Springe nei ynhâld

Keapfardij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keapfardijskip)
Ferdieling fan 'e wrâldkeapfardijfloat nei flaggesteat.

De keapfardij of ek wol hannelsfeart of hannelsskipfeart is de hannel dy't plakfynt troch skipfeart oer see, mei help fan 'e keapfardijfloat. Yn 2005 waard der op dy wize 7 miljard ton fracht ferfierd tusken 160 ûnderskate lannen. De wrâldkeapfardijfloat bestie yn 2007 út krapoan 35.000 seegeande frachtskippen, mei in laadfermogen fan krapoan 980 miljoen dwt. Yn 2004 wie de keapfardij goed foar in omset fan rom $426 miljard, wat delkaam op likernôch in trêdepart fan 'e totale omset fan 'e maritime yndustry.

It grutte ferskaat oan fracht hat yn 'e keapfardij laat ta de ûntwikkeling fan in soad ferskillende skipstypes. Dêrby kin men tinke oan echte frachtskippen lykas bulkcarriers, containerskippen, roll-on-roll-offskippen ('roroskippen'), kuolskippen en autoskippen, mar ek oan (oalje)tankers (supertankers en mammoettankers ynbegrepen), gastankers en gemikaliëtankers. Ek baggerskippen, skippen foar it ûnderstypjen fan 'e offshore-oaljeyndustry, boarskippen, sleepboaten, passazjiersskippen, cruiseskippen en fearboaten wurde ta de keapfardij rekkene, ek al ferfiere dy gjin ferhannelbere fracht.

De relatyf lytse stiging fan 'e transportkosten yn ferhâlding ta de priis fan it guod dat ferfierd wurdt (dat yn in heale iuw tsien oant tweintich kear sa djoer wurden is), hat yn 'e tweintichste iuw foar in wichtich part bydroegen oan 'e wrâldwide hannelsrevolúsje. Sa makken de transportkosten yn 1960 noch sa'n 30% út fan 'e priis yn Jeropa fan ierdoalje dy't ôfkomstich wie út it Midden-Easten, wylst dat persintaazje tsjintwurdich noch mar 5% bedraacht. Dy ûntjouwing waard yn it foarste plak mooglik makke troch skaalfergrutting. Frijwol alle keapfardijskippen binne hjoed de dei yn eigendom fan grutte rederijen. Oare wichtige eleminten yn it omleechbringen fan 'e transportpriis wie de yntroduksje fan nije technologyen, de oanlis fan bettere havens, de ûntwikkeling fan effisjintere ladingsbehannelings en it farren ûnder in goedkeape flagge.

Der binne foar keapfardijskippen nammentlik kosten ferbûn oan it fieren fan in flagge (d.w.s. it hawwen fan in nasjonaliteit). In soad rederijen litte harren skippen dêrom farre ûnder in sa goedkeap mooglike flagge, sadat hjoed oan 'e dei in hiel soad keapfardijskippen op papier út lannen as Panama en Libearia komme. Panama hat op papier sels de grutste keapfardijfloat fan 'e wrâld. Yn wurklikheid nimt Grikelân lykwols dy posysje yn (mei yn 2015 23,2% fan alle keapfardijskippen op 'e wrâld), wylst Panama net iens yn 'e top 35 foarkomt. De top 10 fan 'e lannen mei de grutste keapfardijfloaten (rekkene nei tonnaazje, net nei oantal) seach der op 1 jannewaris 2007 sa út:

rang lân skippen tonnaazje % fan wrâldfloat
nasjonale flagge bûtenlânske flagge totaal nasjonale flagge bûtenlânske flagge totaal
1 Grikelân 707 2.377 3.038 49.771.000 120.411.000 170.181.000 17,39%
2 Japan 719 2.611 3.330 11.822.000 135.685.000 147.507.000 15,07%
3 Dútslân 403 2.561 2.964 12.843.000 72.200.000 85.043.000 8,69%
4 Sina (Hongkong en Makau net meirekkene) 1.870 1.314 3.184 32.229.000 38.162.000 70.390.000 7,19%
5   Noarwegen 768 1.042 1.810 13.907.000 34.790.000 48.697.000 4,98%
6 de Feriene Steaten 847 919 1.766 22.705.000 25.555.000 48.261.000 4,93%
7 Hongkong 296 393 689 19.180.000 25.873.000 45.053.000 4,60%
8 Súd-Koreä 662 379 1.041 14.486.000 17.802.000 32.287.000 3,30%
9 it Feriene Keninkryk 375 480 855 9.504.000 17.252.000 26.757.000 2,73%
10 Singapoer 499 295 794 14.887.000 10.836.000 25.723.000 2,63%
21 Nederlân 501 238 739 4.338.000 4.407.000 8.745.000 0,89%
wrâldtotaal 16.407 18.415 34.822 329.259.000 649.298.000 978.557.000 100,00%

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.