Leafde's Lêst Net Leanne
Leafde's Lêst Net Leanne | ||
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan In Komeedzje Fol Fersinnen en De Twa Eallju fan Verona werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Love's Labour's Lost | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | ±1594-95 | |
1e publikaasje | 1598, Londen | |
1e opfiering | uterlik 1597 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Leafde's Lêst Net Leanne | |
publikaasje | 1956, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Leafde's Lêst Net Leanne, yn it oarspronklike Ingelsk: Love's Labour's Lost, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Men is fan tinken dat it skreaun wêze moat yn 'e midden fan 'e 1590-er jierren. Yn elts gefal waard it foar it earst publisearre yn 1598. Leafde's Lêst Net Leanne is in komeedzje en docht ferslach fan 'e foarfallen oan it hof fan 'e kening fan Navarra as dêr in Frânske prinsesse en har hofdames arrivearje, dy't de kening en alletrije fan syn heechste hôvelingen de holle oerstjoer meitsje. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1956.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens resint literêr-histoarysk ûndersyk soe Love's Labour's Lost yn 'e perioade 1594-1595 skreaun wêze, yn deselde snuorje dus as Romeo and Juliet en A Midsummer Night's Dream, dêr't it stik ferskate stylistyske oerienkomsten mei fertoand. De âldste boarnen oer in opfiering derfan binne út 1597, doe't it mei de kryst oan it hof fan keninginne Elizabet I op it toaniel brocht wêze soe. Yn alle gefallen datearret de earste papierrene útjefte út 1598. Neffens de âldst oerlevere foarside wie it stik "korrizjearre troch Shakespear" [sic], wat by in protte saakkundigen it fermoeden oproppen hat dat it in op 'e nij besjoene ferzje fan in eardere wurk fan him wie.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Love's Labour's Lost slút de kening fan Navarra mei trije fan syn hôvelingen, Berowne, Dumaine en Longaville, in ferbûn wêrby't se allefjouwer in eed ôflizze om 'e folgjende trije jier fan harren libben oan stúdzje te wijen en sa lang net om in frou stykje te sillen. Al rillegau neitiid arrivearret lykwols de prinsesse fan Frankryk mei har trije hofdames oan it Navarreeske hof en binnen de koartste kearen rekket de kening fereale op 'e prinsesse en syn hôvelingen op 'e hofdames.
It haadferhaal wurdt fan dat punt ôf ûnderstipe troch ûnderskate oare komyske ferhaallinen. In mei in frijwat swier aksint pratende Spaanske swurdfjochter, don Adriano de Armado, besiket om it boerefanke Jaquenetta it hof te meitsjen en faalt dêr jammerdearlik by. Hy wurdt holpen troch syn paazje en tsjinwurke troch de doarpsgek Costard. Fierders wurde twa wittenskippers yntrodusearre, Holofernes en sir Nathaniel, dy't yn bargelatyn mei-inoar yn debat geane.
Oan 'e ein fan it toanielstik arrivearret it nijs dat de Frânske kening stoarn is. De prinsesse moat halje-trawalje nei hûs om har heite plak op 'e troan yn te nimmen. De kening fan Navarra en syn hôvelingen swarre dat se de froulju trou bliuwe sille, mar dy twifelje oan harren wurd. Se stelle dat de manlju in jier en in dei wachtsje moatte om te bewizen dat harren leafde oprjocht is. Dat is in hiel apart ein foar in komeedzje fan út dy tiid; men fermoedet dat in ferlern gien toanielstik, dat neamd wurdt troch Francis Meres, Love's Labour's Won, in ferfolch hjirop is.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan Love's Labour's Lost, fan Douwe Kalma, ferskynde yn 1956 as ûnderdiel fan Shakespeare's Wurk Dl. I, ien fan 'e omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, ûnder de titel Leafde's Lêst Net Leanne. Nei't er omstavere en by de tiid brocht wie troch Eric Hoekstra, waard dyseldichste tekst yn 2007 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting, yn ien kaft mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare, In Komeedzje Fol Fersinnen en De Twa Eallju fan Verona, ûnder de titel fan Trije Komeedzjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |