Springe nei ynhâld

Opper-Sû Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Opper-Sû Yndianereservaat
Upper Sioux Indian Reservation
De lokaasje (bûten it hjoeddeistige reservaat) fan it histoaryske Opper-Sû Agintskip fan it BIA.
De lokaasje (bûten it hjoeddeistige reservaat) fan it
histoaryske Opper-Sû Agintskip fan it BIA.
polityk
haadplak Granite Falls (Minnesota)
stamme Opper-Sû Mienskip
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
sifers
ynwenners 57 (2000)
oerflak 5,1 km²
bef.tichth. 11,1 / km²
oar
stifting 1938
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
kaart
De lokaasje (bûten it hjoeddeistige reservaat) fan it histoaryske Opper-Sû Agintskip fan it BIA.
Yndianereservaten yn 'e steat Minnesota. Opper-Sû is werjûn yn read.

It Opper-Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Upper Sioux Indian Reservation; Eastlik Dakota: Pežuhutazizi) is it reservaat fan 'e federaal erkende Opper-Sû Mienskip (Upper Sioux Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.

It reservaat leit yn it suden fan 'e steat, oan 'e rivier de Minnesota, yn Yellow Medicine County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe mar 57 minsken. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Granite Falls, dat feitliken 8 km benoarden it reservaat leit. It Opper-Sû Reservaat hat in oerflak fan mar justjes mear as 5 km².

De namme fan it reservaat komt fan it feit dat der oarspronklik, yn 'e njoggentjinde iuw, fan 1851 ôf oan 'e rivier de Minnesota twa reservaten fan 'e -Yndianen wiene, wêrfan't dat streamop "Opper Sû" (Upper Sioux) neamd waard, en dat streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux). Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waard it Opper-Sû Reservaat lykwols opheft. It reservaat yn syn hjoeddeistige foarm kaam ta wêzen doe't yn 1938 746 acres (3 km²) grûn weromjûn waard oan 'e Yndianen.

De Opper-Sû Mienskip hat op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten, it Prairie's Edge Casino Resort. Elts jier yn juny hâldt de stamme yn it reservaat syn tradisjonele wačipi (powwow of folksgearkomste).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota