Leo Dijkstra
Lolke Leo Dijkstra (Ljouwert, 1945) is in Frysk kabaretier.
Leo is de skoansoan fan Tetman de Vries en spile tusken 1963-1968 yn Tetman's selskip. Yn 1975 begûn er it eigen Selskip Leo Dykstra dêr't ek syn frou Leny Dijkstra-de Vries, syn sweager Tsjip de Vries en dy syn frou Claudia de Vries yn sieten. Yn it earstoan gie Leo Dijkstra mei dit Fryske beropsselskip troch yn de styl fan syn skoanheit Tetman de Vries. Letter waard it mear en mear krytysk, satirysk kabaret. Leo skreau syn teksten sels, de muzyk kaam benammen fan Cees Bijstra. Leo Dijkstra skreau mear as 15 programma's. It lêste stik 'Doe kaam de maitiid' (2015) skreau Leo mei Rients Gratama. Ek foar Omrop Fryslân har er teksten skreaun, u.o. elke wike 'It liet fan de wike' en Teleboerd (Fryske kursus foar net-Frysktaligen, yn gearwurking mei de Afûk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|