Springe nei ynhâld

Kaapske kjifstikelbaarch

Ut Wikipedy
Kaapske kjifstikelbaarch
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae)
skaai echte kjifstikelbargen (Hystrix)
soarte
Hystrix africaeaustralis
Peters, 1852
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Kaapske kjifstikelbaarch of Súdafrikaanske kjifstikelbaarch (Latynske namme: Hystrix africaeaustralis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae) en it skaai fan 'e echte kjifstikelbargen (Hystrix), dat foarkomt yn hiel Súdlik Afrika. Dit bist is nau besibbe oan 'e bekendere gewoane kjifstikelbaarch (Hystrix cristata) en waard yn 1852 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske biolooch Wilhelm Peters. Der binne op 't heden gjin wittenskiplik erkende ûndersoarten.

Kaapske kjifstikelbargen komme foar yn hiel Súdlik Afrika, en de noardgrins fan har ferspriedingsgebiet leit sels al in aardich ein yn Sintraal-Afrika op. Dy grins rint fan 'e Atlantyske kust fan 'e Republyk Kongo fia it binnenlân fan 'e Demokratyske Republyk Kongo mei in grutte slingerbocht troch Uganda en Kenia hinne, boppe de Fiktoariamar lâns, en eastlik dêrfan wer nei it suden, om yn Tanzania oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan te einigjen. Yn East-Afrika oerlapet it areaal fan 'e Kaapske kjifstikelbaarch dat fan 'e gewoane kjifstikelbaarch.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kaapske kjifstikelbaarch hat trochinoar in kop-romplingte fan 63-81 sm, mei in sturtlingte fan 11-20 sm en in gewicht fan 10-24 kg. Dêrmei is it it grutste kjifstikelbaarchdier fan 'e wrâld, en justjes grutter as syn famyljelid, de gewoane kjifstikelbaarch. De ferskillen tusken mantsjes en wyfkes oangeande grutte en gewicht meie eins gjin namme hawwe. Behalven trochdat se in bytsje grutter binne, kinne Kaapske kjifstikelbargen ek fan gewoane kjifstikelbargen ûnderskaat wurde trochdat se in bân fan koarte, wite stikels oer de midden fan 'e fangen rinnen hawwe.

Kaapske kjifstikelbargen binne stevich boude bisten, mei boarstelich dûnkerbrún hier, dat boppe-op 'e kop ljochter útskaait, faak oan it wite ta. Fierders hawwe se koarteftige poaten, in ûnopfallende, koarte sturt, en relatyf lytse eagen en earen. Se hawwe koarte, beweechlike snorhierren en grutte klauwen oan 'e poaten. De efterpoaten hawwe fiif teannen, en de foarpoaten fjouwer. Har meast opfallende lichemsskaaimerk wurdt fansels foarme troch de lange stikels, dy't de rêch en de fangen oerdekke en dy't yn gefal fan gefaar rjochtop set wurde, yn in soarte fan waaierfoarm, om it bist grutter lykje te litten. As sok fertoan net helpt om in fijân op oare gedachten te bringen, sil in kjifstikelbaarch in beklingse útfal dwaan om it rôfdier mei syn stikels te stekken. De stikels binne yn 'e breedterjochting swartich en witich streke, en sitte frij los, sadat se maklik yn wûnen stykjen bliuwe.

In Kaapske kjifstikelbaarch.

Kaapske kjifstikelbargen libje yn in grut ferskaat oan biotopen, hoewol't se tichte tropyske reinwâlden en de drûchste woastinen mar amper oanwêzich binne, wylst se yn somplân alhielendal ûntbrekke. Se komme foar fan seenivo oant op in hichte fan 2.000 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kaapske kjifstikelbaarch is in nachtdier, dat benammen plantaardich guod fret, lykas fruchten, woartels, bollen en beambast. Soms frette se ek wol ies of kôgje se op âlde bonken om, mooglik om kalsium binnen te krijen of om har kjiftosken te skerpjen. Kaapske kjifstikelbargen binne monogame bisten, dy't yn 'e regel by pearkes libje (mar allinnich foerazjearje) en tegearre foar har jongen soargje. Elts pear har ornaris wol oant seis ferskillende ûndergrûnske hoalen, en beide geslachten markearje en ferdigenje har dielde territoarium. De grutte fan sa'n territoarium hinget ôf fan 'e beskikberens fan fretten, mar omfiemet yn 'e regel tusken 65 en 200 ha.

In beam fan syn bast ûntdien troch in Kaapske kjifstikelbaarch.

Kaapske kjifstikelbargen hawwe gjin fêste peartiid, al wurde de measte jongen yn it reinseizoen berne, tusken augustus en maart. De wyfkes smite mar ien nêst jongen jiers, of it moat wêze dat har earste nêst alhiel ferlern gien is. De draachtiid duorret likernôch 94 dagen, wêrnei't 1-3 jongen te wrâld komme, dy't mei 100 dagen ôfwûn wurde en oan 'e ein fan har earste jier folwoeksenens en geslachtsripens berikke. Yn ferhâlding ta oare kjifdieren libje Kaapske kjifstikelbargen tige lang: trochinoar 10 jier yn it wyld en oant wol 20 jier yn finzenskip.

De Kaapske kjifstikelbaarch hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dit bist wurdt yn in grut diel fan syn ferspriedingsgebiet beskôge as in delikatesse, en dêrom ek troch minsken wol bejage. Om't se soms lânbougewaaksen oanfrette en beammen skansearje troch se fan har bast te ûntdwaan, wurde Kaapske kjifstikelbargen troch boeren faak beskôge as skealik ûngedierte. Fan natuere, lykwols, spilet har oanfretten fan beammen wierskynlik in wichtige rol by it behâld fan it savanne-ekosysteem, troch foar te kommen dat it iepen lân oerwoekere rekket mei bosk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.