Izaäk-katedraal (Sint-Petersburch)

De Izaäk-katedraal (Russysk: Исаакиевский собор) is in katedraal yn 'e Russyske stêd Sint-Petersburch. It is de op trije nei grutste koepeltsjerke fan 'e wrâld. De koepel hat in trochsneed fan 22 meter en is 101 meter heech. Yn 'e katedraal is plak foar 7.000 minsken.

Izaäk-katedraal

Исаакиевский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 56' N 30° 18' E
Arsjitektuer
boujier 1818-1858
boustyl Klassisisme
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810033000
Webside
cathedral.ru
Kaart
Izaäk-katedraal (Sint-Petersburch-Sintrum)
Izaäk-katedraal

Lange tiid hold de katedraal nei de ynstoarting fan de Sovjet-Uny noch in museale funksje. Op snein, 19 febrewaris 2017 waard de Izaäk-katedraal lykwols wer oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke.[1] De katedraal lûkt alle jierren wer miljoenen toeristen.[2]

De hjoeddeiske tsjerke is de fjirde oan Izaäk fan Dalmaasje wijde tsjerke. De earste tsjerke waard yn 1707 yn opdracht fan Peter de Grutte boud. It wie in ienfâldige houten tsjerke út 1707. Yn dizze tsjerke troude Peter de Grutte mei de lettere keizerin Katarina I.

Yn 1717 waard de earste stien lein foar in twadde tsjerke, mar it die bliken dat de yn 1727 ynwijde tsjerke te ticht by de Neva lei. De fundearrings wiene al gau te swak en yn 1735 baarnde de tsjerke ôf.

Yn 1761 folge in senaatsbeslút om in nije katedraal te bouwen. Katarina II joech in pear jier letter de opdracht oan Antonio Rinaldi. Yn 1790 moast Rinaldi Ruslân lykwols ferlitte en de bou kaam stil te stean. Acht jier letter besocht Vincenzo Brenna de katedraal ôf te bouwen, mar fanwegen de kosten koe mar ien fan de fiif plande koepels boud wurde. Ek de klokketoer waard net realisearre. Dy tredde katedraal waard yn 1802 ynwijd.

Skiednis fan de hjoeddeiske katedraal

bewurkje seksje
 
Ynterieur
 
Koepel

Nei de oerwinning op Napoleon I woe tsaar Aleksander I fan 'e Izaäk-katedraal in nasjonaal momumint meitsje. Hy skreau in wedstriid út foar arsjitekten en it ûntwerp fan de Frânsman Auguste Ricard de Montferrand waard fan 'e ynstjoerings útkeazen.

De bou fan 'e katedraal sette útein yn 1818. De âlde katedraal waard earst foar in part ôfbrutsen, allinnich de alterromte bleau stean. Dêrnei waard de sompige lokaasje op 'e nij fundearre. Hjirfoar waarden likernôch 11.000 peallen de grûn yn slein. Nei't yn 1827 it wurk oan it fûnemint ôfsletten waard, begûn de bou oan de benedentsjerke, dy't yn 1828 ree kaam. De 48, santjin meter hege pylders fan 'e portikus waarden tusken 1828 en 1830 opsteld. Yn 1835 moasten de plannen bysteld wurde fanwegen statyske swierrichheden. De 101 meter hege koepel kaam yn 1841 ree. It wie de earste grutte koepel fan de wrâld mei in metalen konstruksje. It wurk oan it ynterieur folge fan 1848 oant 1858.

Nei de Oktoberrevolúsje bleau de katedraal oant 1928 iepen foar de earetsjinst. Dêrnei waard de tsjerke ynrjochte as in anti-religieus museum, dat yn 1931 de doarren iepene. Yn 'e koepel kaam in 91 meter lange slinger fan Foucault te hingjen. Yn 'e Twadde Wrâldkriich tsjinne de katedraal as depot foar keunstwurken út de paleizen yn 'e omjouwing fan Leningrad. De fiif gouden koepels waarden yn 1942 oerskildere, mar de katedraal hie likegoed noch in soad te lijen ûnder de besjittingen. Nei de oarloch begûn in restauraasje, dy't yn 1960 ôfsletten waard.

Mei it ferfal fan it kommunisme yn 'e jierren 1980 naam de godstsjinstfrijheid ta en yn 1990 wie it wer tastien om foar it earst sûnt lange tiid in earetsjinst te fieren. Tusken 1994 en 2003 folge wer in restauraasje oant 2003. Lange tiid waard it gebou allinne op heegtijdagen as tsjerke brûkt en regelmjittige tsjinsten waarden yn in sydkapel fierd. It gebou die noch altiten tsjinst as museum, mar dan as it Museum fan Religy.

Op snein 19 febrewaris 2017 waard de katedraal lykwols werom jûn oan de otterdokske tsjerke.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. kro.nl
  2. Frysk Deiblêd 21 febrewaris 2017, side 9