foar fêststelde perioade harren kontrakt ferfolle hiene, en yn frijheid steld waarden. Ek wie it sa dat se yn har frije tiid, as se dy al hiene, har eigen gewaaksen ferbouwe of fee hâlde mochten, wêrfan't se de opbringst brûke koene om earder oan har kontrakt te foldwaan, en dus feitlik harsels frij te keapjen. Afrikaanske kontraktarbeiders trouden mei oare Afrikanen en soms mei blanken en Yndianen, en tsjin 1650 wiene der yn 'e omkriten fan Jamestown ferskate rike swarte famyljes fan grutgrûnbesitters.

Slavernij

It ierst bekende gefal fan slavernij sûnder ein datearret út 1640, doe't in gerjochtshôf yn Firginia de swarte kontraktarbeider John Punch feroardiele ta libbenslange tsjinstberens oan syn master Hugh Gwyn om't er earder útpykt wie. Stadichoan rekke tsjin 'e ein fan 'e santjinde iuw it ferskynsel slavernij mear ynboargere, mar dêrby wiene it net inkeld blanken dy't swarte slaven holden, mei't ek frije swarten en Yndianen slaven yn besit hiene. It bekende konsept fan slavernij op rasiale basis begûn him pas letter te ûntjaan, mei as ierste begjin de ynfier fan alve swarte slaven troch de Westyndyske Kompanjy yn 'e Steatske koloanje Nij-Nederlân, yn 1625. Lykwols waarden dêr alle slaven yn frijheid steld doe't dat gebiet letter yn Britske hannen foel. Massachusetts wie de earste Britske koloanje dy't de slavernij ynfierde, yn 1641. Yn 1662 waard der yn Firginia in wet oannommen wêryn't fêstlein waard dat de bern fan slavinnen deselde status as harren mem krigen (ynstee fan deselde status as harren heit, sa't it yn 'e Ingelske wet regele wie). En yn 1699 waard der ûnder in oare wet yn Firginia bepaald dat alle frije swarten út 'e koloanje deportearre wurde moasten, in soarte fan etnyske suvering dus, wêrmei't alle efterbliuwende swarten doe lykslein wurde koene mei slaven.

 
In artistike werjefte fan Crispus Attucks (1723-1770), de earste martelder fan 'e Amerikaanske Revolúsje.

Tsjin 1775 foarmen negerslaven en frije swarten mei-inoar (al wie de earste groep folle grutter as de twadde) sa'n 20% fan 'e befolking fan 'e trettjin oarspronklike Amerikaanske koloanjes. Dat wie fierhinne in gefolch fan 'e Atlantyske slavehannel. Harren tal wie it grutst yn 'e súdlike gebieten, Firginia en Noard- en Súd-Karolina, dêr't slaven nedich wiene om 'e grutte tabaks- en katoenplantaazjes te bewurkjen. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch fochten sawol slaven as frije swarten oan 'e kant fan 'e Amerikaanske kolonisten tsjin 'e Britten. Sa spile de Afro-Amerikaan James Armistead yn 1781 in wichtige rol by it beheljen fan 'e Amerikaanske oerwinning by Yorktown.

Nei't de Feriene Steaten harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, begûnen de noardlike steaten al rillegau de slavernij ôf te skaffen. Massachusetts (doe noch ynklusyf Maine) en Pennsylvania yn 1780; Nij-Hampshire yn 1783; Rhode Island en Konettikut yn 1784; Fermont yn 1793; New York yn 1799; en Nij-Jersey yn 1804. Yn 1808 waard boppedat foar it hiele grûngebiet fan 'e Feriene Steaten de ymport fan nije slaven út it bûtenlân ferbean. Neitiid skaften de noardlike (en westlike) territoaria de slavernij ôf sadree't se as folweardige steaten ta de Amerikaanske Uny talitten waarden: Ohio yn 1802; Indiana yn 1816; Illinois yn 1818; Iowa yn 1846; Michigan en Wiskonsin yn 1848; Kalifornje yn 1850; Minnesota yn 1858; Oregon yn 1859; en Kansas yn 1861. Yn it Suden wie de slavernij tsjin dy tiid lykwols in ynstitút wurden dat krúsjaal wie foar de regionale ekonomy en wêroan't dus net toarne wurde mocht.

