Springe nei ynhâld

Vegelin fan Claerbergen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vegelin van Claerbergen)
It famyljewapen

Vegelin fan Claerbergen (offisjele stavering: Vegelin van Claerbergen) wie fan âlds in Dútsk laach, ôfkomstich út Konstanz, tsjin 'e Switserske grins oan, sûnt 1641 oan it Hof fan de Fryske steedhâlders. It laach levere in soad opperoffisieren, oaren wiene grytman, letter boargemaster fan Haskerlân. Bekende Vegelin fan Claerbergens wienen Johan Vegelin fan Claerbergen en Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen.

De stamrige begjint mei de yn Konstanz berne Georg (Jörg) Fegili (1425-1481). Syn pakesizzer Georg (Jörg) Vegilin krige fan keizer Maximiliaan yn 1507 by wapenbrief fergunning it wapen fan de famylje fan syn mem, in lid fan it laach Von Geisterendorff, te fieren.

In oerpakesizzer fan dizze lêste, de (bet)oerpake fan de yn 1814 erkende jonkhearen, Philip Ernst Vegilin fan Claerbergen (1613-1693), wie in Dútsk ealman oan it hof fan Karel I Loadewyk, karfoarst fan de Palts dy 't ferroaid de Tritichjierrige Oarloch ûntflechte hie. Hy brocht it yn 1641 úteinlik ta siktaris fan prins Willem Frederik fan Nassau (1613-1664), letter adjudant-generaal fan greve Johan Maurits fan Nassau (1673) en ferstoar yn Ljouwert. Hy waard de stamheit fan de Nederlânsk-Fryske staach.

Yn 1812 waarden trije leden fan it laach troch keizer Napoleon I beneamd as Baron de l'Empire.

By SB, Brussel 28 augustus 1814, waarden Assuërus en Valerius Loadewyk Vegelin fan Claerbergen erkend as eallju fan Fryslân sadat se yn de Nederlânske adel opnomd waarden mei it predikaat fan jonkhear. By SB, De Haach 22 oktober 1814, waarden Philip Ernst Assuërus Vegelin van Claerbergen (1781-1851) en Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen (1790-1831) ek erkend as edelen fan Fryslân. Doe 't yn 1825 de ridderskip yn Fryslân ynsteld waard is allinnich Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen as lid beneamd.

By KB fan 23 maaie 1860 krige Doeke Vegelin van Claerbergen (1859-1894), pakesizzer fan Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen, op fersyk fa syn heit, fergunning de namme Martena van Burmania Vegelin van Claerbergen oan te nimmen, nei de Martenastate yn Koarnjum dêr 't syn pake yn 1831 stoarn wie.

Georg (Jörg) Vegilin von Claerbergen und Geisterendorff (1481-1533), fjildoerste fan keizer Maximiliaan fan Eastenryk, krige yn 1507 fan dizze keizer in wapenbrief, amtman fan Polweiler

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: