Springe nei ynhâld

Karrekyt

Ut Wikipedy
Karrekyt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje reidsjongerfûgels (Acrocephalidae)
skaai reidsjongers (Acrocephalus)
soarte
Acrocephalus scirpaceus
Hermann, 1804
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trochtrekker
     wintergast
     stânfûgel

De karrekyt (Acrocephalus scirpaceus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e reidsjongerfûgels (Acrocephalidae). De karrekyt hat in soad fan it wylgesyske.

De karrekyt is mar 13 sm lang en hat foar it measte in brún fearrekleed fan ljochte tinten oan 'e ûnderkant en wat donkerder tinten oan 'e boppekant. De wjukken hawwe in ljochte, readbrune tint. Der is yn 'e soarte gjin seksuele dimorfy.

It ferskaat oan iten is grut en bestiet út ynsekten, larven en oare wringeleaze dierkes. In lytser diel bestiet út siedsjes en plantedielen.

Karrekyt dy in koekoekjong fuorret.

It nêst fan 'e karrekyt is in keunstich flochten kuorke fan planten tusken it reid. Om't oan 'e planten modder sit dy't stadich opdrûget, wurket dat as in soarte fan semint, sadat it nêst goed oant it reid ferankere is. De râne wurdt yn 'e regel mei spinreach beklaaid en ek brûkt de karrekyt reidplommen foar de ôfwurking fan it nêst.

Yn tsien oant tolve dagen briedt de karrekyt trije oant fiif aaikes út. De jongen wurde troch beide âlden fuorre en nei 10 oant 14 dagen rêde se harren sels. De karrekyt is faak slachtoffer fan 'e koekoek, dy't syn aai yn it nêst fan 'e karrekyt leit, sadat de karrekyt syn eigen jongen ferliest. De karrekyt bringt de jonge koekoek grut lykas as it syn eigen is.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e simmer komt de karrekyt útsein yn Ierlân en it noarden fan Skandinaavje fierder hast yn hiel Europa foar. De fûgel libbet yn reidsompen. Wat mear reid, wat mear karrekiten en by in grut areaal sitte se ek yn koloanjes.[1] Grutte konsintraasjes fan 'e fûgel binne yn Fryslân yn 'e Lauwersmar, de Alde Feanen en de Makkumerwaarden. Yn 'e winter sitte de measte Nederlânske karrekiten yn 'e mangrovebosken fan 'e West-Afrikaanske kunst, fan Senegal oant Guinee-Bissau. Fan in relaasje mei de delslach yn 'e Sahel lykas by de reidsjonger is gjin sprake.[2]

Der binne tsien ûndersoarten fan 'e fûgel:

Nest mei jonge karrekiten

De karrekyt komt algemien as briedfûgel foar yn it reid oan wetter. In reidfjild hoecht net grut te wêzen en de fûgel is al gau tefreden mei in pear kant meter oan reid. Dêrfandinne komt de fûgel op in soad plakken foar en ek yn fivers en wetterpartijen mei wat reid yn stêden. Sûnt 1960 binne de oantallen tanommen, mar nei 1990 is der gjin grutte feroaring mear.

Neffens SOVON wiene der yn Nederlân yn 2018-2020 neffens rûzing 160.000-280.000 briedpearkes fan 'e fûgel, yn Fryslân wurdt it tal op 19.040-33.320 rûsd, dat is sa'n 12% fan it Nederlânske totaal.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Keizerspecht (ferzje fan 29 desimber 2023)