De Boargeroarloch en de ôfskaffing fan de slavernij

Tsjin 1860 wiene der 3½ miljoen negerslaven yn it Amerikaanske Suden, wylst nochris 500.000 frije swarten benammen yn it Noarden libben. Fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch wurdt faak tocht dat dy útfochten waard tusken de smjuntefige Súdlike slavehâlders en de rjochtskepen Noardliken dy't de slaven befrije woene, mar dat is in misbegryp. Yn it foarste plak bestie mar in relatyf lyts part fan 'e blanke befolking fan it Suden út rike plantaazje-eigners dy't grutte oantallen slaven yn besit hiene. Folle mear blanken wiene earme gerniers of komelkers dy't harsèls mar kwealk itende hâlde koene, lit stean in espel slaven. Fierders seach yn it Noarden de grutte mearderheid fan 'e befolking krektlyk sa del op 'e swarten as dat de Súdlike blanken dat diene; rasisme wie yn dy tiid yn 'e hiele maatskippij ynstitúsjonalisearre. De abolysjonistyske beweging, de "ôfskaffers", dy't de slavernij ôfskaffe woene en it "Undergrûnske Spoar" (Underground Railroad) bewurkmasteren om ûntsnapte slaven te helpen en ûntkom nei Kanada ta, omfette mar in relatyf lyts, sij it wol lûdroftich groepke lju.

 
Frederick Douglass, ien fan 'e wichtichste Afro-Amerikaanske foaroanlju út 'e njoggentjinde iuw.

Dat hoewol't de slavernij wol deeglik in striidpunt foarme tusken Noard en Súd, en datoangeande holp om 'e beide lânsdielen faninoar te ferfrjemdzjen, draaide de Boargeroarloch dy't yn 1861 útbriek, dêr oarspronklik net om. It wie ynstee te dwaan om 'e rjochten fan 'e ôfsûnderlike steaten foar it nasjonale regear oer, en teffens spilen ekonomyske motiven in rol. It Suden, in ruraal lânbougebiet dat bestie fan 'e eksport fan katoen en tabak, wie fan miening dat de steaten soeverein wiene en dat it nasjonale regear him dêryn skikke moast. It yndustriële Noarden, dat baat hie by in beheining fan yn- en útfier om 'e eigen fabriken te beskermjen tsjin bûtenlânske konkurrinsje, wie derfan oertsjûge dat de Amerikaanske Uny soeverein wie en dat steatsregearings der wiene om 'e besluten út te fieren dy't yn Washington nommen waarden. Pas doe't de Boargeroarloch al in pear jier oan 'e gong wie, tekene de Noardlike presidint Abraham Lincoln de Proklamaasje fan Emansipaasje wêrmei't er de slaven befrijde (ynsafier't se yn gebieten libben dy't troch de Noardliken behearske waarden). Om 'e earlikheid te bewarjen moat dêrby oantekene wurde dat dat net inkeld bedoeld wie om in ein te meitsjen oan in ferdjerlike praktyk, mar ek as strafmaatregel tsjin it Suden en om yn 'e oarloch moreel de boppehân te krijen. Neigeraden dat de Noardlike troepen fierder opteagen, waarden de slaven yn it Suden sadwaande befrijd, en mids 1865 wie Teksas de lêste steat dêr't de slavernij ôfskaft waard.

Nije ûnderdrukking

De perioade fan 'e weropbou nei de Boargeroarloch wie yn 't earstoan in tiid fan grutte foarútgong foar de befrijde negerslaven yn it Suden. Se (d.w.s. de manlju) mochten foar it earst stimme yn nasjonale, steats- en pleatslike ferkiezings, se rjochten eigen tsjerken, skoallen en ferienings op, en ûntwikkelen in bloeiende kultuer. Yn 'e 1870-er jierren kaam der lykwols in weromslach yn 'e foarm fan diskriminaasje en yntimidaasje troch blanken. It wie yn dy tiid dat de rasistyske Ku Klux Klan oprjochte waard. Yn 'e 1890-er jierren namen de Súdlike steaten ien foar ien saneamde Jim Crow-wetten oan, dy't de rasseskieding en de útsluting fan swarten fan it kiesrjocht fan hegerhân opleine. De measte Afro-Amerikanen leine har dêr by del en bearden hearrich en ûnderdienich te wêzen om net it slachtoffer te wurden fan rasistysk geweld. Yn 1896 stelde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf de Súdlike steaten op it mêd fan 'e rasseskieding yn 'e saak Plessy vs. Ferguson yn it gelyk.

