Springe nei ynhâld

Universiteit Utert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Universiteit fan Utert)
Universiteit Utert
Detail fan it Akademygebou
Detail fan it Akademygebou
Namme
Latynske namme Universitas Rheno-Traiectina of Universitas Ultraiectina
Biedwurd Sol Iustitiae Illustra Nos
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Utert
Oare bysûnderheden
Type Frij ûnderwiis
Oprjochting 1634 Illustere Skoalle, 1636 ferheven
Rektor Prof. dr. Henk Kummeling
Tal studinten 30.449 (2012)
Offisjele webside
www.uu.nl

De Universiteit Utert (UU) is in Nederlânske universiteit dy't festige is yn de stêd Utert. Oant healweis de jierren jaren 90 wie de namme Ryksuniversiteit Utert (RUU). Mei goed 30.000 studinten (en alle jierren in ynstream fan 6.500 nije studinten) is de UU de op ien nei grutste universiteit fan Nederlân. De universiteit hat sa'n 8.000 meiwurkers, wêr't 640 fan heechlearaar binne. De universiteit biedt bacheloropliedingen, minors en masteropliedings oan en teffens promoasjetrajekten. De UU hat sân fakulteiten en hat in jierbudget fan likernôch 650 miljoen euro.

Yn 1634 krige Utert in yllústere skoalle dêr't nei de Latynske skoalle in ferfolchoplieding folge wurde koe. De yllústere skoalle waard ferbûn oan de Hiëronymusskoalle en twa jier letter ferheft ta universiteit. De iepening fan de Universiteit Utert wie op 26 maart 1636. De inaugurale rede waard holden troch heechlearaar teology Gisbertus Voetius; de earste rector magnificus wie heechlearaar rjochten en wiskunde Bernardus Schotanus.[1] De universiteit hie by de iepening inkelde tsientallen studinten en sân heechleararen ferdield oer fjouwer fakulteiten: de filosofyske, dy't alle studinten in propedeuze oanbea, en de trije hegere fakulteiten, de teologyske, de juridyske en de medyske.

Utert bloeide yn de 17e iuw op, nettsjinsteande de konkurrinsje fan de âldere universiteiten fan Leien (1575), Frjentsjer (1585) en Grins (1614) en fan de yllústere skoallen fan Hurderwyk (1599, universiteit fanôf 1648) en Amsterdam (1632). Fral Leien wie in konkurrint dêr't rekkening mei hâlden wurde moast. Dêrom moasten de nedige ynvestearring dien wurde. De stedsbibleteek yn de Janstsjerke krige de funksje fan universiteitsbibleteek. It Catharijnegasthûs waard yn 1636 in akademysk sikehûs foar de medyske fakulteit. In medyske krûdetún waard yn 1639 op it bolwerk Sonnenborgh oanlein. Trije jier letter waard in stjerrewacht op de Smeetoer ynrjocht, dy't letter ek brûkt wurde soe foar waarkundige waarnimmings. Teffens waard yn dy begjinjierren de Maliebaan iepene dêr't it malyspul spile wurde koe.

De universiteit luts in protten studinten út it bûtenlân oan, benammen Dútsers, Ingelsken en Skotten. Sy wienen tsjûgen fan de yntellektuele en teologyske striid tusken de oanhingers fan de nije filosofy (René Descartes wenne in skoft yn Utert) en de oanhingers fan de otterdokske teolooch Voetius, de earste heechlearaar fan de universiteit.

De Frânske besetter degradearre yn 1810 de Utertske universiteit ta 'école secondaire' (middelbere skoalle), mar nei de stichting fan it Keninkryk fan de Nederlannen yn 1813 krige de universiteit har âlde rjochten werom. Yn 1817 waarden Leiden, Grins en Utert de trije Ryksuniversiteiten (saneamde 'hege skoallen') fan it Noardelik diel fan de nije steat. Leien krige de titel fan 'earste' hege skoalle. Utert spile in foaroansteande rol yn de opbloei fan de Nederlânske natuerwittenskip. Om 1850 ûntjoech him de saneamde 'Utertske skoalle' yn de natuerwittenskippen, mei kopstikken as de heechleararen Harting, Mulder, Buys Ballot en Donders. Sy yntrodusearren yn Nederlân it ûnderwiislaboratorium, in oefenplak foar harren studinten. De Ryks Feeartsenijskoalle waard yn 1918 in hegeskoalle en yn 1925 de fakulteit Diergenêskunde fan de universiteit.

Mei it út ein setten fan de Twadde Wrâldkriich bleau de universiteit iepen. Joadske heechleararen waarden al yn it earst jier útsletten lykas ek Joadske studinten. Ein 1942 easke de Dútske besetter de nammeregisters op fanwege it ferplicht oan it wurk setten fan studinten (Arbeidseisatz). De universiteit wegere dat. In tal studinten stuts doe de studinte-administraasje yn de brân. Guon studinten soargen foar ûnderdak foar joadske bern oer it Bernekomitee en de kresj Kindjeshaven. Truus van Lier gie oer ta wapene ferset en skeat yn 1943 de Utertske NSB-haadkommissaris fan polysje G.J. Kerlen dea.

De Universiteit Utert is fertsjintwurdige yn de Stichting Akademysk Erfguod, in stichting mei as doel om universitêre kolleksjes en kultuerskatten te behâlden.

It Willem C. van Unnikgebou (earder Transitorium II)

De gebouwen fan de Universiteit Uter biine ferspraat oer de stêd. De measte fakulteiten binne festige yn de Uithof, in stedsdiel jusjes beëasten de stêd en besuden De Bilt. In grutte fakulteit (Rjocht, Ekonomy, Bestjoer en Organisaasje) en in grutte subfakulteit (Letteren) húsmanje yn de binnenstêd.

De sân fakulteiten fan de UU binne:

Njonken de fakulteiten hat de UU noch trije ûnderwiisorganisaasjes:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jamin, Hervé (2001), Kennis als opdracht: De Universiteit Utrecht 1636-2001, Utjouwerij Matrijs, Utert
 
Universiteiten yn Nederlân
Bekostige

Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen

Oanwiisd

Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn

Ynternasjonaal

Limburg · Webster University

Eardere universiteiten

Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht

· · Berjocht bewurkje