Springe nei ynhâld

Nederdútsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Platdútsk)
Nederdútsk
algemien
oare namme(n) Platdútsk, Nedersaksysk
eigen namme Plattdüütsch
lânseigen yn Dútslân, Denemark, Poalen
tal sprekkers 10.000.000 (it Nedersaksysk yn Nederlân net meirekkene)
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Nedersaksysk
dialekten Westnederdútsk (Noardsaksysk, Westfaalsk, Eastfaalsk), Eastnederdútsk (Marksk-Brandenboarchsk, Meklenboarchsk-Foarpommersk, Middelpommersk, Eastpommersk, Nederprusysk)
taalstatus
offisjele status it Nederdútsk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal; yn Denemark en Poalen wurdt it net erkend
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 nds
ISO 639-3 nds

It Nederdútsk, ek wol Platdútsk, Leechdútsk of soms Nedersaksysk neamd, is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en sprutsen wurdt yn noardlik Dútslân, súdlik Denemark en noardlik Poalen. Fierders wurdt it ek noch sprutsen yn guon ymmigrantemienskippen, benammentlik yn Kanada.

It Nederdútsk wurdt yn Dútslân sprutsen troch likernôch tsien miljoen minsken, oftewol 12% fan 'e Dútke befolking. Yn Denemark wurdt it heechút troch in pear tûzen minsken sprutsen. It sprekkerstal yn Poalen is ûnbekend, mar sil nei gedachten net boppe tsientûzen útkomme. It nau oan it Nederdútsk besibbe Nedersaksysk yn noardeastlik Nederlân hat 1.616.000 sprekkers.

It Nederdútsk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal en is yn 1998 troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen.

It Nederdútske taalgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurdt sprutsen yn hiel noardlik Dútslân, benoarden in frij rjochte, tinkbyldige line fan Bocholt, by de Nederlânske grins oant Seelow, by de Poalske grins. De útsûndering dêrop is de Dútske haadstêd Berlyn en it gebiet dêr fuort omhinne, dêr't it Nederdútsk al iuwen lyn útstoarn is. Yn it Rynlân, tsjin 'e Nederlânske grins oan, wurde 3 Nederfrankyske dialektgroepen sprutsen (it Limburchsk, it Kleverlânsk en it Eastberchsk) dy't soms wol op ien bulte smiten wurde mei de Nederdútske dialekten, mar der eins net ta hearre.

Behalven yn Dútslân wurdt it Nederdútsk ek sprutsen yn Denemark en Poalen. Yn Denemark wurdt it yn 'e regio Noard-Sleeskwyk sprutsen yn pear doarpen tichteby de Dútske grins. Yn noardlik Poalen wurdt it ferspraat yn it noarden fan it lân noch hjir en dêr sprutsen. Foarhinne hearden nammentlik de Dútske gebieten yn wat no noardlik Poalen, de Russyske provinsje Kaliningrad en súdwestlik Litouwen binne, ta it Nederdútske taalgebiet. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard lykwols hast de hiele Dútske befolking fan dy gebieten ferdreaun. Ynklusyf de - net Nederdútsktalige - befolking fan 'e Dútske gebieten yn sintraal en súdlik Poalen - gong it dêrby om hast acht miljoen minsken. Der wienen lykwols tsientûzenen Dútsers dy't oan 'e deportaasje ûntkamen en hjoed de dei bestiet der yn Poalen noch altyd in Dútske minderheid fan hast in heal miljoen minsken. It Nederdútsk wurdt der lykwols allinne noch mar troch guon fan 'e âlderein sprutsen.

De dialekten fan it Nederdútsk foarmje ien taalkontinuum mei de Nedersaksyske dialekten fan noardeastlik Nederlân. Dêrom wurde alle dialekten fan 'e Feluwe oant 'e Poalske grins beskôge as hearrend ta ien taal, ek al bestiet der gjin standerdisearre foarm fan. Yn Dútslân wurdt dy taal Nederdútsk of Platdútsk neamd en yn Nederlân Nedersaksysk.

Der bestiet lykwols in frij grut - en tsjintwurdich fluch groeiend - ferskil tusken it Nederdútsk en it Nedersaksysk, want wylst it Nederdútsk ûnder druk fan it Dútsk stiet en hieltyd mear eigenskippen út dy taal oernimt, hat it Nedersaksysk te krijen mei de sterke ynfloed fan it Nederlânsk, dy't it in oare kant útdriuwt. Sokke ferskillen binne benammen werom te finen as men sjocht nei de ûntliening fan nije wurden en nei de stavering - sa hat it Nederdútsk de saneamde Großschreibung (it skriuwen fan haadwurden mei haadletters) oernommen fan it Dútsk, wylst dat ferskynsel yn 'e stavering fan 'e Nedersaksyske dialekten fan Nederlân nearne foarkomt.

Wat de sprekkers sels oangiet, hawwe de Nedersaksysktaligen yn Nederlân der oer it algemien gjin muoite mei om oan te nimmen dat yn noardlik Dútslân itselde soarte dialekten sprutsen wurdt. Oarsom wol it lykwols de measte Nederdútsers net oan dat harren taal trochrint op Nederlânsk grûngebiet. Yn dit ferbân moat fernijd wurde dat yn Jeropeesk ferbân sawol it Nederdútsk (yn it Ingelsk Low German) as it Nedersaksysk (yn it Ingelsk Low Saxon) erkenning as minderheidstaal genietet, mar sûnder dat se mei safolle wurden as ien taal erkend wurde.

It hjoeddeiske en it eardere Nederdútsk-Nedersaksyske taalgebiet.

It Nederdútsk is ûntstien út it Aldsaksysk, dat yn it earste milennium nei Kristus sprutsen waard. Dy taal is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf, útsein in doopûnthjit út 'e achtste iuw, dêr't de ôf te swarren heidenske goaden mei namme yn neamd wurde: "(...) end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuôden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint (...)" ("(...) en ik fesaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, Doanar en Woadan en Saksnot, en al dy duvels dy't harren genoaten binne (...)").

De wichtichste Aldsaksyske tekst is de Heliand ("Heilân"), in yn 'e midden fan 'e njoggende iuw skreaun epos oer it libben en de lear fan Jezus Kristus, dêr't 5.983 rigels yn stêfrym fan bewarre bleaun binne. In oare Aldsaksyske tekst út 'e njoggende iuw is de Genesis, dy't bestiet út trije fragminten mei teksten út ûnder mear it earste Bibelboek (Genesis), yn 337 stêfrymrigels.

Op it Aldsaksyske Tiidrek (750-1150) folge it Midnederdútske Tiidrek (1150-1600). Yn dy snuorje fûn de útwreiding fan it Nederdútske taalgebiet by de Eastseekust lâns nei it easten ta plak, dêr't de ynheemske Slavyske en Baltyske befolking foar in grut part by ferkrongen of assimilearre waard. Oan dy kolonisaasje namen ek lju út 'e Nederlannen diel en sels hjoed de dei noch kinne der Nederlânske ynfloeden weromfûn wurde yn fral it Marksk-Brandenboarchske dialekt.

Yn dyselde tiid, om 1200 hinne, ûntjoech der him ek in Nederdútske standertskriuw- en -sprektaal dy't benammentlik basearre wie op it dialekt fan 'e havenstêd Lübeck, oan 'e Eastsee, dat yn dy tiid it machtichste lid fan 'e tige ynfloedrike Hânse wie. In pear iuwen lang wie it Midnederdútsk de dominante taal yn noardlik Dútslân en it Noard- en Eastseegebiet fan 'e Grinslân oant Estlân en fan Berlyn oant Stockholm. Healwei de sechstjinde iuw rekke dy taal lykwols yn it neigean, tagelyk mei it ferdwinen fan 'e Lübecker hannelsmacht. De genedeklap kaam troch de ynfiering fan it lutheranisme yn 'e Noarddútske steaten yn dyselde tiid; de Bibeloersetting fan Luther wie nammentlik yn it Meisnysk skreaun, in Middeldútsk dialekt.

It begjin fan it Nijnederdútske Tiidrek (fan 1600 ôf) waard karakterisearre troch it mar sporadysk mear foarkommen fan it brûken fan it Nederdútsk af skriuwtaal. Nei 1700 waard it frijwol hielendal net mear skreaun. Yn 'e grutte stêden kaam sels it gebrûk as sprektaal ûnder druk te stean. Yn Berlyn, dat him krekt yn dizze tiid ta in wichtich regearingssintrum ûntjoech, stoar it hielendal út, wylst him yn oare grutte stêden, lykas Hamboarch, Lübeck en Bremen, ûnder de hegere klassen it saneamde Missingsk ûntjoech, dat in mingfoarm fan Heech- en Nederdútsk wie. Pas yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw begûn men it Nederdútsk wer te skriuwen. Klaus Groth wurdt sjoen as ien fan de grûnlizzers fan De Nederdútske lietratuer.

Ferskillen mei it Dútsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste ferskillen tusken it Dútsk en it Nederdútsk binne feroarsake trochdat it Nederdútsk gjin part hân hat oan 'e saneamde Twadde of Heechdútske Klankferskowing. Foarbylden fan 'e dêrtroch ûntstien ferskillen binne opnommen yn 'e ûndersteande tabel.

wurd Dútsk Nederdútsk
"ik" ich ik
"molke" Milch Melk
"meitsje" machen maken
"twa" zwei twei
"sâlt" Salz Salt
"doarp" Dorf Dorp
"dat" das dat
"wetter" Wasser Water
"panne" Pfanne Pann
Panne

Fierders is opfallend dat der yn it Nederdútsk - oars as yn it Dútsk - mar twa lidwurden foarkomme. Ferlykje ûndersteande foarbylden:

oersetting Dútsk Nederdútsk
"de man" der Mann de Mann
de Man
"de frou" die Frau de Fru
"it bern" das Kind dat Kind

Neffens ûndersyk fan it Institut für Niederdeutsche Sprache út 2016, is der by de ferskillende leeftydskategoryen sprake fan in rêde delgeande trend. 50,7% fan leeftydskategory âlder as 80 jier koe it Nederdútsk noch "goed" of "hiel goed" prate, by de leeftydskategory jonger as 20 jier koe 0,8% "goed" of "hiel goed" Plat prate. By dy jonge kategory koe 6,8% "ridlik" Plat prate, 21,1% koe "in pear wurden" en 71,3% koe "hielendal net" Plat prate.[1]

Neffens ûndersyk fan it ûndersyksburo ITS fan de Radboud Universiteit Nijmegen út 2011, útfierd troch dr. Geert Driessen, lit deselde trend as yn Dútslân sjen. 15% fan de âlden mei bern koenen Nedersaksysk prate. Fan de heiten prate winliken 2% Nedersaksysk mei de bern en fan de memmen prate 1% Nedersaksysk mei de bern. 1% fan de bern joech oan Nedersaksysk mei broerkes, suskes en freonen te praten.[2]

It Nederdútsk bestiet út twa grutte dialektkloften, it Westnederdútsk en it Eastnederdútsk, dy't elts opboud binne út ferskate lytsere dialektgroepen.

Sa bestiet it Westnederdútsk út it Noardsaksysk, it Westfaalsk en it Eastfaalsk. It Noardsaksysk, dat by de Noardseekust lâns sprutsen wurdt, wurdt bûten Dútslân ek wol Noardnedersaksysk neamd, mar om't der in Dútske dielsteat bestiet mei de namme Nedersaksen en it Noardsaksysk ek yn Sleeswyk-Holstein, Hamboarch en Bremen sprutsen wurdt, kin dy beneaming betiizjend wurkje. It Westfaalsk wurdt eastlik fan 'e Nederlânske grins sprutsen en it Eastfaalsk yn sintraal noardlik Dútslân.

It Eastnederdútsk bestiet út fiif dialekten. It Meklenboarchsk-Foarpommersk wurdt yn 'e dielsteat Meklenboarch-Foarpommeren, oan 'e Eastseekust, sprutsen en it Marksk-Brandenboarchsk yn it gebiet om 'e Dútske haadstêd Berlyn hinne. De trije oare dialekten, it Middelpommersk, it Eastpommersk en it Nederprusysk, waarden foarhinne sprutsen yn 'e Dútske gebieten yn wat no noardlik Poalen, de Russyske provinsje Kaliningrad en súdwestlik Litouwen binne. Tsjintwurdich wurde se miskien noch troch wat âldere minsken yn Poalen sprutsen, mar wurde se fral libben holden troch de mienskippen fan 'e ferdreaune Dútsers yn Dútslân.

In gefal apart is it Minnistedútsk, dat him fan 'e sechstjinde iuw ôf ûnder Nederdútske kolonistemienskippen yn Poalen en letter Ruslân ûntjoech. Fan 1874 ôf ûntflechten dy minnisten Ruslân, sadat harren taal op 't heden it meast sprutsen wurdt yn Noard- en Súd-Amearika, mar ek noch wol yn Sibearje en de Sintraalaziatyske republiken. It Minnistedútsk wurdt soms rekkene as in dialekt fan it Nederprusysk, mar tsjintwurdich wurdt it troch taalkundigen hieltyd faker as in ôfsûnderlike taal beskôge.

De Nederdútske dialektgroepen.

De folsleine dialektyndieling fan it Nederdútsk en it Nedersaksysk is as folget (de dialektgroepen yn Nederlân binne fet werjûn):

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Adler, A, Christiane, E, Goltz, Kleene, A & Plewnia, A. 2016. Status und Gebrauch des Niederdeutschen. Bremen: Institut für Niederdeutsche Sprache/Institut für Deutsche Sprache
  2. Driessen, G. 2011. Ontwikkelingen in het gebruik van Fries, streektalen en dialecten in de periode 1995-2011. Nijmegen: ITS, Radboud Universiteit Nijmegen