 
Atleet Jesse Owens, dy't op 'e Olympyske Spullen fan Berlyn, yn 1936, Hitler syn rasiale stereotypen geweld oandie.

De Afro-Amerikaanske Folksferhuzing en de Boargerrjochtebeweging

Om't de swarten yn it Suden behalven it stimrjocht ek frijwol eltse ekonomyske ûntwikkelingsmooglikheid ûntsein waard, kaam oan it begjin fan 'e tweintichste iuw de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing op gong. Dêrby lieten hûnderttûzenen earme swarten de útsichtleaze sitewaasje yn it Suden efter har om nei de grutte stêden yn Noarden te ferfarren. Se bedarren fral yn 'e stêden oan 'e hegere eastkust (Philadelphia, Washington, D.C., Baltimore, New York en yn mindere mjitte Boston) en yn it Midwesten (Chicago, Detroit), dêr't se meastal it minst beteljende wurk ferrjochten as fabryksarbeiders en yn earme wiken kamen te wenjen dy't faak net folle mear as getto's wiene.

It ûntstean fan dizze nije befolkingsgroep yn 'e noardlike steaten, en de muoisume ekonomyske ûntwikkeling fan 'e Afro-Amerikanen yn 'e gruttere stêden fan it Suden lei de basis fan in mienskip dy't nei de Twadde Wrâldoarloch gjin genoegen mear naam mei de hanthavening fan 'e status quo. Sa kaam om 1954 hinne de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging op, dy't sa neamd waard om't de oanhingers derfan (dat trouwens net inkeld swarten wiene) foar de Afro-Amerikanen deselde boargerrjochten opeasken as dy't de blanke Amerikanen genoaten. De striid dy't dêrút fuortkaam, en dy't oant 1968 duorje soe, waard fan 'e kant fan 'e Afro-Amerikanen en harren bûnsgenoaten oer it algemien min ofte mear op pasifistyske wize fierd, mar der waard troch de Amerikaanske autoriteiten, fral yn it Suden, mei grou geweld tsjin optreden.

 
In Afro-Amerikaanske jonge út 'e omkriten fan Cincinnati, yn 'e 1940-er jierren.

De wichtichste lieder út dy tiid wie de swarte dûmny Martin Luther King, dy't in foarbyld naam oan 'e geweldleaze striid foar de ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje troch Mahatma Gandhi. In oare lieder wie Malcolm X, dy't in folle radikalere hâlding oannaam. Beide mannen waarden úteinlik fermoarde troch harren politike tsjinstanners. U.m. troch de saneamde Mars op Washington en de taspraak dy't dûmny King dêr oan 'e foet fan it Tinkteken foar Lincoln hold (bekend fan syn útspraak I have a dream...), kaam it Amerikaanske regear ûnder druk te stean om wat oan 'e sitewaasje te dwaan. Under de presidinten John F. Kennedy en Lyndon B. Johnson waarden doe ferskate wetten oannommen dy't de rasseskieding en oare rasistyske regeljouwing ferbeane. Sa waard mei de Boargerrjochtewet fan 1964 alle diskriminaasje op it mêd fan hûsfêsting, wurk en fakbûnen ferbean, en joech de Kiesrjochtwet fan 1965 it federale regear foech om tafersjoch te hâlden oer de registraasje fan kiezers en it hâlden fan ferkiezings yn 'e ôfsûnderlike steaten. Fan 1966 oant 1975 soarge de saneamde Black Power-beweging foar in útwreiding fan 'e politike doelen fan 'e Boargerrjochtebeweging ta ekonomyske selsstannichheid en frijheid fan blanke autoriteit.

Sûnt 1975

Hoewol't de Afro-Amerikanen hjoed de dei yn trochsneed noch altyd ta de earmere lagen fan 'e Amerikaanske maatskippij hearre, hawwe se sûnt 1975 dochs substansjele politike en ekonomyske foarútgong boekt. Yn 1989 waard Douglas Wilder de earste Afro-Amerikaan yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't keazen waard ta it amt fan gûverneur. Yn 2000 wiene der 8.936 Afro-Amerikanen dy't in iepenbier amt ferfollen, mei dêrûnder leden fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, leden fan 'e Amerikaanske Senaat, gûverneurs en opperrjochters. Yn 2001 wiene der yn totaal 484 swarte boargemasters yn 'e Feriene Steaten.

 
Martin Luther King, de lieder fan 'e Amerikaanske Boargerrjochte-
beweging
.

Op 4 novimber 2008 waard de Demokratyske senator Barack Obama de earste swarte man dy't keazen waard ta it amt fan presidint fan 'e Feriene Steaten. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat Obama, mei in Keniaanske heit en in blanke Amerikaanske mem, eins strikt nommen gjin Afro-Amerikaan is (mei't er net ôfstammet fan lju dy't foar de Boargeroarloch as slaven nei Noard-Amerika ta brocht binne), al is syn frou Michelle Obama dat wol. By de ferkiezings yn 2008 stimde goed 95% fan 'e Afro-Amerikanen op Obama, dy't ek in oerweldigjende de mearderheid fan jonge heech oplate blanke kiezers efter him krige, en in mearderheid fan 'e Aziaten en Latino's. Yn 2012 waard Obama werkeazen foar in twadde termyn.

Taal

Afro-Amerikaansk-Ingelsk

Afro-Amerikanen binne yn grutte mearderheid Ingelsktalich, fral as de term yn 'e inge sin brûkt wurdt, en resinte Afrikaanske ymmigranten dus net meirekkene wurde. It dialekt fan it Amerikaansk-Ingelsk dat noch altyd troch de measte Afro-Amerikanen sprutsen wurdt, is it Afro-Amerikaansk-Ingelsk. Allinne de heger oplate elite sprekt dit net mear, om't dy derop delsjocht en dêrom it Standert-Amerikaansk-Ingelsk oannommen hat. It Afro-Amerikaansk-Ingelsk (yn Jeropa it bekendst fan rapmuzyk) wurdt karakterisearre troch in wat teamerige útspraak en gearlûkings fan wurden. It liket sterk op it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk, dat sprutsen wurdt troch de blanken yn it Suden.

Men soe ferwachtsje kinne dat dy oerienkomsten feroarsake wurde trochdat de slaven foarhinne it spraakgebrûk fan har eigners oernommen hawwe, mar dat is sa net. Paradoksalernôch is it krektoarsom gien. It dialekt fan 'e slaven is wierskynlik ier yn syn ûntwikkeling sterk beynfloede troch it ferienfâldige Pidzjin-Ingelsk dat se oarspronklik brûkten om mei-inoar te kommunisearjen doe't se noch ferskillende Afrikaanske memmetalen hiene. Letter lieten de rike plantaazjehâlders harren bern fierhinne grutbringe troch in mammy, in âldere slavinne dy't as bernefamke fungearre. Sa learden de bern fan 'e meast foaroansteande boargers yn it Suden dus praten fan 'e negerslaven, wat meitiid in ûnútwiskbere ynfloed op har spraakgebrûk hie. De minder rike blanken fan it Suden, dy't gjin slaven hiene, pasten har oan it spraakgebrûk fan 'e maatskiplike elite oan, en sa ûntstie it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk.

 
De Mars op Washington, yn 1963.

In oare namme foar Afro-Amerikaansk-Ingelsk is Ebonics, dat yn 1973 gearstald waard út ebony ("ebbehout"; d.w.s. "swart") en phonics ("fonetika"). Dizze term krige pas bekendheid doe't yn desimber 1996 in skoaldistrikt yn Oakland, yn Kalifornje, Ebonics de status fan skoalfak joech, om't men yn noed siet oer it lege prestaasjenivo fan 'e Afro-Amerikaanske skoalbern en wol begriep dat it ferskil tusken it Standertingelsk dat de bern op skoalle learden en it Afro-Amerikaansk-Ingelsk dat se thús sprieken dêr foar in diel debet oan wie. It die bliken dat dit in ûnbidich kontroversjele kwestje wie, sawol ûnder blanken as ûnder Afro-Amerikanen, en in moanne letter moast it beslút ûnder swiere publike druk weromdraaid wurde.[1]

Oare talen

Njonken de sprekkers fan it Afro-Amerikaansk-Ingelsk binne der noch twa oare lytse groepkes binne de Afro-Amerikaanske mienskip. De See-eilânkreoalen fan 'e See-eilannen, in eilannerige dy't him útstrekt fan 'e noardeastkust fan Floarida fia de kusten fan Georgia en Súd-Karolina hast oan Noard-Karolina ta, sprekke it See-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk, in taal mei in Ingelske basis mar dy't in protte eleminten gemien hat mei de oarspronklike Westafrikaanske talen fan 'e negerslaven. De isolaasje fan 'e eilannen hat dizze taalfoarm de mooglikheid jûn om him te ûntjaan. It See-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk wurdt ek wol Gullah neamd, al wurdt dy namme troch in protte lju as lytsachtsjend beskôge.

 
It gesin fan Barack Obama, de earste swarte presidint fan 'e Feriene Steaten.

En fierders binne der dan noch de Louisiaanske Kreoalen fan New Orleans en de Mississippydelta, dy't Louisiaansk Kreoalsk-Frânsk sprekke. De Louisiaanske Kreoalen binne yn grutte mearderheid ôfstammelingen fan 'e slaven fan 'e tsientûzenen blanken en fan 'e frije kleurlingen (gens de couleur libre, faak mei har eigen negerslaven), dy't nei New Orleans ta flechten doe't yn 1804 de Frânske koloanje Sint-Domenikus (Saint-Domingue) ûnôfhinklik waard ûnder de namme Haïty, wêrby't de eardere slaven dêre de macht yn 'e hannen krigen. Tsjin 1809 wie troch dizze ymmigraasje, dêr't de Amerikanen it leafst it near op lein hiene, as se mar witten hiene hoe, New Orleans foar likernôch 90% Frânsktalich en foar 63% swart wurden (wêrmei't it de "swartste" stêd fan 'e Feriene Steaten wie; op it twadde plak lei Charleston, yn Súd-Karolina, dat foar 53% troch swarten bewenne waard). Tsjintwurdich foarmje de Louisiaanske Kreoalen yn New Orleans in ûnmisber part fan 'e pleatslike kultuer.

Leauwe

De Afro-Amerikanen binne foar it meastepart kristenen en leden fan protestantske tsjerken (78%), wêrby't fral de denominaasje fan 'e baptisten grutte oanhing hat. Ek binne in soad Afro-Amerikanen lid fan pinkstertsjerken en fan 'e Jehova's Tsjûgen. Sa'n 5% hearre ta de Roomsk-Katolike Tsjerke, wêrûnder frijwol alle Louisiaanske Kreoalen. Moslims meitsje 1% fan 'e Afro-Amerikanen út (mar Afro-Amerikanen foarmje 20% fan 'e Amerikaanske moslims). Sokke moslims binne gjin resinte migranten, mar lju dy't, fral ûnder ynfloed fan 'e Black Power-beweging, weromkeare woene nei de religy fan harren foarâlden. Fan 'e ferskate islamityske Afro-Amerikaanske groepen timmeret fral de kontroversjele Nation of Islam tradisjoneel sterk oan 'e wei.

 
Afro-Amerikanen as persintaazje fan 'e totale befolking, neffens gegevens út 2000.

It is trouwens de fraach ynhoefier't de islaam yndie de godstsjinst wie fan 'e oarspronklike Afrikanen dy't ta slaaf makke waarden. Nei alle gedachten wie mar 15-30% fan harren moslim, wylst in folle heger persintaazje út oanhingers fan natoerreligyen bestie. En dat is de reden dat in part fan 'e Afro-Amerikanen aktyf besiket om eleminten fan sokke natoerreligyen yn har libben yn te passen, lykas it Kwanzaa-feest, dat wol fierd wurdt yn it stee fan kryst en âld en nij. Fierders hawwe 20.000 oant 200.000 Afro-Amerikanen it joadendom oannommen.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wiene der doe 42.020.743 Afro-Amerikanen yn 'e Feriene Steaten, wêrûnder 3.091.424 persoanen fan mingd rasiaal komôf, dy't harsels ek ta oare etnyske groepen rekkenen. Mei-inoar kaam dat út op 13,6% fan 'e totale Amerikaanske befolking. Yn 2000 wiene der yn 'e Feriene Steaten noch 34,6 miljoen Afro-Amerikanen, dy't 12,3% fan 'e befolking útmakken, en men kin dus stelle dat harren befolkingsoandiel groeit.

It heechste oandiel fan 'e befolking, 50,1%, meitsje de Afro-Amerikanen út yn 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. Hoewol't se fierders prosintueel ek fral sterk binne yn it Amerikaanske Suden, yn steaten as Mississippy, Louisiana, Georgia, Súd-Karolina en Alabama, libje der yn absolute oantallen mear Afro-Amerikanen yn noardlik en westlike steaten as New York en Kalifornje. By de sifers yn 'e ûndersteande tabel wurdt trouwens gjin ûnderskie makke tusken Afro-Amerikanen yn 'e inge sin en oare swarte Amerikanen.

Afro-Amerikaanske befolking yn 'e Feriene Steaten per steat
(op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010)
Amerikaanske steat Afro-Amerikanen % fan 'e steatsbefolking
  New York 3.073.800 15,2%
  Floarida 2.999.862 15,9%
  Teksas 2.979.598 11,9%
  Georgia 2.950.435 30,0%
  Kalifornje 2.299.072 6,7%
  Noard-Karolina 2.048.628 21,6%
  Illinois 1.866.414 14,9%
  Marylân 1.700.298 29,4%
  Firginia 1.551.399 19,9%
  Louisiana 1.452.396 32,0%
  Ohio 1.407.681 12,0%
  Michigan 1.400.362 14,2%
  Pennsylvania 1.377.689 10,8%
  Súd-Karolina 1.290.684 28,5%
  Alabama 1.251.300 26,4%
  Nij-Jersey 1.204.826 14,5%
  Mississippy 1.074.200 37,3%
  Tennessee 1.055.689 16,8%
  Missoury 704.043 11,5%
  Indiana 591.397 9,1%
  Arkansas 449.895 15,8%
  Massachusetts 434.398 7,0%
  Konettikut 362.296 10,3%
  Wiskonsin 359.148 6,1%
  Kentucky 337.520 7,7%
  Distrikt Kolumbia 301.463 50,1%
Amerikaanske steat Afro-Amerikanen % fan 'e steatsbefolking
  Oklahoma 277.644 8,0%
  Minnesota 274.412 4,6%
  Arizona 259.008 4,2%
  Washington 240.042 3,7%
  Nevada 218.626 8,1%
  Kolorado 201.737 4,3%
  Delaware 191.814 21,0%
  Kansas 167.864 6,2%
  Iowa 89.148 2,7%
  Nebraska 82.885 4,5%
  Oregon 69.206 2,0%
  West-Firginia 63.124 3,6%
  Rhode Island 60.189 6,4%
  Nij-Meksiko 42.550 3,0%
  Utah 29.287 1,3%
  Alaska 23.263 4,3%
  Hawaï 21.424 3,1%
  Maine 15.707 1,0%
  Nij-Hampshire 15.035 1,2%
  Súd-Dakota 10.207 1,1%
  Idaho 9.810 1,0%
  Noard-Dakota 7.960 1,1%
  Fermont 6.277 0,9%
  Wyoming 4.748 1,3%
  Montana 4.027 0,8%

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 97/98.

boarnen:
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
literatuer:

  • Mintz, Sidney, en Price, Richard, De Geboorte van de Afrikaans-Amerikaanse Cultuur, Leien 2003, KITLV.